Remake

In remake is in term út 'e filmyndustry foar in nije ferzje fan in al earder makke film, of foar in filmferzje fan in âlde tillefyzjesearje. Minder faak wurdt it brûkt yn tillefyzjefermiddens, dêr't der in nije searje mei bedoeld wurdt op basis fan in âldenien. Soms tsjut men ek in nije ferzje fan in besteand kompjûter- of fideospultsje sa oan. In foarbyld út 'e filmyndustry is The Thomas Crown Affair, in film út 1999 mei yn 'e haadrollen Pierce Brosnan en Rene Russo, dat in remake wie fan 'e film mei deselde namme út 1968, mei yn 'e haadrollen Steve McQueen en Faye Dunaway. In foarbyld fan 'e tillefyzje is de science fiction-rige Battlestar Galactica, wêrfan't de oarspronklike ferzje út 1978 datearret, mar wêrfan't yn 2004 in remake makke waard.

Remakes hawwe yn prinsipe deselde haadpersoanen en globaal deselde ferhaallinen as it orizjineel, mar de plot as gehiel wurdt faak wat by de tiid brocht. In film dy't identyk deselde sênes omfiemet as it orizjineel wurdt in shot-for-shot remake neamd. In foarbyld dêrfan is de kleurefilm Psycho fan Gus Van Sant, út 1998, dy't út frijwol persiis deselde sênes opboud is as de orizjinele swart-wytfilm Psycho fan Alfred Hitchcock, út 1960. Der bestiet trouwens gjin wet fan Meden en Perzen dat remakes beslist deselde namme hawwe moatte as it orizjineel. Sa wie de James Bond-film Never Say Never Again, út 1983, in remake fan Thunderball, út 1965.

Behalven dat it orizjineel efter de tiid rekke is, of dat de regisseur in oade of earbetoan oan in idoal út syn jonkheid bringe wol, is in oare wichtige reden om in remake te meitsjen faak dat it orizjineel yn in oare taal makke is. Om't fral it Amerikaanske publyk it foar it meastepart ferpoft om nei in film mei ûndertitels of neisyngronisearring te sjen, wurdt fan súksesfolle net-Ingelsktalige films (of sels fan films wêryn't mei in Britsk-Ingelsk aksint sprutsen wurdt) faak in Amerikaanske remake makke. Sa is The Vanishing, út 1993, in Amerikaanske remake fan 'e Nederlânske film Spoorloos (op basis fan it boek Het Gouden Ei, fan Tim Krabbé). Ek yn Yndia wurdt fan bûtenlânske films gauris in remake makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!