Burnaby is in foarstêd fan it gruttere Vancouver en leit likernôch yn 'e midden fan it regionaaldistriktMetro Vancouver. Dêrom is it bestjoer fan dat gebiet ek yn Burnaby fêstige. De stêd beslacht in oerflak fan 98,6 km², wêrfan't 90,6 km² út lân bestiet en 8 km² út oerflaktewetter. De hichte rint útinoar fan seenivo oant 370 m boppe seenivo. Burnaby hat fjouwer sintra dy't tige tichtbefolke binne, de saneamde "town centres": Lougheed, Edmonds, Metrotown en Brentwood. Fan alle grûngebiet fan Burnaby bestiet 25% út parken en oar ûnbeboud lân, wat ien fan 'e heechste persintaazjes is fan alle stêden yn Noard-Amearika.
De kolonisaasje sette yn 1858 útein mei de Goudkoarts fan 'e Fraser Canyon, dy't mear as 30.000 blankegoudsikers nei it gebiet brocht. Mei't dêrûnder withoefolle Amerikanen wiene, begûnen de Britten in Amerikaanske anneksaasje fan 'e krite te eangjen. Om dat foar te wêzen, waard yn 1858 de Koloanje Britsk-Kolumbia oprjochte, dy't syn haadstêd yn New Westminster hie, fuort súdeastlik fan wêr't Burnaby no leit. Yn Burnaby koene kolonisten oan lân komme troch in proses dat "pre-empsje" hiet. Dêrby kappe men in stik bosk, boude der in blokhutte en sette jin dêr nei wenjen, wêrnei't men it lân as eigen besit fêstlizze koe. Yndianen wiene fan "pre-empsje" útsletten. Ynstee waarden dyselden troch Britske troepen fan harren lân op it Burrardskiereilân ferdreaun, wêrnei't de útstrutsen wâlden yn it súdlike diel fan it skiereilân troch de nije bewenners foar grou jild kappe waarden.
Yn 1859 waard de mar yn it sintrum fan wat no Burnaby is, yn kaart brocht troch de Britske kolonelRichard Moody. Dyselde neamde it de Burnabymar, nei de ûntdekkingsreizgerRobert Burnaby. Oan 'e mar ûntliende letter de stêd syn namme. Burnaby waard as plak stifte yn 1891 en waard yn 1892 in gemeente. Mei't it op fruchtber lân lei tusken de úttynjende stedssintra fan New Westminster en Vancouver yn, setten har der almar mear minsken nei wenjen. Mei Richmond en de stêd North Vancouver waard Burnaby ien 'e earsterangs foarstêden fan Vancouver, dy't it eigentlike Vancouver omsleaten. Mids tweintichste iuw naam de befolkingsgroei fan Burnaby hân oer hân ta. Fan 1962 ôf krige it stadichoan almar mear it oansjen fan in stêd. Yn 1992, mear as hûndert jier nei syn stifting, krige Burnaby stedsrjochten.
Burnaby hat in seeklimaat, mei mylde simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatueroerdeis 21,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 5,1 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 1.921 mmdelslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 89,3 smsnie. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat it waarstasjon dêr't dizze wearden metten binne, op it heechste punt fan 'e stêd leit, sadat it meastepart fan Burnaby it jier yn 't rûn justjes hegere temperatueren en winterdeis minder snie hat.