Mei't de Dútsers as "farwolgeskink" de fjildtillefoanlinen fan it Britske Leger trochsnien hawwe, kin generaal Erinmore net al syn ûnderbefelhawwers berikke om harren op 'e hichte te stellen fan 'e Dútske falstrik. It 1.600 man tellende 2e Bataljon fan it Devonshire Rezjimint sil de oare moarns ier oanfalle. Erinmore wol dat Blake en Schofield skriftlike oarders fan him oerbringe oan 'e befelfierder fan dy ienheid, luitenant-kolonel Mackenzie. Om 'e posysjes fan it Devonshire Rezjimint op 'e tiid te berikken, moatte se troch gebiet dat oant hiel resint yn 'e hannen fan 'e fijân wie, dat it is in gefaarlik putsje. Blake is mei opsetsin útkeazen om't syn âldere broer Joe in luitenant yn it Devonshire Rezjimint is, sadat hy alle motivaasje hawwe sil om derfoar te soargjen dat de oarders fan generaal Erinmore op 'e tiid by luitenant-kolonel Mackenzie arrivearje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Blake en Schofield bejouwe har troch de grimelgrammel fan Britske rinfuorgen nei in plak dêr't se it nimmenslân yn 'e midden oerstekke kinne nei de rinfuorgen dy't oant koartby de Dútske frontliny foarmen. It nimmenslân is in platbombardearre, fan rotten optillende drekflakte fan 300 m breed, dy't fol leit mei de heal fergieneliken fan by eardere oanfallen omkommen Britske en Dútske soldaten. It gebiet wurdt fierder ûnbegeanber makke troch fertize stikeltrie en djippe, fol mei wetter steande bomkraters mei sokke steile kanten dat der net út te klimmen falt. As Blake en Schofield ienris de Dútske rinfuorgen berikke, blike dy yndie ferlitten te wêzen. Op 'e siik nei in trochgong by it front wei bedarje de beide mannen yn in ûndergrûnske barak, dêr't de Dútsers in falstrik mei in stroffeltrie oan in bom efterlitten hawwe, dy't prompt ôfgiet troch tadwaan fan in grouwe rôt. De resultearjende ûntploffing docht Schofield op in hier nei de dea, mar Blake graaft him út, wêrnei't er him halje-trawalje nei bûten ta liedt foar't de hiele ûndergrûnske barak ynstoart.
Efter de Dútske frontliny komme de beide korporaals by in Frânsk boerespultsje, dat blykber troch de Dútsers beset wie, mar no like ferlitten is as de rinfuorgen. It iennichste libbene wêzen dêrsanne is in ko, dy't de Dútsers blykber holden foar de molke; Schofield ûntdekt in amer dy't fol molke stiet, en follet syn fjildflesse dêrmei. Fuort letter wurde hy en Blake in loftgefjocht gewaar tusken twa Alliëardedûbeldekkers en in Dútskenien. De Dútser wurdt rekke en stoart del boppe-op 'e skuorre fan it boerespultsje. Blake en Schofield helpe de piloat út syn brânende tastel, mar wannear't Blake Schofield om wetter foar de ferwûne man stjoert, stekt de Dútser him mei in grouwe knyft yn it weak fan 't liif. Schofield sjit de piloat dea, mar is te let om Blake noch te helpen. Wylst syn maat yn it stjerren leit, besiket Schofield him te treastgjen. Hy ûnthjit dat er meitsje sil dat de oarders fan generaal Erinmore op har bestimming oankomme sille, sadat Blake syn broer fan in wisse dea rêden wurdt. Ek seit er ta dat er in brief skriuwe sil oan Blake syn mem. Nei't syn maat stoarn is, nimt Schofield ien fan syn identifikaasjeplaatsjes, syn ringen en de oarders fan generaal Erinmore mei.
Kaptein Smith, in ofsier fan in passearjende Britske ienheid dy't him ek efter de Dútske frontlinys bejûn hat, jout Schofield in lift yn ien fan 'e legerfrachtweinen. As in pear oeren letter de brêge oer in kanaal opblaasd blykt te wêzen, en de ienheid dêrom in grutte omwei meitsje moat, seit Schofield harren farwol. Hy stekt de stikkene brêge oer, wêrby't er besketten wurdt troch in efterbleaune Dútske slûpskutter. Schofield wit nei in skottewikseling it gebou te berikken dêr't de slûpskutter him ferskûle hat, mar as er de doar fan it betreffende fertrek iependocht, sjitte hy en de slûpskutter tagelyk. De slûpskutter wurdt deadlik rekke, wylst Schofield sels de kûgel op 'e helm kriget en bewusteleas rekket.
As er wer by besleur komt, is it tsjuster. Schofield ferlit it gebou en siket by it skynsel fan ljochtkûgels, dy't troch de fijân ôfsketten wurde, syn paad troch de ruïnes fan it Frânske stedsje Écoust-Saint-Mein. As er troch in Dútske soldaat opmurken en efterfolge wurdt, ûntkomt er troch beskûl te sykjen yn it sûterrên fan ien fan 'e huzen. Dêr ûntdekt er dat er by tafal yn it skûlplak bedarre is fan in jonge Fransêze dy't har dêr foar de Dútsers ferberget mei in fûne poppe dy't net har eigen is. Hja fersoarget it skampskot dat Schofield oan 'e efterholle oprûn hat doe't er earder bewusteleas by de treppen deltrûdele. As er foar it ferstân kriget dat de frou gjin iten hat, jout er har alle ynblikkefiktaalje dy't er by him hat. Sy jout him lykwols te kennen dat se ferlet hat fan lait (molke) foar de poppe. Dêrop presintearret Schofield har triomfantlik syn fjildflesse mei molke. Om't de dage hast oan 'e loft is, stiet de frou der by him op oan om yn it sûterrên te bliuwen oant it wer tsjuster wurdt, mar nei't er deunby it slaan fan in tsjerkeklok heart, beseft Schofield dat er opsjitte moat as er de oarders fan generaal Erinmore noch op 'e tiid besoargje wol, dat hy negearret har smeekbeaen en set wer ôf.
Fan 'e frou is Schofield te witten kommen dat er de rivier fine moat en dy streamôf folgje oant er tusken beammen troch komt. Op 'e siik nei de rivier treft er op 'e nij inkele Dútske soldaten. Ien fan harren wurdt er oermânsk en smoart er, mar de oare komt him efternei as er útnaait. Efterfolge en besketten berikt Schofield úteinlik de rivier. Hy ûntkomt troch yn it wetter te springen en himsels troch de sterke streaming meiskuorre te litten. Hy wurdt troch streamfersnellings en oer in wetterfal spield, ear't er úteinlik heal ferdronken yn kalmer wetter bedarret. Wylst er him fêstklampet oan in tûke merkt er op in stuit dat der kersebluossems om him hinne deldwarrelje. Dat bringt him Blake wer yn 't sin, waans mem in lyts hôf mei kersebeammen hat dêr't Blake earder op 'e reis oer ferteld hat. By in beamstamme dy't oerdwers oer de rivier leit, wrakselet Schofield himsels tusken de dêr oanspielde liken fan Dútske en Alliëarde soldaten troch nei de igge ta.
Schofield doarmet troch in bosk, dêr't er in ôfdieling Britske soldaten fynt. It is no ljochtskyndei, en hy ferkeart yn 'e ûnderstelling dat er faald hat. As er lykwols fan 'e soldaten heart dat se by D Kompanjy fan it 2de Bataljon fan it Devonshire Rezjimint hearre, en dat se noch net mei de oanfal úteinset binne om't dy yn twa weagen útfierd wurdt, mei D Kompanjy yn 'e twadde weach, beseft er dat er alteast in diel fan it bataljon noch rêde kin. Wylst D Kompanjy oerein komt en de rinfuorgen yn giet om te risselwearjen foar de twadde weach, docht Schofield in lêste krêftsynspanning om luitenant-kolonel Mackenzie te berikken. Op in stuit beseft er dat de rinfuorgen te fol sitte mei soldaten en dat hy op dizze manear nea op 'e tiid it haadkertier fan it bataljon berikke sil. Dat, hy klimt derút en draaft der foarlâns, lykstrekich mei de rinfuorge op, krekt as de earste weach fan it 2e Bataljon de oanfal ynset. By it haadkertier oankommen, brekt er troch it ferset hinne fan in pear soldaten dy't him dêrwei hâlde wolle, wêrnei't er yn it bywêzen fan tsjûgen (sa't kaptein Smith him oanrikkemandearre hie) de oarders fan generaal Erinmore oerlanget oan luitenant-kolonel Mackenzie. Dyselde lêst se mei tsjinnichheid, mar jout dan befel om 'e oanfal ôf te brekken.
Neitiid begjint Schofield in syktocht nei Blake syn broer Joe, dy't as luitenant it befel fierde oer de soldaten fan 'e earste weach. Krekt as er de hoop opjaan wol dat er de man ea noch fine sil, wurdt er him gewaar: hy sit ûnder it bloed fan 'e ferwûnen dy't er holpen hat te dragen, mar hat sels gjin skramke oprûn. Schofield fertelt him oer de misje en jout him it tryste nijs fan 'e dea fan syn broer Tom, en langet Tom syn identifikaasjeplaatsje en ringen oer. Luitenant Blake sit der raar ta as er foar it ferstân kriget dat syn jongere broer wei is, mar hy betanket Schofield foar alles. Schofield freget syn tastimming om oan Tom syn lêste winsk te foldwaan en in brief oan harren mem te skriuwen, en Blake stimt dêrmei yn. Alhiel te'n ein lit Schofield him dêrnei ûnder in beam op 'e grûn sakje, wêrnei't er in stikmannich foto's fan syn famylje út 'e bûse hellet om te besjen. Op 'e efterkant fan ien dêrfan stiet skreaun: "Kom by ús werom".
Der bestiene doe noch sa goed as gjin allochtoaneminderheden yn it Feriene Keninkryk, dus it kaam net foar dat swarten of Sikhs yn Ingelske rezjiminten tsjinnen. Wol fochten der yn it Britske Leger swarten mei út 'e koloanjes yn Afrika en West-Ynje, mar dy tsjinnen yn harren eigen koloniale rezjiminten, dêr't dan wer gjin blanken te finen wiene, útsein de Britske ofsieren dy't oer dy rezjiminten it befel fierden. Sikhs fochten ek mei, mar allinne yn it Britsk-Yndysk Leger (ferlykber mei it NederlânskeKNIL), en net yn it Britske Leger. Tsjin ein 1915 wiene alle ûnderdielen fan it Britsk-Yndysk Leger weromlutsen fan it Westfront om ynstee nei it Middeneastlik Front stjoerd te wurden, dêr't se yn 1917 ferwikkele wiene yn 'e Sinaï- en Palestinakampanje en de Mesopotamyske Kampanje. Dêr fochten ek de 15.000 man fan it Britsk-Westyndysk Rezjimint.
Fierders wie de kriichshistoarikus Jeremy Banning kritysk oer de militêre taktyk sa't dy yn 1917 ôfskildere wurdt. Yn in fraachpetear dêroer seid er: "It slacht nearne op om, sa't de film wol, guon bataljons njoggen myl efter de eardere Dútske liny te hawwen, wylst oaren skynber net witte oft dy liny noch bemanne wurdt […]. Wat de bestoarming [fan 'e posysje fan 'e fijân] troch it Devonshire Rezjimint oanbelanget, gjin inkele ienheid soe ea oanfalle sûnder adekwate stipe fan 'e artillery."
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige 1917 oer it algemien positive resinsjes. Ferskate resinsinten rôpen it sels út ta bêste film fan it jier, lykas Kate Erbland fan IndieWire en Sheri Lynden fan The Hollywood Reporter. Yn 'e Hindustan Times skreau Rohan Naahar: "Ik kin my der amper in foarstelling fan meitsje hokfoar effekt 1917 hawwe sil op publyk dat net bekend is mei de techniken dy't Sam Mendes en Roger Deakins op harren loslitte sille."
Justin Chang fan 'e AmerikaanskeradiostjoerderNPR wie minder posityf. Hy joech ta dat de montaazje fan 'e film in "sinnebegûcheljende technyske prestaaasje" wie, mar fûn him as gehiel net botte bysûnder. Boppedat koe neffens him de styl fan Mendes, dy't de yndruk ôfjout fan ien oaniensletten shot, "like ôfliedend as meislepend" wêze. Yn The New York Times moast Manohla Dargis hielendal neat fan 1917 hawwe, dat se kwalifisearre as "in soarchfâldich organisearre en behimmele oarlochsfilm […] dy't ien fan 'e meast katastrofale perioaden út 'e moderne tiid feroaret yn in oefening yn pronksuchtich fertoan."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat 1917 in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 460 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De film is oangripend en meislepend en in ymposante technyske prestaasje, en wit de rinfuorgestriid fan 'e Earste Wrâldoarloch mei rouwe, kjelmeitsjende direktheid te fangen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 1917 in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 57 resinsjes.
By de Satellite Awards waard 1917 nominearre foar 8 prizen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur yn in dramafilm (George MacKay), bêste filmmuzyk, bêste lûd, bêste filmmontaazje en bêste artdirection en produksje-ûntwerp. De film wûn de Satellite Award foar bêste kamerarezjy. By de Saturn Awards waard 1917 nominearre foar de prizen foar bêste aksje- of aventoerefilm en bêste filmmuzyk. De film waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media en de AustralyskeAACTA International Award foar bêste rezjy. By de Critics' Choice Awards, ta einbeslút, waard 1917 nominearre foar bêste film, bêste aksjefilm, bêste filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects, en wûn de film de prizen foar bêste regisseur, bêste kameraregisseur en bêste filmmontaazje.
Work from HomeSingel oleh Fifth Harmony featuring Ty Dolla Signdari album 7/27Dirilis26 Februari 2016Direkam2015Studio The Northership (Los Angeles) Windmark Recording (Santa Monica, California) The Hide Out Studios (London) Genre Pop R&B[1] Durasi3:34Label Epic Syco Sony Pencipta Daniel Bedingfield Joshua Coleman Dallas Koehlke Jude Demorest Tyrone Griffin Jr. Alexander Izquierdo Brian Lee Larry Wells Jr. Produser Ammo DallasK Kronologi singel Fifth Harmony I'm in Love with ...
De tempel van Seti Abydos Koningslijst De zogenaamde 'helikopterhiëroglyfen' in de tempel van Seti, die zouden lijken op een helikopter, duikboot en zeppelin of vliegtuig, maar een palimpsest-achtig effect zouden zijn van overlappende teksten: eerdere hiëroglyfen werden met pleister opgevuld om een nieuwe tekst te vormen, maar erodeerden later deels. De tempel van Seti I in Egypte is een van de best bewaarde monumenten uit het Oude Egypte. De tempel ligt in Abydos. Het is een Huis van Miljo...
Віганднімецьке прізвищеФонетичні алгоритми (англ.)Жіноча форма ВігандПоходить від ВігандтПоширене м. Мерефа на ХарківщиніКількість носіїв 9 в Україні[1] Пошук сторінок які починаються з містять у Вікіданих • :посилання: Віганд — це німецьке прізвище, ім'я та наз
In biostatistics, proportion of true positive and true negative results This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Positive and negative predictive values – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (March 2012) (Learn how and when to remove this template message) Positive and negative predictive valu...
Sebuah bus Trans Metro Bandung Koridor 4 di Tegalega. Penurunan kualitas layanan Trans Metro Bandung (TMB), contohnya mesin tiket dan halte setingkat bus yang tidak lagi berfungsi,[1] merupakan salah satu karakteristik BRT palsu. Bus raya terpadu palsu merupakan fenomena kegagalan sistem bus raya terpadu (BRT) untuk memenuhi beberapa persyaratan BRT sejati akibat ketiadaan atau penghapusan fitur-fitur BRT yang dimilikinya. Layanan bus seperti ini seringkali dipasarkan sebagai sistem b...
Die Geschichte der Royal Navy umfasst die Entwicklung der britischen Seestreitkräfte von den Vorläufern der Royal Navy im Mittelalter bis zur Gegenwart. Für den Beginn der Royal Navy lässt sich kein Gründungsdatum oder konkretes historisches Datum angeben. Ihre Ursprünge sind vielmehr in den kleinen Flotten zu suchen, welche die schottischen und englischen sowie später britischen Könige während des Mittelalters nach Bedarf zusammenstellten, um äußere Feinde abzuwehren. Diese Flotte...
This article lacks inline citations besides NRIS, a database which provides minimal and sometimes ambiguous information. Please help ensure the accuracy of the information in this article by providing inline citations to additional reliable sources. (January 2014) (Learn how and when to remove this template message) United States historic placeMelbourne Beach PierU.S. National Register of Historic Places Show map of FloridaShow map of the United StatesLocationMelbourne Beach, FloridaCoordinat...
Belgian fencer Jacqueline AppartPersonal informationBorn(1931-11-05)5 November 1931Charleroi, BelgiumSportSportFencing Jacqueline Appart (born 5 November 1931) is a Belgian fencer. She competed in the women's individual foil event at the 1960 Summer Olympics.[1] References ^ Jacqueline Appart Olympic Results. sports-reference.com. Archived from the original on 3 November 2012. Retrieved 24 October 2010. External links Jacqueline Appart at Olympedia This biographical article related to...
Free-standing concrete telecommunications tower in Baku, Azerbaijan Baku TV TowerGeneral informationTypeTV broadcastLocationBaku, AzerbaijanCoordinates40°21′5″N 49°49′24″E / 40.35139°N 49.82333°E / 40.35139; 49.82333Completed1996HeightRoof310 m (1017 ft) The Baku TV Tower (Azerbaijani: Televiziya Qülləsi), built in 1996, is a free standing concrete telecommunications tower in Baku, Azerbaijan. With a height of 310 metres (1017 ft or 480 meters from C...
American fantasy, horror, and SF writer (1910–1992) This article is about the speculative fiction writer. For his father, see Fritz Leiber (actor). Fritz LeiberLeiber in 1977BornFritz Reuter Leiber Jr.(1910-12-24)December 24, 1910Chicago, Illinois, U.S.DiedSeptember 5, 1992(1992-09-05) (aged 81)San Francisco, California, U.S.OccupationWriterPeriod1934–1992[a]GenreFantasy, horror, science fictionNotable worksFafhrd and the Gray Mouser series, The Big TimeSpouse Jonquil Stephen...
Branko Ivanković Branko Ivanković [ˈbraːnkɔ ˈiʋaːnkoʋitɕ] (* 28. Februar 1954 in Čakovec) ist ein kroatischer Fußballtrainer. Zwischen 1991 und 1995 trainierte Ivanković den NK Varteks. Im folgenden Jahr wechselte er zum NK Segesta in Sisak. Das Jahr darauf wechselte Ivanković schon wieder den Verein, womit er im Jahre 1996/97 beim NK Rijeka als Trainer fungierte. Ivanković sammelte seine ersten internationalen Erfahrungen als Assistenztrainer von Ćiro Blažević, der die kroa...
Ini adalah nama Korea; marganya adalah Lee. Lee Ho-yangInformasi latar belakangNama lainShinsadong TigerShinsadong Horaengi[1]S. TigerLahir3 Juni 1983 (umur 40)Pohang, Gyeongsang UtaraAsalKorea SelatanGenreK-Pop, dance-pop, electropopTahun aktif2001 (2001)–sekarangLabelCollabodadiCube EntertainmentRainbow Bridge WorldWellmade YedangArtis terkaitBEAST, T-ara, 4Minute, Apink, SECRET, Choi Kyu-sung, Lee Sang-ho, SPEED, Fiestar, EXID, Dal Shabet Lee Ho-yang (bahasa Korea: ...
Government of Chiayi City, Taiwan Chiayi City Government嘉義市政府Emblem of Chiayi City GovernmentChiayi City HallAgency overviewFormed1 July 1982JurisdictionChiayi CityHeadquartersNo.199, ZhongShan Road, East, Chiayi City, Taiwan Province, Republic of China.Agency executiveHuang Min-hui, MayorChild agencies14 Subordinate Departments 6 Bureaus 2 Second-Level Agencies 2 District Offices 2 Affiliated Departments 3 Municipal EnterprisesWebsiteOfficial website Huang Min-hui, the incumbent Ma...
Public university in Burundi University of BurundiUniversité du Burundi (UB)Former nameOfficial University of Bujumbura (1964–77)MottoLe Grenier du Savoir(lit. 'The Breadbasket of Knowledge')TypePublic universityEstablished1964 (1964)RectorGaspard BanyankimbonaStudents13,000 (2017)AddressB.P. 1550, Bujumbura, Burundi3°22′44″S 29°23′04″E / 3.37889°S 29.38444°E / -3.37889; 29.38444Websitewww.ub.edu.biLocation in Burundi The University of Bur...
أليكساندر كليمنت (بالفرنسية: Alexandre Clément) معلومات شخصية الميلاد 23 مارس 1975 (العمر 48 سنة) الطول 1.93 م (6 قدم 4 بوصة) مركز اللعب مدافع الجنسية فرنسا المسيرة الاحترافية1 سنوات فريق م. (هـ.) 1993–1996 ميتز 54 (6) 1996–1999 أميان 50 (0) 1999–2002 بوفيه 77 (5) 2002–2004 كاين 46 (3) 2004–2005 أميان 18 (1) ...
American politician (born 1961) For other people named Robert Wexler, see Robert Wexler (disambiguation). This biography of a living person needs additional citations for verification. Please help by adding reliable sources. Contentious material about living persons that is unsourced or poorly sourced must be removed immediately from the article and its talk page, especially if potentially libelous.Find sources: Robert Wexler – news · newspapers · books · sc...
ابو نواس معلومات شخصيه الميلاد سنة 756[1] اهواز[2][3]، والبصره[4] الوفاة سنة 814 (57–58 سنة)[5][6] بغداد[2][4] مواطنه العباسيين الحياه العمليه المهنه شاعر[2][4][7][1]، وكاتب[8] اللغات المحكيه او المكتوبه ...
اضغط هنا للاطلاع على كيفية قراءة التصنيف بق الفراش Cimex lectularius المرتبة التصنيفية نوع التصنيف العلمي المملكة: الحيوانات الشعبة: مفصليات الأرجل الطائفة: الحشرات الرتبة: غشائيات الأجنحة الرتيبة: متباينات الأجنحة الفصيلة: Cimicidae الاسم العلمي Cimex lectularius[1] كارولوس لينيو...