Hawkins begûn by de eksperimintele band Sylvia en wie yn 1994 drummer yn de begeliedingsband fan Sass Jordan ûnder har Europeeske toernee. By it lêste optreden yn Hollywood learde er Alanis Morissette kinnen, fan 1995 oant maart 1997 wie er drummer by Morrisette's begeliedinngsband Sexual Chocolate, hy wie ek te sjen yn in tal fideoclips fan Alanis Morissette.
Begjin 1997 krige Hawkins in tillefoantsje fan Dave Grohl mei de fraach of't er in drummer wist foar syn band Foo Fighters om
't se krekt harren drummer William Goldsmith ûntslein hiene. Taylor bea himsels oan en sadwaande waard hy de nije drummer fan de Foo Fighters. Hawkins wie foar it earst te sjen as drummer fan de band yn de fideoclip fan it nûmer Monkey Wrench hoewol't it nûmer sels ynspyle wie troch Grohl. Njonken drumme song Taylor ek in tal nûmers yn, ynstee fan Dave Grohl; sa is er te hearren op de nûmers Cold Day in the Sun en op in tal covers dy't de band opnaam hat.
Yn de simmer fan 2001 naam Taylor Hawkins wilens in toernee yn Europa in oerdoasis heroïne, wêrtroch't er twa wiken yn koma lei.
Njonken Foo Fighters hat Taylor Hawkins oan in tal oare projekten en bands meiwurke. Sa brocht er mei syn eigen band Taylor Hawkins & The Coattail Riders trije albums út.
Yn 2012 waard bekend makke dat Hawkins de rol fan Iggy Pop op him nimme soe yn de film CBGB oer de klup mei deselde namme. Yn 2014 ferskynde in album fan it projekt, The Birds of Satan, dêr't ek ferskate Foo Fighters op meispylje. Ek spile Taylor Hawkins yn in Police-coverband. Police-drummer Stewart Copeland wie ien fan syn foarbylden.
Priveelibben
Taylor Hawkins waard berne yn Fort WorthTeksas, as jongste yn in gesin fan trije. Yn 1976 ferhuze de famylje nei Laguna BeachKalifornje dêr't er fierder opgroeide. Hawkins boaske yn 2005 en krige mei syn frou trije bêrn.
Ferstjerren
Yn 2022 soe Hawkins mei de Foo Fighters op toernee troch Súd-Amearika, mar op 25 maart2022, krekt foar in optreden yn Bogotá oan it begjin fan it toernee, waard Taylor dea fûn yn syn hotelkeamer.[1][2]. Hawkins waard 50 jier âld. Letter die bliken dat er stoarn wie oan in kombinaasje fan drugs en medisinen.
Yn septimber dat jier joegen de Foo Fighters twa konserten ta neitins oan Hawkins, de earste yn it Wembley Stadium yn Londen, en de twadde yn it Kia Forum yn Los Angeles. Syn soan Shane Hawkins, spile yn it Wembley Stadium by it nûmer "My Hero" op de drums.