Dave Grohl begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen. Yn syn tiid op de midelbere skoalle, spile Grohl al yn ferskate bandsjes. As by ien fan dy bands, Freak Baby, de bassist der út set waard en de oerbleaune bandleden fan plak wikselje, stapt Dave oer fan gitaar nei drums. En de bandnamme wurd feroare yn Mission Impossible.
As Grohl 17 is wurdt er drummer fan de band Scream. Mei dy band nimt er twa studio-albums op. Neidat dy band noch foar it al opnommen album Fumble útbrocht wurd, der mei ophâld, wurd Grohl frege om drummer te wurden by de GrungebandNirvana. It Scream album Fumble wurd úteinlik pas yn 1993 útbrocht.
Nirvana
Grohl wurdt yn 1990 de drummer fan Nirvana dy't it jier dêrfoar syn debútalbum útbrocht hat. Mei Nirvana begjint er yn de maitiid fan 1991 oan de opnamen fan it album Nevermind. It album Nevermind kaam yn de hjerst fan datselde jier út. It album soarge foar bekendheid by it grutte publyk en de single Smells Like Teen Spirit waard de earste grutte wrâldwide hit fan Nirvana. Yn dyselde tiid wie Dave Grohl dwaande mei it opnimmen fan syn earste solo-album. Dat er yn 1992 útbrocht ûnder de skûlnamme Late!.
Begjin 1993 nimt er mei Nirvana it tredde album In Utero op, dy't yn de hjerst fan dat jier útbrocht wurdt. Mar dêrnei giet it mis mei sjonger Cobain. Yn maart by de wrâldtoernee foar In Utero rekket Cobain út 'e tiid troch in kombinaasje fan alkohol en medisinen tsjin sliepleazens. In dei letter komt er wer by, it toernee wurdt ôfsein en Cobain fleant werom nei Amerika. Begjin april wurdt Cobain troch syn famylje as fermist opjûn, en nei in pear dagen wurdt er dea yn syn hûs yn Seattle fûn, dêr't er himsels te koart dien hat.
It hommelse ein fan Nirvana wie foar Grohl in grutte klap. Om it better ferwurkje te kinnen, rjochte er him op in nij projekt: Foo Fighters.
Foo Fighters
Grohl yn 2015 op syn sels ûntwurpen stoel nei't er syn skonk brútsen hie
Yn 1994 wurke Grohl selsstannich oan in demo, wêrby't er alle basis-, gitaar-en drumpartijen foar syn rekken naam. Yn 1995 waard it album frijwol ûnferoare útbrocht ûnder de namme Foo Fighters. Hy woe sels net dat syn namme op de demo kaam. Yn de moannen dêrnei foarme er Foo Fighters: fan in projekt ta in echte band. It twadde album, The Colour and the Shape, ferskynde yn 1997 en befette singles as Everlong, My Hero en Monkey Wrench. Yn datselde jier ferlieten de gitarist en de drummer de band, en krige de band mei it tafoegjen fan drummer Taylor Hawkins en gitarist Chris Shiflett in lange besetting.
Yn 2015 bruts Dave Grohl syn skonk by in optreden yn Goateboarch, mar hie bleau gewoan troch sjongen en makke it nûmer sa goed as noch mooglik ôf. It like ynearsten der op dat de rest fan it toernee ôfblaast wurde moast, mar de skea bleau beheind ta in oantal shows, en foar it restearjende part fan it toernee ûntwurp Grohl in stoel sadat er it toernee sittend ôfmeitsje koe.[1][2] Letter liende Grohl de stoel út oan Axl Rose fan Guns N' Roses en Darin Wall fan Greyhawk nei't hja blessearre rekke wiene oan harren skonken.[3][4]
Yn 2019 waard it tsiende album fan de Foo Fighters oankundige, mar it album dat yn 2020 ferskine soe waard in jier útsteld fanwegen de koroanapandemy. It album waard úteinlik op 5 febrewaris2021 útbrocht, dochs koe Grohl spitigernôch doe noch net op toernee. Underwilens wurke Grohl en syn bandmaten oan in horror-komeedzje Film Studio 666 en in metal album ûnder de namme Dream Widow.[5] dy't yn 2022 útbrocht waard.
Yn maart 2022, wylst de band yn Kolombia foar in toernee wie, die drummer Taylor Hawkins himsels te koart, krekt foar in optreden yn Bogota.[6] De rest fan it toernee waard ôfsein. Yn plak dêrfan kamen der yn septimber twa optredens ta neitins oan de drummer, de earste yn Londen en de twadde yn Los Angeles.[7][8] Begjin oktober kûndige Grohl oan it efkes wat rêstiger oan te dwaan om it ferlies fan Hawkins te ferwurkjen.[9]
Oar wurk
Grohl yn 2005 op efter it drumstel foar Them Crooked Vultures
Dave Grohl waard berne yn Warren, Ohio, de Feriene Steaten, as de twadde yn in gesin fan twa. Syn mem wie dosint en syn heit wurke as sjoernalist. Doe't Dave 7-jier âld wie giene syn âlden byïnoar wei. Grohl groeide benammen by syn mem op. Yn 1994 boaske Grohl mei fotografe Jennifer Leigh Youngblood, mar it pear gie yn 1997 byïnoar wei. Yn 2003 boaske Grohl mei Jordyn Blum. Mei har hat Dave Grohl trije bêrn.