Nirvana is in Amerikaanske grungeband oprjochte yn 1987 yn Aberdeen, Washington. De band brocht yn 1989 syn debútalbum Bleach út. De teksten fan de band gean benammen oer ôfstomping, ferfeling, ferfrjemding, depresje en identiteitsproblemen. Nirvana hat trije studio-albums útbrocht. Op 5 april, 1994 kaam in ein oan it sukses nei't sjonger en opjrochter fan de band Kurt Cobain yn 'e âldens fan 27 jier ferstoar.
Skiednis
De iere jierren
De band wurdt al yn 1987 yn Abberdeen oprjochte troch sjonger en gitarist Kurt Cobain, bassist Krist Novoselic en drummer Chad Channing. Yn 1988 ferskynt harren earste single, in cover fan it Shocking Blue nûmer Love Buzz. Hjirnei nimme se foar it bedrach fan 600 dollar harren earste album op: Bleach. Drummer Channing giet flak nei de opnamen fuort, en nei in hantsjefol ynfallers nimt ein 1990 de út Washington ôfkomstige Dave Grohl plak op it drumkrukje.
Nevermind
Yn de nije gearstalling fan de band no wer as trijemansformaasje, want twadde gitarist Jason Everman is nei in koart skoft as bandlid ek wer opstapt, begjinne se yn de maitiid fan 1991 oan de opnamen fan harren twadde album. It album Nevermind kaam yn de hjerst fan datselde jier út. It album soarge foar bekendheid by it grutte publyk en de single Smells Like Teen Spirit waard de earste grutte wrâldwide hit fan Nirvana. Nei Smells Like Teen Spirit folge fan itselde album noch Lithium, Come as You Are en In Bloom.
It tredde album en it ein
It sukses by it grutte publyk fan Nevermind had in minne ynfloed op sjonger en gitarist Kurt Cobain, hy kriget lêst fan depresjes en hat muoite mei de oandacht dy't er fan de media kriget. Begjin 1993 nimme se harren tredde album In Utero op, en wurdt yn de hjerst fan dat jier útbrocht. It befettet de hit Heart-Shaped Box en it ferneamde nûmer Rape Me. Mar dernei giet it echt mis mei sjonger Cobain. Yn maart tidens de wrâldtoernee foar In Utero rekket Cobain út 'e tiid troch in kombinaasje fan alkohol en medisinen tsjin sliepeleazens. In dei letter komt er wer by, it toernee wurdt staakt en Cobain fleant werom nei Amerika. Mar nei in pear dagen thús west te hawwen giet it alwer mis en Cobain wurdt opnommen yn in ôfkickklinyk dy't er nei in pear dagen alwer ferlit. Begjin april wurd de sjonger troch syn famylje as fermist opjûn, en nei in pear dagen wurdt er dea fûn yn syn hûs yn Seatle, dêr't er himsels te koart dien hat.
Nei Nirvana
Mei de dea fan Cobain kaam der in ein oan de band, it nûmer About A Girl waard noch postúm útbrocht. Bassist Krist Novoselic begûn in nije band. En ek drummer Dave Grohl begûn in nije band hy gie fierder as sjonger en gitarist fan de band Foo Fighters. Yn de hjerst fan 1994 waarden de opnamen fan it MTV Unplugged optreden fan Nirvana op in live-album útbrocht.
Diskografy
Studio-albums
Live-albums
Kompilaasje-albums
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|