Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins út 1909De Linnaeusboarch op it Zernikekompleks (augustus 2012)Technysk Fysysk Laboratoarium (2010)It Donald Smits Centrum foar Ynformaasje Technology (CIT) op it Zernikekompleks (oplevere 2002)
De RuG waard yn 1614 oprjochte, as hegeskoalle, op de inisjativen fan Willem Loadewyk en de Steategearkomste fan Stêd en Ommelannen. Der wiene doe 4 fakulteiten:
Yn dy tiid kamen der jierliks 100 nije studinten by.
Yn de 17e iuw wie de RUG, lykas de measte universiteiten, ynternasjonaal oriïntearre. Studinten en dosinten gongen fan de iene nei de oare universiteit, en sa kaam de helte fan 'e studinten en dosinten yn Grins út it bûtenlân. Ek de earste rector magnificus, Ubbo Emmius, wie in Eastfries. Lykwols wie ek de bân tusken universiteit en regio hecht.
18e en 19e iuw
Troch teologyske mieningsferskillen en in drege relaasje mei de Steaten - ûnder mear de belegering fan de stêd troch Bommen Bearend yn 1672 - rekke de ûntwikkeling fan de universteit oan 'e ein fan de 17e en yn de 18e iuw yn it neigean. Der hat doe ek sprake fan west om de universiteit op te heffen. Troch ûnder oaren de bou fan in nij akademygebou yn 1850, dat spitigernôch yn 1906 troch brân ferwoastge waard, en de Wet op it Heger Underwiis yn 1876 waard de posysje fan de universiteit ferbettere. Yn dy tiid krige de universiteit ek de namme Ryksuniversiteit Grins en waard neist it Latyn ek yn it Nederlânsk kolleezje jûn. Dêrneist waard ek begûn mei ûndersyk.
20e iuw
De earste desennia fan 'e 20e iuw naam it tal fakulteiten en opliedings ta. Dermei naam ek it tal studinten ta: stiene der yn 1914 noch 611 studinten ynskreaun, yn 1924 wiene dat der al 1.000. Yn de Twadde Wrâldkriich naam it tal studinten ôf, mar it naam dêrnei yn heech tempo wer ta.
RUG en Fryslân
Yn de 1970-er jierren wurke de Ryksuniversiteit Grins mei in universitêr eksperimint, alhoewol in bytsje tsjinstribbeljend. Under leiding fan de eardere rector magnificus prof. J. Snijders waard yn 1976 yn Ljouwert úteinset mei in Fryske ôfdieling fan de Ryksuniversiteit Grins. Dêr waard, yn de mande mei Agogyske Akademy Fryslân (AAF), it Sosjaal Heger Underwiis foarme. Doel wie om hbû en universiteit oparbeidzje te litten. Fryslân krige dêrmei nei 165 jier nei it opheffen fan de Universiteit fan Frjentsjer fannijs universitêr ûnderrjocht werom.
Yn 1985 kamen der troch de swierrichheden, dy't der mei de struktuer wiene, en troch de besunigings yn it heger ûnderwiis in ein oan dy oplieding. De AAF gie op yn de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, mar der waard noch wol hieltyd it earste jier fan de Opieding Nederlânsk Rjocht yn Ljouwert ûnderrjochte.[4]
Yn begjin 2015 makke de Ryksuniversiteit Grins buorkundich dat der yn Ljouwert in fakulteit fêstige wurde soe, ûnder de namme Kampus Fryslân. Yn dy alfde fakulteit wurdt de yn 2011 oprjochte University Campus Fryslân (UCF) yntegrearre.[5] It doel fan de kampus is it oanbieden fan brede bacheloropliedings, masteropliedings en promoasje-opliedings, dêr't it brânpunt leit op ûnderwerpen dy't benammen mei Fryslân te krijen hawwe, sa as bygelyks toerisme en suvel.[6]
Kampus Fryslân yn de Fryske haadstêd Ljouwert, dêr't de yn 2011 oprjochte University Campus Fryslân by yn yntegrearre waard.
Publikaasje
Klaas van Berkel: Universiteit van het Noorden. Vier eeuwen academisch leven in Groningen. Deel 1: De oude universiteit 1614-1876. Hilfertsom, Verloren, 2014. ISBN 978-90-8704-466-4
Jolanda Oosterheert: In vol ornaat. Vier eeuwen Groningse senaatsgalerij. Grins, 2009. ISBN 9789077922576
Universitair leven in Groningen 1614-1989. Professoren en studenten, boek en uitgeverij. Red. J. Kingma, W.R.H. Koops en F.R.H. Groningen, 1989. ISBN 90-367-0162-7
R.E.O. Ekkart en J. Schuller tot Peursum-Meijer: Groninger academieportretten. Catalogus van de portretten in het Academiegebouw en de Bibliotheek der Rijksuniversiteit te Groningen. Grins, 1978. Geen ISBN
Historisch Genootschaap te Groningen: Album Studiosorum Academiae Groninganae. Boekdrukkerij B. Wolters, Grins, 1915
Studying in Groningen Through the Ages. A History of the University of Groningen and the First English Department in the Netherlands. Grins, Groningen University Press, 2014. ISBN 978-90-367-7125-2