De Ruhr-universiteit fan Bochum (Dútsk: Ruhr-Universität Bochum; ôfkoarting: RUB) is in grutte universiteit yn it Dútske stedsdistrikt Bochum yn de dielsteat Noardryn-Westfalen dy't om krekt te wêzen op de súdlike hichten fan it sintrale Ruhrgebiet boud is. De universiteit waard oprjochte yn 1962 en is de earste nije iepenbiere universiteit yn Dútslân nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1965 begûn it eigentlike ûnderwiis.
De Universiteit fan Bochum wie ien fan de earste universiteiten yn Dútslân dy't ynternasjonale Bachelor- en Masterdiploma's oanbea. De gebouwen fan de Ruhr-universiteit binne allegear byinoar brocht op ien kampus, útsein de fakulteit Genêskunde dy't ek in pear sikehuzen yn Bochum en it Ruhrgebiet ta foldwaan hat.
De universiteit hat fierder in botanyske tún mei dêr anneks oan in Sineeske tún en it Hegel-argyf, de argiven fan de Dútske filosoof Georg Wilhelm Friedrich Hegel.
Fakulteiten
De universiteit hat tweintich fakulteiten[1]:
Oare
- ECUE - Jeropeeske Kultuer en Ekonomy (Ingelsktalich ûnderrjocht)
- Interdisiplinêr Sintrum foar Foardere Materiaalsimulaasje (ICAMS)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Faculties, Ruhr-Universität Bochum, rieplachte op 7 septimber 2010.
|