Hy wie de tredde universiteit dy't stifte waard yn it Hillige Roomske Ryk, nei dy fan Praach en Wenen.
Op 23 oktober 1385 krige Heidelberch fan Paus Urbanus VI it rjocht om in universiteit te stichtsjen. Sûnt de iepening yn 1386 troch de Paltsyske keurfoarst hie hja iuwenlang fjouwer fakulteiten: Genêskunde, Teology, Rjochten en Filosofy. Pas yn 1890 kamen Natuerwittenskippen derby as fyfde fakulteit. Hjoedendei hat de universiteit 12 fakulteiten.