Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page
Available for Advertising

Ringsnaffelein

ringsnaffelein

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollingen (Aythya)
soarte
Aythya collaris
Eyton, 1838
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     wintergast


De ringsnaffelein (Aythya collaris), ek wol ringnekein, is in lytse Noard-Amerikaanske dûkein út de famylje einfûgels (Anatidae). Alhoewol't de ein by it skaai fan 'e dûkeinen heart, hat de ein yn it hâlden en dragen ek skaaimerken fan 'e grondeleinen. Sa leit de soarte foar in dûkein relatyf heech yn it wetter, kin er sûnder oanrin fuort út it wetter opfleane en siket er faak grondeljend mei allinne de kop ûnder wetter nei iten. Oars as by oare dûkeinen liedt de ringsnaffelein syn piken net fuort nei it iepen wetter, mar hâldt se yn stee dêrfan ynearsten ferside yn 'e begroeiïng fan 'e igge. Dat gedrach is nei alle gedachten te witen oan it feit dat de ein, oars as de measte oare soarten fan it skaai, de foarkar oan ûndjippe sompen as leefgebiet jout.

Yn Europa is de ringsnaffelein in dwaalgast, maar de waarnimmings fan' e fûgel nimme sûnt de jierren 1970 ta. Yn Grut-Brittanje en Ierlân is de fûgel sûnt 1955 in regelmjittige dwaalgast.

Beskriuwing

Pearke ringsnaffeleinen.

Ringsnaffeleinen wurde 37 oant 46 sm lang, 600 oant 1200 gr swier en ha in spanwiidte fan 72 sm. Se lykje wol op toefeinen, mar ha in hoekige efterkop en gjin toefe. It jerkje hat in swarte kop mei in pears glânzgjende kop. De snaffel is griis mei in wite bân en mei wite fearren oan 'e basis; de eagen binne giel. It boarst, de sturt en de dekfearren fan 'e wjukken binne swart. De búk is wyt.

It wyfke is griisbrún en har snaffel hat ek in ljochte bân.

In ferskil mei de jolling en de lytse jolling is dat de ringsnaffelein gjin grize rêch hat, mar in swarte rêch

Fersprieding

De ringsnaffelein briedt fan Alaska oant Nova Scotia. Ek hearre Washington, de beide Dakota-steaten, Minnesota en Maine ta it briedgebiet. It leefgebiet bestiet út marren, dêr't de ein syn nêst yn 'e reiden boud. As trekfûgel migrearret de ringsnaffelein fierder súdlik nei Midden-Amearika oant Panama en de Kariben. It belangrykste oerwinteringsgebiet is de Golf fan Meksiko fan Florida oant Jûkatan.

Somtiden ferskynt de ringsnaffelein as dwaalgast yn Europa. De wittenskiplike beskriuwing fan 'e fûgel folge yn 1809 nei in ein yn Grut-Brittanje sketten waard en op 'e Leadenhall Market yn Londen ferkocht waard. Sûnt de fûgel syn briedgebiet troch it tanimmen fan 'e populaasje útwreide hat, komme ek faker dwaalgasten nei Europa. Yn 'e measte winters komme yn Grut-Brittanje wol in pear fan 'e soarte foar.

Hâlden en dragen

Fleanend jerkje.

Ringsnaffeleinen ite foar it measte planten. Se frette in soad sied, krûden, wetter- en oare planten. Oant likernôch 20% fan it fretten bestiet út dierkes lykas larven, weakdieren, wjirms en skaaldieren, dy't faak sûnder erch mei de planten opfretten wurde. Ek de piken en juvenilen frette meastentiids planten. Dat lêste is sa net gewoan want sok iten is enerzjyearmer as dierlik fretten.

De nêsten lizze tichteby it wetter. It earste lechsel bestiet ornaris út njoggen aaien. In twadde lechsel is wat lytser en dan hâldt it mei sân aaien wol op. Allinne de wyfkes briede. Nei 25 oant 29 dagen komme de aaien út. De jongen kinne nei 49 oant 56 dagen fleane. Wyfkes briede it leafst yn 'e kriten dêr't se sels opgroeiden.

Status

It oantal ringsnaffeleinen nimt ta. Yn 'e jierren 1950 waard de populaasje op 334.000 fûgels rûsd. Yn 'e jierren 1990 gie it om trochstrings 923.000 fûgels. Yn 2002 rûsde Wetlands Internations de wrâldpopulaasje op 1,2 miljoen fûgels en dat oantal wie yn 2018 al oant 2 miljoen fûgels tanommen. It oantal nimt noch altiten ta; de soarte past him maklik oan en kolonisearret gau neie gebieten. De fûgel wurdt troch IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch de:Ringschnabelente


Kembali kehalaman sebelumnya