De XIVe Paralympyske Simmerspullen hiene plak ha yn 2012 yn Londen, Grut-Brittanje, dêr't dat jier ek de Olympyske Simmerspullen hâlden wiene.
Foar it earst wie it ferplichte dat de organisator fan de Olympyske Spullen ek de Paralympyske Spullen organiseare. Sûnt 1988 wie dizze keppeling wol gebrûklik, mar net ferplichte.
Foar it earst sûnt de Spullen fan 2000 mochten der wer sporters mei in ferstanlike beheining meidwaan oan de Spullen. Der wie wer in kategory foar dizze sporters by it swimmen, de atletyk en it tafeltennis.
Rjochts stiet in kolom hoefolle gouden medaljes per sport der útdield binne. En op de ien nei ûnderste rigel stiet hoefolle gouden medailjes der op in dei wûn waard.
De top-10 fan lannen dy't medaljes wûn ha tidens de Paralympyske Simmerspullen fan 2012.
Op it programma steane tweintich sporten.
Atletyk | Baanhurdfytsen | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | CP-fuotbal | Dykhurdfytsen | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdsilen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis