Noard-Fryslân Bûtendyks is in gebiet fan simmerpolders mei drinkdobben, kwelders en kwelderwurken. It behear fan It Fryske Gea is der op rjochte om de bûtendykse simmerpolders te feroarjen yn kwelders fan sa'n 4.000 hektare: de Bildtpollen, it Noarderleech, de Keegen en Ferwert- en Blije Bûtendyks. It is de bedoeling dat der ien grut kwelderlânskip ûntstiet, dat fan Swarte Harne yn It Bilt rint oant de pier fan Holwert ta.
De hege seedyk is de grins tusken natuer en kultuer. Yndyksk leit it yn kultuer brochte boulân, oan de bûtenkant de simmerpolders, dy't meast as greide brûkt wurde, mei lânoanwinningswurken en riisdamen. Eartiids wienen dêr in soad dobben, mar dy binne by it yn kultuer bringen fan it lân tichtsmiten. Winterdeis binne de grutte kloften guozzen te finen, benammen de rotgoes en de paugoes. Ek smjunten sykje hjir massaal om fretten en rêst. By ôfgeand wetter ferspriede de fûgels har om yn it slyk iten te finen, by opgeand tij sammelje se har op de heechwetterflechtplakken.
Oan de râne fan it Noarderleech stiet op de dyk De Timpel fan Ids, in stielen monumint yn de foarm fan in timpel, makke troch Ids Willemsma. It is yn 1993 ûntbleate as oantinken oan it ôfmeitsjen fan de dykferheging.
Aeltsje- en Warkumermar • De Alde Feanen • Bancopolder • Bekhofskâns • De Bjirmen • Blauhúster Puollen • Bocht fan Molkwar • Botmar • Buismans Einekoai • It Bûtenfjild • Van Coehoornbosk • Dellebuorsterheide • It Diakonyfean • Dyksfearten • Dobben Hurdegarypsterwarren • Dunegeasterpolder • Eanjumer Kolken • Easterskar • Einekoaien Lytse Geast • De Fluezen • Follegeasterpolder • Grikelân en Turkije • Grutte Wielen • Heanmar • Heide Hulstreed • De Hon • Hop • Huitebuersterbûtenpolder • Ychtenerfeanpolder • Joadetsjerkhôf Noardwâlde • Joadsk Begraafplak Teakesyl • Jongemastate • Kapellepôle • Ketelermar • Ketliker Skar • Koarnwerterpolder • Kobbelân • Lindebosk • Lindefallei • Liphústerheide • Makkumersúdmarpolder • Makkumerwaarden • Mandefjild Bakkefean • Martenastate • Meulereed en Meulebosk • Mokkebank • Mûntsebuorsterpolder • Noard-Fryslân Bûtendyks • 't Oerd • Park Huzinge Olterterp • Park Martenastate • Peazemerlannen • Petgatten De Feanhoop • Ringwiel • Rengerspôle • De Ryp • Rysterbosk • Syp Set • Skiedingsboskje • Skieppedobbe • Slachte • Sodumermar • Steile Bank • Stokersdobbe • Sudermarpolder • Taconisbosk • Teroelster Sipen • Tsjongerwâlen • Unlân fan Jelsma • Warkumerwaard • 't West • Wikelerbosk • Wilhelmina-oard