It Skiedingsboskje, is in ike- en bjirkeboskje fan 0,8 hektare efter it AZC by Drachten.
Meint Wiegersma, de earste foarsitter fan It Fryske Gea, fûn yn 1926 yn it Skiedingsboskje de boskhynstesturt. It Fryske Gea bestie doe noch net en de boskhynstesturt kaam allinnich bûten Fryslân foar. Hy skreau Achter Ureterper Verlaat op de gemeentegrens van Opsterland en Smallingerland aan 't einde van de Brouwerswijk (recht achter H.B.S.) aan bosch- en slootkant. Honderden exemplaren. 13 Mei 1926. Enkele met vruchtbare tak. De boskhynstesturt groeit no net mear yn it boskje, mar frjemd genôch wol yn in de sleatswâl en it stikje bou dêrneist. Ek op oare plakken yn Fryslân groeit de, no noch wol seldsume, hynstesturt.
It boskje waard yn 1958 troch It Fryske Gea oankocht. It boskje bestiet benammen út iik, bjirk, en op de grûn in soad brombeien, rankjende helmblom, rintfear en njirrekrûd, op inkele plakken ek hop en papsûger.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|