It karakter fan it gebiet is yn grutte mate beynfloede troch de esdoarpekultuer. Grutte dielen lykas it Doldersummerfjld, Aekingersân, Berkenheuvel en Wapserveld waarden iuwenlang troch de boeren út de omlizzende doarpen brûkt foar it beweidzjen troch skiep. Troch dy iuwenlange beweiding en it ôfplagjen fan seadden foar de potstâlkultuer, waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de soere sângrûn. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden en bytiden ek stosân. It Aekingersân by Appelskea hjit yn de folksmûle ek wol de 'Keale dunen'.
De Vledder Aa nimt in bysûnder plak yn yn dit nasjonaal park. Dy beek is de ienige yn Nederlân dy't syn bopperin folslein yn in natuerlike omjouwing lizzen hat. In de jierren 2002 en 2003 is wurke oan it fannijs oanlizzen fan de natuerlike bopperin fan de beek.
Kultuerhistoarje
Grutte stikken fan it gebiet spilen in wichtige rol yn de esdoarpekultuer. Mar der binne al folle âldere spoaren fan bewenning. By Diever leit in hunebêd oan de râne fan it park. Net fier fan Doldersum lizze in pear grêfhichten en op ferskate plakken binne spoaren fan bewenning út it Neolitikum (Lette Stientiid) en de izertiid fûn.
Yn it hiele park leit in wiidweidich stelsel fan asfaltearre fytspaden. In soad toeristen komme der dan ek om te fytsen. Steatsboskbehear hat foar mountainbikers aparte rûtes oanlein.