Izertiid

Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litikum Let
Midden
Ier
Stientiid

De izertiid is in tiidrek yn 'e prehistoarje nei de brûnstiid.

De izertiid is de lêste perioade fan de prehistoarje. By guon kultueren hat de izertiid wat langer duorre as by oare kultueren, dat kin ek mei it plak te krijen ha.

Ornaris is it yn West-Jeropa sa dat er begjint om 800 foar Kr. oant de Romeinen om it begjin fan de jiertelling hinne har gebiet útwreiden oan de súdgrins fan Fryslân ta. Mear nei it súd-easten fan Jeropa en it Midden-Easten ta begjint de stientiid om 1200 foar Kr. hinne.

It leit yn 'e reden en de namme izertiid tsjut oan dat der in soad gebrûk makke waard fan izeren ark en oare foarwerpen fan izer. Izer is op ferskâte mêden better as brûns:

  • it is hurder, dat it is gaadlik foar wapens en ark
  • it is ienfâldiger te bewurkjen
  • it is maklik te reparearjen
  • de grûnstof is op de meast plakken wol te finen
  • langere duorsumens fan it materiaal

It duorre hiel lang eardat de minsken fan doe wisten hoe't se metaal út erts krije koenen.

De foardielen soargen derfoar dat izer brûkt waard om wapens (benammen swurden) en ark te meitsjen. It brûns wurdt dan mear brûkt foar sieraden.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!