Wei

In ûnferhurde wei.

In wei (meartal: wegen), yn it Klaaifrysk almeast dyk neamd, is in fêste rûte foar ferkear yn 'e foarm in stripe grûn dy't dêr spesjaal foar reservearre is. Mei 'wegen' bedoeld men ornaris de iepenbiere wei, dy't beheard wurdt troch de oerheid. Der binne lykwols ek eigen wegen, dy't priveebesit binne. Wegen foarmje in tige wichtich ûnderdiel fan 'e ferkearsynfrastruktuer. In wei kin dwers troch it plattelân rinne, mar ek oer in keunstmjittige struktuer, lykas in seedyk. De binne twa rydbanen, by smellere wegen ek wol weihelten neamd, dy't meastal yn 'e midden fan 'e wei skaat wurde troch in ûnderbrutsen line. De weihelten binne bedoeld foar ferkear dat yn tsjinstelde rjochtings giet. Yn Nederlân en hast alle oare lannen yn Jeropa riidt men rjochts, wat sizze wol dat men oan 'e rjochterkant fan 'e wei bliuwe moat. Yn Grut-Brittanje en Ierlân, lykwols, riidt men lofts.

Men hat ferhurde wegen, wêrby't in weidek fan hurd materiaal lykas klinkerts of asfalt oanbrocht is om 'e begeanberheid foar fiertugen mooglik te meitsjen of te ferbetterjen, mar der besteane ek ûnferhurde wegen, lykas in sânpaad of in púnreed. De earste (mei klinkerts) ferhurde wegen bûten de beboude kom, dy't yn 'e njoggentjinde iuw oanlein waarden, neamde men strjitwegen. Yn Fryslân binne hast alle wegen ferhurde, mar foarhinne wie dat perfoarst net it gefal, en yn ûntwikkelingslannen bestiet noch altyd in grut part fan it wegenetwurk út ûnferhurde wegen. By in soad rein kin it ferkear troch ûnferhurde wegen djippe fuorren lûke, dêr't wetterplassen yn stean bliuwe. By oanhâldend gebrûk feroaret de hiele wei dan yn ien grutte dridze, dêr't fiertugen yn stykjen bliuwe.

In ferhurde wei.

As in wei troch in doarp of stêd rint, sprekt men almeast fan in strjitte. Binnen de beboude kom jildt yn Nederlân foar auto's in maksimumsnelheid fan 50 km/h, as it teminsten net oars oanjûn stiet, wat gauris it gefal is. Bûten de beboude kom besteane yn Nederlân yn prinsipe fjouwer soarten wegen, dêr't ferskillende ferkearsregels foar jilde. De B-wei is in lytsere, smellere wei dêr't 60 of 80 km/h riden wurde mei, mar net altyd. Sokke wegen hawwe ornaris gjin skieding fan weihelten. De 'gewoane' wei is wat breder as in B-wei en hat faak wol in skieding fan weihelten. De maksimumsnelheid is der 80 of soms 60 km/h. In autowei is in grutte, trochgeande wei mei in maksimumsnelheid fan 100 km/h, en in autosnelwei is in noch gruttere wei, dêr't men meastal 120, mar soms ek 130 km/h ride mei. Autosnelwegen hawwe altyd rydbanen dy't fan inoar skaat binne troch in grienstreek en fangrails; by autowegen is dat soms ek sa.

Binnen de beboude kom hawwe wegen meastal in ferhege en betegele stripe njonken de rydbaan dy't bedoeld is foar fuotgongers. Sa'n tegelpaad dat by in wei heart, hjit in trotwaar of stoepe. Soms is der tusken it trotwaar en de wei ek noch in stripe reservearre foar fytsers: in fytspaad. Bûten de beboude kom binne fytspaden yn 'e regel fan 'e wegen skaat troch in sleat of in brede grienstreek om foar te kommen dat auto's en fytsers op inoars paad komme kinne. As in wei in oerflaktewetter krúst, lykas in sleat, opfeart, beek, rivier of kanaal, wurdt er der yn 'e regel oerhinne boud yn 'e foarm fan in brêge. Soms giet er derûndertroch yn 'e foarm fan in akwadukt. In plak dêr't twa wegen inoar kruse, hjit in krúspunt. Om ferkearsûngemakken foar te kommen, wurde dêr gauris ferkearsljochten pleatst of in rotonde oanlein. Ek is it mooglik om 'e iene wei oer de oare hinne te bouwen yn 'e foarm fan in fiadukt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!