It wie ien fan 'e grutste states fan Fryslân en waard bewenne troch leden fan it ferneamde skaaiLiauckama. Liauckamastate waard foar it earst yn 1420 neamd. De eigentlike state, dy't nei alle gedachten in trettjinde-iuwske kearn hie, waard yn 1824 ôfbrutsen. Dêrfan binne inkeld de grêften, in singel en de monumintale poarte út 1604 oerbleaun. Nei de ôfbraak waard it terrein yn 1838 ferkocht, wêrnei't der yn 1862 in pleats fan giele Fryske stien set waard. Fierders steane op it terrein fan 'e oarspronklike state ek in arbeidershúske út 'e njoggentjinde iuw en in modern wenhûs. Sawol de âlde poarte as de njoggentjinde-iuwske pleats binne erkend as ryksmonumint. De pleats is omboud ta in hotel-restaurant.
Pipenpoyske brulloft
Op Liauckemastate hongen oan it begjin fan de 19e iuw skilderijen, dy't yn de literatuer Pipenpoyse bruiloft neamd wurde.
Der wurdt tocht dat it foarstellingen wiene fan de boask fan Jel fan Liauckema en Ereart fan Pipenpoy yn 1616. Nei de sloop fan Liauckema ferdwûnen de skilderijen, útsein de twa doeken dy't yn 1964 oan it Frysk Museum skonken waarden.[1] Yn 2012/2013 liet it Frysk Museum de skilderijen restaurearje troch de Stichting Restauratie Atelier Limburg (SRAL) yn Maastricht [2]
Bewenners
± 1097 Sicco Liauckama en Eelco Liauckama (neven fan elkoar)
- 1332 abt Eelco Liauckama
1398 - 1420 Schelte Liauckama en syn frou Ebil Hibbema (of Hobbema)
1420 - 1479 Schelte Liauckama (II) 'de âlde'
1479 - 1503 Schelte (III) Liauckama
1503 - 1535 Epo fan Liauckama
1535 - 1574 Schelte fan Liauckama
1579 - 1599 Sjouck fan Liauckama, troud mei Homme fan Camstra