11 july - Fokko Ukena belegeret Sleat mar de Skieringers krije help fan Jan fan Beieren. It komt ta in slach dêr't de Skieringers de oerwinning by helje en de Alliearden útwike moatte.
Jeropa
20 maaieHindrik V fan Ingelân komt oan yn Troyes dêr't keninginne Isabeau, yn namme fan har dwylsinnige man Karel VI fan Frankryk en mei steun fan de Boergondyske hartoch hof hâldt. Hja slút in ferdrach mei Hindrik dêr't hja him yn erkent as Erfgenamt en Regint fan Frankryk. Prinses Katerine wurdt oan Hindrik úthoulike en har âldere broer, de Dauphin, troch syn eigen mem ta bastert ferklearre.
1 septimber. Hindrik V, Karel VI en Filips fan Boergonje lûke triomfearjend Parys binnen. De Steaten-Generaal ratifisearje it ferdrach fan Troyes en it parlemint ferklearret de rjochten fan de Dauphin neatich op grûn fan al syn misdieden.
De Madeira Eilannen wurde ûntdekt troch de Portugees João Gonçalves Zarco.