It Jervis Bay Territoarium (Ingelsk: Jervis Bay Territory; útspr.: [ʤɑɹvəs]) is in territoarium fan Austraalje, dat gjin selsbestjoer hat en streekrjocht ûnder de Australyske minister falt dy't ferantwurlik is foar de territoaria, op 't heden de minister fan Binnenlânske Saken. It leit oan 'e eastkust en is fierwei it lytste gebietsdiel op it Australyske fêstelân, mei in oerflak fan mar 74,6 km². Neffens gegevens út 2011 hie it Jervis Bay Territoarium doe 377 ynwenners.
Geografy
It Jervis Bay Territoarium hat in oerflak fan 74,6 km², wêrfan't 65,7 km² út lân bestiet en 8,9 km² út wetter. It gebiet bestiet út it skiereilân dat de súdlike ein fan 'e Jervisbaai omslút. Yn it noardwesten en súdwesten grinzget it oan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales, wylst it yn it westen swettet oan in mar, it St. George's Basin. Yn it noarden leit de Jervisbaai, yn it suden de Wrakkebaai, en yn it easten en súdeasten de Tasmansee. Yn it noardeasten heart it eilantsje Bowen, by de yngong fan 'e Jervisbaai, ek ta it Jervis Bay Territoarium. Der binne trije wenkearnen yn it gebiet: Jervis Bay Village, oan 'e noardkust, Wreck Bay Village, oan 'e súdkust (dat bestjoerlik sjoen ûnderdiel fan Jervis Bay Village is), en Greenpatch, op in útstekkende súdeastlike lântonge.
Fan 1788 ôf hearde it gebiet ta de Britske koloanjeNij-Súd-Wales, dy't yn 1901 mei seis oare koloanjes de Australyske Federaasje foarme. Yn 1911 stie Nij-Súd-Wales in stik lân ôf om in federale haadstêd op oan te lizzen; dat soe letter it Australysk Haadstedsk Territoarium (ACT) wurde. Yn 1915 waard besletten dat it ACT, dat yn it binnenlân lei en alhiel troch Nijsúdwelsk grûngebiet omjûn waard, ek in tagong ta de see krije moast. Sadwaande waard doe it Jervis Bay Territoarium fan Nij-Súd-Wales losmakke.
Bestjoer
Hoewol't it Jervis Bay Territoarium altyd as in apart gebiet troch it Australyske federale regear bestjoerd is, ûntstie troch de konneksje mei it ACT de yndruk dat it dêr in yntegraal ûnderdiel fan útmakke. Dat wie lykwols sa net, en doe't it ACT yn 1989 selsbestjoer krige, kaam sels oan 'e besteande konneksje fierhinne in ein, mei't Jervis Bay ûnder federaal bestjoer bleau, wylst it ACT binnen it Australyske steatsferbân selsstannich fierder gie. Lykwols is it noch wol sa dat de ynwenners fan it Jervis Bay Territoarium yn it Australyske federale parlemint fertsjintwurdige wurde troch de ôffurdigen en senators fan it ACT.