Heard en de McDonaldeilannen (Ingelsk: Heard Island and the McDonald Islands, ôfkoarte ta HIMI) binne in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer stiet fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út in ûnherberchsume subantarktyske eilannekloft, op 'e grins fan 'e Yndyske Oseaan en de Súdlike Oseaan. Der wennet gjin minske, behalven út en troch guon wittenskippers. De eilannen hawwe mei-inoar in oerflak fan 368 km².
De eilannen lizze op it Kerguëlenplato, op 53°00′ suderbreedte by 73°30′ easterlingte, wat deselde breedtegraad is as it SúdamerikaanskeFjoerlân en deselde lingtegraad as de Yndiaaske stêd Bombay. De ôfstân ta Perth, yn West-Austraalje, bedraacht 4.099 km, en dy ta Antarktika 1.630 km. De neiste lânmassa wurdt foarme troch de Kerguëlen, in ûnbewenne Frânske eilannegroep, dy't 450 km nei it noardwesten ta leit. Heard en de McDonaldeilannen binne sadwaande ien fan 'e meast ôfhandige plakken op 'e wrâld.
Geology
Geologysk bestiet de arsjipel út stjurringsstientme. De fulkanen dy't de eilannen foarme hawwe, lizze net op in plaatgrins; de grinzen fan 'e Antarktyske plaat mei de Afrikaanske en Australyske platen lizze hûnderten kilometers noardliker. Wierskynlik binne de eilannen ûntstien troch in hotspot. It heechste punt is de aktive fulkaan Mawson Peak, mei in hichte fan 2.745 m, op it eilân Heard, dy't ek wol "Big Ben" neamd wurdt. Dat is mei-iens ek de heechste berch fan Austraalje, 517 m heger as de Mount Kosciuszko, de heechste top op it Australyske fêstelân. De fulkaan op it eilân McDonald is, nei't er sa'n 75.000 jier sliept hat, yn 1992 wer aktyf wurden en is sûnt ferskate kearen útbarst.
Skiednis
Oant healwei de 1850-er jierren binne der gjin ferslaggen fan minsklike besiken oan Heard en de McDonaldeilannen. Peter Kemp, in Britskeseehûnejager, is de earste dêr't fan tocht wurdt dat er de eilannen waarnommen en op 'e kaart set hat. Dat wie op 27 novimber1833 doe't er ûnderweis wie fan 'e Kerguëlen nei Antarktika.
Earst yn maart 1855 giene seehûnejagers, laat fan de Amerikaanske kaptein Erasmus Darwin Rogers, op Heard oan lân op in plak dat Oil Barrel Point neamd wurdt. Yn it tiidrek fan 1855 oant 1880, doe't dêr op see-oaljefanten jage waard, holden in stikmannich Amerikanen in jier of langer ûnder abominabele omstannichheden yn stjonkende hutten by Oil Barrel Point ta. Op it hichtepunt húsmannen dêr 200 minsken om. Tsjin 1880 wie it grutste part fan 'e see-oaljefantekoloanje útrûge en waard it eilân ferlitten. Totaal waarden der yn dy snuorje goed 100.000 fetten robbe-oalje produsearre.
Yn 'e omkriten fan 'e eilannen lizze in stikmannich skipswrakken. Ek is der in ferrinneweare gebou fan John Heard syn robbeferwurkingsstasjon oer by Atlas Cove. De earste lâning op it eilân McDonald waard, foarsafier bekend, útfierd mei in helikopter troch de Australyske wittenskippers Grahame Budd en Hugh Thelander, op 12 febrewaris1971.[1][2]
Yn 1947 waarden de eilannen troch it Feriene Keninkryk oerdroegen oan Austraalje.[3] De Heard en McDonaldeilannen steane sûnt 1997 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. De reden dêrfoar is dat de eilannegroep de iennichste Subantarktyske fulkanyske aktiviteit hat dêr't geomorfologyske prosessen en glasiale dynamika oanskôge wurde kinne. De floara en fauna is der spesifyk, sûnder ynfloeden fan bûten de arsjipel.