Australysk Antarktysk Territoarium

Australysk Antarktysk Territoarium
Australian Antarctic Territory
flagge wapen
Nog geen wapen
(gjin biedwurd)
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
pol. status ekstern territoarium
haadstêd n.f.t.
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal <1.000 (gjin permaninte bewenning)
befolkingstichtens 0,0002 / km²
oerflak 5.896.500 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC-3 (S.T. UTC-2)
tillefoan +672
ynternetekstinsje n.f.t.
webside n.f.t.

It Australysk Antarktysk Territoarium (Ingelsk: Australian Antarctic Territory), gauris ôfkoarte ta AAT, is in gebietsoanspraak op Antarktika mei mar tige beheinde ynternasjonale erkenning, dy't troch Austraalje bestjoerd wurdt as in ekstern territoarium ûnder direkt bewâld fan it Australyske federale regear. It territoarium bestiet út twa "taartpunten" oan wjerskanten fan 'e Frânske gebietsoanspraak, mei in mienskiplik oerflak fan krapoan 5,9 miljoen km². De iennichste minsken dy't yn it gebiet tahâlde, binne wittenskippers; it AAT hat gjin permaninte bewenners.

Geografy

It Australysk Antarktysk Territoarium hat in oerflak fan 5.896.500 km², en is dêrmei de grutste fan 'e gebietsoansparken op Antarktika. It beslacht alle lân besuden 60° suderbreedte en tusken 45° en likernôch 136° easterlingte en tusken likernôch 142° en 160° easterlingte. It omslút de Frânske gebietsoanspraak op Antarktika, Adelylân, dat tusken 136°11′ en 142°02′ easterlingte yn leit. Yn it westen wurdt it AAT begrinzge troch Keninginne Maudlân, de Noarske gebietsoanspraak, en yn it easten troch it Ross-ôfhinklikheidsgebiet, de Nijseelânske gebietsoanspraak.

It diel fan it AAT bewesten Adelylân wurdt it westlike AAT of de westlike sektor fan it AAT neamd, en it diel beëasten Adelylân hjit it eastlike AAT of de eastlike sektor. Dit eastlike part fan it Australysk Antarktysk Territoarium stie foarhinne bekend as Fiktoarialân, wylst it hiele westlike diel wol Enderbylân neamd waard. Tsjintwurdich is Enderbylân mar in distrikt fan 'e westlike sektor. It AAT is ferdield yn njoggen fan sokke bestjoerlike distrikten, dy't nûmere binne fan west nei east:

  • Westlike Sektor
1. Enderbylân: 45°00′ E – 56°25′ E
2. Kemplân: 56°25′ E – 59°34′ E
3. Mac. Robertsonlân: 59°34′ E – 72°35′ E (de ôfkoarting "Mac." stiet foar "MacPherson", de foarnamme fan 'e man nei wa't it ferneamd is)
4. Prinsesse Elizabethlân: 72°35′ E – 87°43′ E
5. Keizer Wilhelm II-Lân: 87°43′ E – 91°54′ E
6. Keninginne Marialân: 91°54′ E – 100°30′ E
7. Wilkeslân: 100°30′ E – 136°11′ E
  • Eastlike Sektor
8. George V-Lân: 142°02′ E – 153°45′ E
9. Oateslân: 153°45′ E – 160°00′ E

Njonken it grûngebiet fan it AAT makket Austraalje ek oanspraak op in byhearrende eksklusive ekonomyske sône fan 200 seemyl yn 'e omlizzende ynternasjonale wetters. Likemin as de gebietsoanspraak sels wurdt dit troch de measte lannen erkend.

Skiednis

Op 9 jannewaris 1841 makke Grut-Brittanje, de koloniale machthawwer yn Austraalje, foar it earst oanspraak op Fiktoarialân (de eastlike sektor). De Britske oanspraak op Enderbylân (de westlike sektor) datearret fan 1930. Trije jier letter, yn 1933, droegen de Britten de hiele lânoanspraak oer oan Austraalje. De grinzen mei it Frânske Adelylân waarden definityf fêstlein yn 1938. Yn 1947 foegen de Britten de Subantarktyske arsjipel fan Heard en de McDonaldeilannen by it AAT, mar dat is sûnt in apart ekstern territoarium fan Austraalje wurden. Op 13 febrewaris 1954 waard Mawson Station as earste Australyske ûndersyksstasjon op Antarktika stifte.

Davis Station, in Australysk ûndersyksstasjon yn it AAT.

Yn 1961 waard it Antarktysk Ferdrach fan krêft. Kêst 4, dy't oer gebietsoanspraken giet, befêstiget noch ûntstriidt de Australyske oanspraak op it AAT (of de oanspraken fan oare lannen op oare gebieten). Likemin wurdt yn it ferdrach easke dat de ûndertekenjende lannen sokke gebietsoanspraken erkenne. Sadwaande wurdt de Australyske oanspraak op it AAT oant hjoed de dei mar troch fjouwer lannen erkend (dat net tafallich oare steaten mei in gebietsoanspraak op Antarktika binne): Grut-Brittanje, Frankryk, Nij-Seelân en Noarwegen.

Fanwegen de ôfhandige geografyske lokaasje fan it gebiet smyt dy beheinde erkenning net in protte swierrichheden op. Der bestiet eins inkeld in konflikt mei Japan, dat it oant 2013 foar de moade hie om yn 'e territoriale wetters fan it AAT en it dêr útroppen Australysk Walfiskreservaat "foar wittenskiplike doelen" walfiskfeart te bedriuwen. Konfrontaasjes tusken Japanske walfiskfarders en skippen fan 'e militante natoerbeskermingsorganisaasje Sea Shepherd laten úteinlik ta in rjochtsaak tusken Austraalje en Japan foar it Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach, wêrby't de rjochters Japan ferbeane om yn 'e Súdlike Oseaan noch langer op walfisken te jeien.

Yn 'e iere jierren tachtich wie der yn Austraalje in koarte diskusje oer de fraach oft men al of net mynbou tastean moast yn it AAT, mei't it gebiet ryk is oan dylchstoffen as stienkoal, mangaan, izer en uranium, wylst der yn 'e Antarktyske boaiem nei alle gedachten oalje- en gasfoarrieden sitte dy't dy fan Saûdy-Araabje hast belykje kinne. Alle útstellen ta mynbou-operaasjes waarden lykwols úteinlik ôfwiisd. Yn 2011 warskôgen leden fan 'e ynfloedrike Australyske tinktank it Lowy Institute it Australyske regear om net yn eigenfoldienens efteroer te lynjen oangeande de sitewaasje yn it AAT. Yn 2041 sil nammentlik it wrâldferdrach dat de ekspoitaasje fan natuerlike helpboarnen op Antarktika ferbiedt, op 'e nij besjoen wurde, en it is skoan mooglik dat in stikmannich lannen dan net mear mei in ferlinging ynstimme sil. Mei't fierwei de measte lannen de Australyske oanspraak op it AAT net erkenne, soe Austraalje, neffens it Lowy Institute, mear ynvestearje moatte yn mooglikheden om it gebiet folslein patrûljearje te kinnen, wat no troch in brekme oan skyfleantugen en iisbrekkers (noch) net mooglik is.

Utsjoch op Mawson Station.
In nije iisberch yn 'e Súdlike Oseaan, deunby Mawson Station.

Bestjoer

It Australysk Antarktysk Territoarium foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje, dat ûnder direkt bestjoer fan it Australyske federale regear yn Canberra falt. De útfierende ynstânsje is datoangeande de Australyske Antarktyske Difyzje, in buro dat ûnder it Ministearje fan Duorsumens, Miljeu, Wetter, Befolking en Mienskip.

Demografy

It AAT wurdt inkeld bewenne troch de stêf fan 'e ûnderskate ûndersyksstasjons. It bestjoer fan 'e Australyske Antarktyske Difyzje bestiet der fierhinne út om trije ûndersyksstasjons mei permaninte besetting te ûnderhâlden (Mawson, Davis en Casey), dêr't ferskate langrinnende wittenskiplike ûndersiken dien wurde.

Fan east nei west binne de aktive en slettene stasjons yn it AAT:

  • Molodjozjnaja (Russysk, sletten), op 67°40′S by 45°51′E, yn it distrikt Enderbylân;
  • Mawson (Australysk), op 67°36′09,7″S by 62°52′25,7″E, yn it distrikt Mac. Robertsonlân;
  • Sojuz (Russysk, sletten), op 70°35′S by 68°47′E, yn it distrikt Mac. Robertsonlân;
  • Druzjnaja (Russysk, sletten), op 69°44′S by 72°42′E, yn it distrikt Prinsesse Elizabethlân;
  • Zhongshan (Sineesk), op 69°22′S by 76°22′E, yn it distrikt Prinsesse Elizabethlân;
  • Law-Racovita (Roemeensk), op 69°23′18,6″S by 76°22′46,2″E, yn it distrikt Prinsesse Elizabethlân;
  • Progress (Russysk), op 69°23′S by 76°23′E, yn it distrikt Prinsesse Elizabethlân;
  • Davis (Australysk), op 68°34′35,8″S by 77°58′02,6″E, yn it distrikt Prinsesse Elizabethlân;
  • Sovjetsjaja (Russysk, sletten), op 77°58′S by 89°16′E, yn it distrikt Keizer Wilhelm II-Lân;
  • Mirny (Russysk), op 66°33′S by 93°01′E, yn it distrikt Keninginne Marialân;
  • Komsomolskaja (Russysk, sletten), op 74°05′S by 97°29′E, yn it distrikt Keninginne Marialân;
  • Vostok (Russysk), op 78°28′S by 106°48′E, yn it distrikt Wilkeslân;
  • Wilkes (Amerikaansk, letter Australysk, sletten), op 66°15′25,6″S by 110°31′32,2″E, yn it distrikt Wilkeslân;
  • Casey (Australysk), op 66°16′54,5″S by 110°31′39,4″E, yn it distrikt Wilkeslân;
  • Concordia (of Koepel C) (Frânsk-Italjaansk), op 75°06′S by 123°23′E, yn it distrikt Wilkeslân;
  • Leningradskaja (Russysk, sletten), op 69°30′S by 159°23′E, yn it distrikt Oateslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!