Se waard berne as ienich bern fan in kelner en de sjongster Conny Renoir. Ek de mem fan har mem (Henny Verra) wie sjongster. Op har fjirtjinde seach se in show fan Wim Sonneveld en sûnttiids woe hja it kabaret yn. Se bruts de húshâldskoalle ôf en gie wurkjen as help yn de húshâlding. Begjin 1960 kaam se by it ABC-kabaret fan Wim Kan en Corry Vonk. Op advys fan Vonk feroare se har namme yn Jenny Arean.
Yn 1977 hie se in hit mei it tegearre mei Frans Halsema songen Vluchten kan niet meer, in duet út de musical En nu naar bed. Sûnt midden jierren tachtich makke se solo-programma's. Dêrneist spile se yn meardere musicals.
Privee
Arean wie fan 1963 - 1973 troud mei de akteur Huib Rooymans. It pear krige ien dochter, Myra. Begjin jierren tachtich hie Arean in relaasje mei Ischa Meijer dy't har oanmoedige in soloprogramma út te bringen. Se spilen tegearre yn fjouwer teaterprogramma's. Se is sûnt de oprjochting lid fan de Nederlânske feriening foar in Frijwillich Libbensein, en hat in eigen stichting mei de namme Godzalmijbewaren.
1991 - Jenny Arean Zingt Ischa Meijer - CD - DE JONGSTE DAG - CDJD 12 JA
1992 - Op Reis: Stormy Weather + Lichtmatroos + Het Mes + Naar Engeland Varen + Every Time We Say Goodbye + Liefde Negentientwintig - CDS - BRIGADOON - BIS 003
1993 - De Dame Zet Zich Schrap - CD - BRIGADOON - BIS 007
1994 - Alles Heeft Zijn Prijs - CD - BRIGADOON - BIS 009
1994 - Iemand Moet Het Doen - CD - MERCURY - 518 909 2
1998 - Heerlijk Duurt Het Langst - CD - QUINTESSENCE - QS 900 914 2
1999 - Voorwaarts En Niet Vergeten - CD - BRIGADOON - BIS 043
1999 - Portret - 2 CD's - BRIGADOON - BIS 029
2001 - Big City Amsterdam + Amsterdam - CDS - REFERENDUM BINNENSTAD -