De húshâldskoalle wie in skoaltype yn Nederlân en Flaanderen. Yn Nederlân hiet dizze skoalsoarte op it lêst offisjeel de Legere Húshâld- en Niverheidsskoalle (Nederlânsk: Lagere Huishoud- en Nijverheidsschool, LHNO). Yn de stêden wiene yndustry- en húshâldskoallen, op it plattelân lânbou-húshâldskoallen.[1]
De Nederlânske húshâldskoalle of itensierdersskoalle hearde ta it leger beropsûnderwiis en late op foar húshâldster of tsjinstfaam of woe froulju tariede op harren klassike rol as húsfrou. Op dizze skoallen learden allinnich famkes itensieden, húshâlden, fiedingslear en oare húshâldlike feardichheden sa as it byhâlden fan in húshâldboekje en hantwurkjen.
Skiednis
It húshâldûnderwiis is yn 1888 úteinset mei de Haagsche Kookschool. De húshâldskoalle waard ek wol smeulend de spinaazje-akademy of pudding-akademy neamd. Mei de ynfiering fan de mammoetwet fan 1968 krige it de namme Leger Húshâld- en Nijverheidsûnderwiis (LHNU) en is it ek foar jonges tagonklik wurden, dy't oant dan ta allinne nei de Ambachtsskoalle koenen. Yn 1992 is it LHNU mei oare foarmen fan leger beropsûnderwiis opgien yn it tariedend beropsûnderwiis (TBU). Mei it mafû (mavo) en in grut part fan it fuortset spesjaal ûnderwiis waard it tbû yn 1999 gearfoege ta it TMBU (VMBO).
Lykas oare maatskiplike organisaasjes wie ek it húshâldûnderwiis tige ferpyldere.
kristlik niverheidsûnderwiis Nijenhove begûn yn 1931 as naaikursus, groeide út ta in skoalle op trije nivo's mei mear as 500 learlingen ynklusyf in learare-oplieding en in eigen ynternaat.[3]