In bakker en syn wiif hawwe in fjurrige bernewinsk, dy't lykwols dwerseide wurdt troch in flok dy't op 'e famylje fan 'e bakker lein is troch de buorfrou, dy't in hekse is. Dy hie nammentlik jierren earder de bakker syn heit trappearre wylst er har kokentún leechstiel om 'e honger nei grienten fan syn swiere frou te stiljen. Om't de bakker syn heit ek de magyskebeantsjesstellen hie dy't de hekse har mem oan har yn bewarring jûn hie, en dy't se nea kwytreitsje mocht, waard de hekse lykwols in flok fan har mem oplein dy't har âld en lilk makke. De hekse easke dêrop de poppe op, it suske fan 'e bakker, doe't dy berne waard, en spriek har flok oer de heit fan 'e bakker en syn skaai út. No biedt de hekse de bakker en syn frou oan om har flok oer de famylje op te heffen as se harren binnen trije dagen dizze dingen bringe: in ko sa wyt as molke, in mantel sa read as bloed, hier sa giel as nôt en in slofke sa poer as goud. Dêrmei hopet se de flok fan har mem opheffe te kinnen en wer jong en tsjep te wurden.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Dat, de bakker en syn wiif tsjogge de bosk yn om dy fjouwer dingen te sykjen. De bakkerske bringt har man foar de kweeste in mantel dy't noch fan syn heit west hat, en yn in bûse fine se de magyske beantsjes. Ienris yn 'e bosk moetsje se Jaap, in net al te snoadeopslûpen jonge dy't fan syn mem de opdracht krigen hat om syn ko Molkewyt te ferkeapjen om't it bist net melk is. Om 'e ko te keapjen beprate de bakker en syn wiif de jonge om ynstee fan jild fiif magyske beantsjes oan te nimmen. Jaap hat dêr wol earen nei en ferkeapet harren de ko, mar as er mei de beantsjes thús komt, smyt syn poerrazene mem de gingen út it finster. Bûtendoar sjitte de beantsjes woartel en groeie út ta in reuseftige beanstôk dy't oant yn 'e wolkens kliuwt.
De bakker en syn wiif moetsje ek Readkapke, fan wa't de bakker om 'e nocht har bloedreade mantel mei kap besiket te ûntfytmanjen. As er letter gjalpen heart en op ûndersyk útgiet, ûntdekt er dat Readkapke en har beppe opfretten binne troch de Grutte Boaze Wolf. De bakker snijt de bealch fan 'e Wolf iepen om harren te befrijen, wêrnei't Readkapke him út tankberens har mantel jout. It suske fan 'e bakker, dy't troch de hekse fan har âlden ôfpakt wie, is ûnderwilens opgroeid ta in tsjeppe jongfaam, dy't de hekse as har mem beskôget. Hja hjit fan Rapûnske en wurdt troch de hekse finzen holden boppe yn in toer sûnder doar, dêr't se inkeld besocht wurde kin troch minsken omheechklimme te litten oan har ûnbidich lange hier. Har bestean wurdt earst ûntdutsen troch in prins dy't fereale op har rekket, en letter troch de bakkerske, dy't, har net bewust fan 'e identiteit fan 'e jongfaam, in flink stik fan har goudene hier ôfsnijt.
Underwilens liedt de earmeJiskepûster, dy't in weesbern is, in ellindich bestean as de tsjinstfaam fan har boaze styfmem en har beide aaklike styfsusters. Hja wol sa stomme graach nei it trijedeiske feest dat yn it keninklik kastiel organisearre wurdt, mar dêr wol har styfmem neat fan witte, ek al giet se der wol mei har eigen dochters hinne. Troch har winsk yn 'e bosk út te sprekken by it grêf fan har mem, wurde de âlde smoarge klean fan Jiskepûster lykwols omfoarme ta in prachtige baljûpe fan goudtrie en kriget se goudene slofkes oan 'e fuotten. Sa set se nei it feest yn it kastiel ta, dêr't de prins de hiele jûn mei har dûnset en gjin each foar oare froulju hat. Oan 'e ein fan 'e jûn flechtet Jiskepûster lykwols fuort sûnder in spoar efter te litten. Dat bart twa dagen efterinoar. De frou fan 'e bakker moetet har beide kearen yn 'e bosk, mar it slagget har net om ien fan 'e goudene slofkes te pakken te krijen. Pas op 'e trêde nacht, as Jiskepûster al ien fan har slofkes kwytrekke is om't har prins út foarsoarch tsjin in nije hommelse ôftocht pik oer de treppens fan it kastiel getten hat dêr't it ding yn klibjen bleaun is, wit de bakkerske Jiskepûster te bepraten om har it oerbleaune slofke te jaan.
No't de bakker en syn wiif alle fjouwer dingen beset hawwe dy't se sykje moasten, bringe se dy by de hekse. Sa kriget elts fan 'e personaazjes in 'happy end': de bakker en syn frou krije in lytsenien; Jiskepûster wurdt oan 'e hân fan har ferlerne slofke identifisearre troch har prins en trout mei him; Rapûnske wurdt befrijd út 'e hannen fan 'e hekse troch de broer fan Jiskepûster har prins en trout mei him; Jaap soarget derfoar dat syn mem tenei yn rykdom libje kin troch de dingen dy't er fan 'e reuzenstelt dy't yn 'e wolkens wenje en as er efterfolge wurdt troch de reus dy't er bestellen hat, deadet er dy troch de beanstôk om te kapjen; Readkapke en har beppe wurde befrijd út 'e mage fan 'e Grutte Boaze Wolf; en de hekse wurdt wer jong en tsjep. En eltsenien libbe noch lang en lokkich… soe men tinke.
It beteart lykwols oars. De bakker is sa bang dat er gjin goede heit wêze sil, dat er yndie net folle bakt fan syn nije heitesteat; syn wiif lit har ferliede troch Jiskepûster har prins; Jiskepûster rekket útsjoen op har prins as se syn oerhoer gewaar wurdt; en de hekse ûntdekt ta har skrik dat se yn ruil foar jonkheid en skientme har magyske krêften opjûn hat. It sechsde magyske beantsje út 'e bûse fan 'e mantel fan 'e heit fan 'e bakker, dat troch de bakker en syn frou fuortsmiten wurdt yn 'e bosk, groeit út ta in nije reuseftige beanstôk, dy't brûkt wurdt troch de frou fan 'e ombrochte reus om út 'e wolkens nei ûnderen te klimmen op 'e siik nei de moardner fan har man. Hja rjochtet yn it keninkryk grutte skea oan en deadet gâns lju, ûnder wa de mem en beppe fan Readkapke. It wâld is troch de ferwoastgings alhiel feroare en nimmen kin it paad nei hûs mear fine. De reuzinne easket de útlevering fan 'e moardner Jaap, oars sil se eltsenien deastampe. Der folget rûzje oer de etyk fan it útleverjen fan 'e jonge. Syn mem komt dêrby om as se fansiden treaun wurdt en ûngelokkich delkomt. Letter komt de frou fan 'e bakker om as se nei har tútsjeboartsjen mei de prins yn in ravyn falt.
De bakker, Jiskepûster, Jaap en Readkapke besykje de uterste oarsaak te finen fan alle tsjinrampen en jouwe inoar de skuld fan alles dat der bard is. Uteinlik beslute se lykwols dat it allegearre de skuld fan 'e hekse is, dy't ek gjin magyske beantsjes ferbouwe moatten hie. De hekse ferflokt harren allegear om harren ûnfermogen om ferantwurding foar harren eigen dieden te nimmen en teffens foar harren wegering om it juste te dwaan (Jaap út te leverjen oan 'e reuzinne). Se smyt al har oerbleaune magyske beantsjes fuort (dy't hastich opsocht wurde troch de oaren om it groeien fan mear reuseftige beanstokken foar te kommen) en ropt har mem oan om har op 'e nij te bestraffen. Dêrop raant se fuort ta in grutte tarreput. Troch gear te wurkjen witte de bakker, Jiskepûster, Jaap en Readkapke de reuzinne te fermoardzjen, hoewol't se harren derfan bewust binne dat wat se dogge eins dreech te rjochtfeardigjen is. Neitiid is de bakker wisberet om in goede heit te wurden foar syn poppe, en ek foar de wezen Jaap en Readkapke, dy't by him yn komme te wenjen. Jiskepûster beslút by har prins wei te gean en ek by de bakker yn te lûken, om him te helpen by de opfieding fan 'e bern.
De film ferskilt fan 'e toanielmusical trochdat der njoggen lieten útsnien binne. Fierders waard de rol fan 'e heit fan 'e bakker yn grutte gâns werombrocht, waard de heit fan Jiskepûster hielendal ôftanke en kamen ek it swierwêzen fan Rapûnske en de oerhoer fan 'e prinsen fan Jiskepûster en Rapûnske mei Sniewytsje en Toarnroaske net yn 'e film foar. It lot fan Rapûnske, dy't yn 'e musical deadien wurdt troch de reuzinne, waard feroare, mei't se yn 'e film de hekse oerhearrich wurdt en útnaait mei har prins. Hoewol't by in protte musicalferfilmings feroarings yn it materiaal oanbrocht wurde troch de filmmakkers sûnder ynstimming fan 'e skriuwers fan 'e musical, wie dat diskear sa net en wiene alle oanpassings goedkard troch Sondheim en Lapine.
Fan 'e filmkritisy ûntfong Into the Woods oer it algemien positive resinsjes, wêrby't benammen Meryl Streep in protte lof taswaaid krige foar har fertolking fan 'e rol fan 'e hekse. Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Into the Woods in frij heech goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 221 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oer it generaal nommen kin dizze Disney-adaptaasje fan 'e Sondheim-klassiker sûnder swierrichheden op 'e krusing fan Hollywood en Broadway pleatst wurde – ek al tsjusteret er yn 'e lêste lêste akte oan ta syn eigen skea." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Into the Woods in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 41 resinsjes.