Jiskepûster, yn it oarspronklike Frânsk: Cendrillon en Dútsk: Aschenputtel (Nederlânsk: Assepoester; Ingelsk: Cinderella; Italjaansk: Cenerentola), is in oerâld mearke dat û.m. optekene is troch Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"). Der is in ferskaat oan farianten fan bekend, mar dy binne langer allegear ferkrongen troch de animaasjeferzje fan 'e Walt Disney-studio's (basearre op 'e fariant fan Perrault), dy't wrâldferneamd wurden is. Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is Jiskepûster op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.
Ynhâld (ferzje fan de bruorren Grimm)
It mearke (yn 'e ferzje fan 'e bruorren Grimm) fertelt fan in famke wa har mem komt te ferstjerren. Har heit trout dan mei in widdo, dy't al twa dochters út har earder houlik hat. De styfmem en de beide styfsusters narje it famke allegeduerigen en litte har de swierste en smoarchste putsjes opknappe, sadat se altiten ûnder it stof en de jiske sit; dêrfandinne dat se har de namme Jiskepûster jouwe. As Jiskepûster har heit ris nei stêd giet, freget er syn dochter en styfdochters wat er foar harren meinimme moat. De beide styfsusters freegje om moaie klean en juwiellen, mar Jiskepûster freget inkeld om it earste twiichje dat him ûnderweis tsjin 'e hoed oan tikje sil. Dat twiichje plantet se op it grêf fan har mem en dêr groeit in beam út dêr't in fûgeltsje yn sitten giet dat alles nei ûnderen ta falle lit dêr't Jiskepûster om winsket.
Op in dei wurdt bekendmakke dat de kening in trije dagen duorjend feest hâlde sil, dêr't alle moaie jongfammen yn it lân foar útnûge binne, sadat syn soan, de prins, ien fan harren útkieze kin om mei te trouwen. Sawol de styfsusters as Jiskepûster wolle graach nei it feest ta, mar hoewol't de styfmem fan doel is om mei de beide styfsusters derhinne, wol se Jiskepûster net mei hawwe, ek al besiket dy nòch sa om tastimming te krijen. Nei't har heit, styfmem en styfsusters ôfsetten binne, giet Jiskepûster nei har memme grêf en winsket dat se in skoandere baljûpe en bypassende skuontsjes hie. Daliks lit it fûgeltsje dat allegear út 'e beam falle. Jiskepûster giet dan temûk nei it feest ta en dûnset mei de prins, dy't alhiel besleifere fan har rekket. Om't se foar it earst yn tiden net ûnder it stof en de jiske sit, ken nimmen har wer. Mar as hja oan 'e ein fan 'e jûn wer nei hûs ta giet, folget de prins har. Fuort by hûs wit se oan him te ûntkommen. De oare jûns giet se yn in noch moaiere jûpe op 'e nij nei it feest ta en dûnset wer mei prins en wit him wer krekt op 'e tiid te ûntglûpen. De trêde jûns draacht se in jûpe dy't nòch moaier is en dûnset se wer mei de prins, mar diskear hat er wat snoads betocht: hy hat de treppen fan syn paleis mei pik ynsmarre litten, en as Jiskepûster oan 'e ein fan 'e jûn wer besiket fuort te glûpen, bliuwt ien fan har skuontsjes yn 'e pik klibjen.
Mei't de prins likernôch wit wêr't se wenje moat, giet er de oare deis mei it skoechje nei har heite hûs ta om syn breid op te heljen. Dejinge dy't it skoechje past, sa seit de prins, dy wol er hawwe. De beide styfsusters binne yn alle steaten. De iene besiket it skoechje oan te dwaan, mar kin har grutte tean der net yn krije. Dan jout har mem har in mês en hjit har de tean ôf te snijen. De prins riidt mei har fuort, mar as er by it grêf fan Jiskepûster har mem lâns komt, sitte dêr twa dokes yn 'e beam, dy't al roppende de prins warskôgje dat it skoechje fol mei bloed sit. De prins bringt dêrop de falske breid wer thús. Dan prebearret de twadde styfsuster it skoechje, mar kin de hakke der net yn krije. Har mem jout har in mês en hjit har de hakke ôf te snijen. De prins riidt mei har fuort, mar wer warskôgje de dokes him dat de skoech fol mei bloed sit. Op 'e nij bringt de prins de falske breid thús en freget dan oan Jiskepûster har heit oft der dan gjin oar fanke yn syn hûs wennet. Dan wurdt skytskoarjend Jiskepûster foar 't ljocht helle: har past it skoechje persiis. De prins riidt mei har fuort en trout mei har, en de beide boaze styfsusters wurde op 'e trouwerij de eagen útpikt troch de beide dokes.
Skiednis
Ierste ferzjes
De skiednis fan Jiskepûster giet werom oant de Klassike Aldheid, doe't yn 'e earste iuw f.Kr. in soartgelikens ferhaal optekene waard troch de GrykskeskiedskriuwerStrabo yn syn Geographica (Boek 17, 1.33). Dat ferhaal, oer de Gryksk-Egyptyske faam Rhodopis ("Readwankje"), dy't yn 'e Grykske koloanje Naucratis, yn 'e Nyldelta, wenne, wykt gâns ôf fan it moderne Jiskepûster, mar dochs komme alle kritike eleminten fan in jongfaam, in prins (of yn dit gefal kening) dy't trouwe wol en in skoechje (yn dit gefal sandaal) deryn foar. Dit wurdt sadwaande ornaris as de âldste oerlevere foarm fan it mearke beskôge, al is it út syn geskriften dúdlik dat de grutte Grykske skiedskriuwer Herodotus yn 'e sechsde iuw f.Kr. al bekend wie mei it ferhaal fan Rhodopis. Nei Strabo syn tiid dûkt itselde ferhaal wer op by Klaudius Aelianus (±175–±235 n.Kr.), wat oantoant dat it de hiele Aldheid troch populêr bleau.
Behalven út 'e Westerske Aldheid binne der ek ferzjes fan Jiskepûster bekend út Sina (Ye Xian, út likernôch 860), de Filipinen (Mariang Alimango), Fjetnam (Tấm Cám) en Koreä (Kongjwi en Patjwi). Yn it MidsiuwskeArabyskeBoek fan Tûzen en Ien Nacht steane ferskate ferhalen dy't fierhinne oerienkomme mei Jiskepûster, wêrûnder It Ferhaal fan 'e Twadde Sjeik, It Ferhaal fan 'e Twadde Frouwe en Abdallah ibn Fadil en Syn Bruorren. Guon aspekten fan it Jiskepûster-ferhaal binne mooglik ôfkomstich út 'e Historia Regum Brittaniae, fan Geoffrey fan Monmouth, wêryn't it ferhaal fan 'e trije dochters fan kening Liir ferteld wurdt (dat letter, sij it sûnder it oarspronklike happy end, werferteld waard troch William Shakespeare yn syn toanielstikKening Lear).
Giambattista Basile
In Italjaanske ferzje, ûnder de titel Cenerentola, waard oan it begjin fan 'e santjinde iuw optekene troch de Napolitaanske ofsier en oerheidsfunksjonaris Giambattista Basile, yn syn Lo Cunto de li Cunti ("It Ferhaal der Ferhalen"), better bekend as de Pentamerone, dy't postúm publisearre waard yn 1634. Yn dat ferhaal wurdt Zezolla (Jiskepûster) tramtearre troch seis styfsusters en jout in goede fee har heit in stikmannich geskinken om oan har te jaan. Ek kriget se hjir de klean en skuon net fan in fûgeltsje, mar fan in fee dy't yn 'e beam wennet. Fierders is it grutdiels gelyk oan de ferzje fan 'e bruorren Grimm.
Charles Perrault
In oare, en miskien wol de bekendste fariant fan Jiskepûster stie yn 'e samling Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"), út 1697, fan 'e Frânske skriuwerCharles Perrault. It mearke hjit dêr folút: Cendrillon ou La Petite Pantoufle de Verre ("Jiskepûster of It Lytse Glêzen Slofke") dat neitiid yn dy foarm trou oerset is yn oare talen (en sa komt it Nederlânsk oan syn "glazen muiltje"). Mar glêzen fuotark is fansels te gek om los te rinnen; der is hjir dan ek in misferstân yn it spul. Yn 'e heraldyk bestiet in "kleur" (yn leketermen: in patroan) dy't "fêr" hjit, in ferfrysking fan it Frânske vair. Dat is in grimelgrammel fan wite en blauwe klokmotiven, dy't nei't men tinkt weromgiet op in stilearre foarm fan iikhoarntsjesbûnt. Fêr is, sels yn 'e heraldyk, in frij seldsum ferskynsel en it mei dus dúdlik wêze dat it wurd vair by de mûnlinge oerlevering fan it folksferhaal in kear, poer troch de fierhinne gelikense klank, misferstien of misbegrepen is as verre ("glês"). Mar it wiene oarspronklik slofkes mei in spesifyk wyt-blau patroan, of mooglik fan iikhoarntsjesbûnt, mar yn elts gefal net fan glês. Hoe dan ek, it wie Perrault dy't dit detail foar it earst optekene hat, krekt as de pompoen dy't yn in koets feroaret om Jiskepûster yn nei it feest ta te bringen. In oerienkomst mei de Italjaanske fariant fan Basile is dat ek by Perrault klean en skuon ôfkomstich binne fan in fee ynstee fan in fûgeltsje yn in winskbeam.
Bruorren Grimm
De ferzje fan Jiskepûster dy't de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm yn 1812 ûnder de titel Aschenputtel publisearren yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"), is hjirboppe werjûn ûnder it kopke "Ynhâld". Dit is ek de fariant dy't yn 2012 yn it Frysk oerset is troch Anne Tjerk Popkema. It giet der hjir nochal wat bluodderiger om en ta as by Perrault, mei it ôfsnijen fan tean en hakke yn dy syn ferzje net foarkomt, noch de wraak dy't de beide dokes oan 'e ein útoefenje op 'e styfsusters troch harren de eagen út te pikken. Krekt oarsom, by Perrault ferjout Jiskepûster de styfsusters en trouwe dy mei in pear hege hearen út it gefolch fan 'e prins.
Adaptaasjes
Der binne fan Jiskepûster withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder toanielstikken, musikals, opera's, balletten, films, tillefyzje, animaasje en muzyk. Fierwei de bekendste adaptaasje is lykwols de animaasjefilm Cinderella fan Walt Disney, út 1950, dy't fierhinne op 'e ferzje fan Perrault basearre is. Gjin tean- of hakke-ôfsnijerij by Disney, mar inkeld lakswiete ferskes yn in jimmergriene wrâld, dêr't it ferhaal fan 'e bruorren Grimm wat krú by ôfstekt. Disneys Cinderella wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan 'e grutte animaasjeklassikers en is ien fan 'e meast besjoene tekenfilms aller tiden.