Iku-Turso

Iku-Turso
persoanlike bysûnderheden
religy Finsk heidendom
domein oarloch, ferwuostging
famyljerelaasjes en oare besibskip
heit Äijö
soan Väinämöinen

Iku-Turso (Finske útspr.: [ˈikuˌturso], likernôch: "yktoerso"), ek bekend as Iku-Tursas, Iki-Tursas, Meritursas, Tursas en Turisas, is in kwea-aardich seemeunster út 'e Finske mytology. De term tursas is yn it Finsk in argaysk wurd foar "walrus" (de gongbere namme foar dat bist is mursu). Meritursas betsjut yn it Finsk "oktopus", hoewol't ek dêr in gongberder namme foar bestiet: mustekala (letterlik: "inketfisk"). Taalkundigen binne fan tinken dat de namme fan it seemeunster wierskynlik weromgiet op in prehistoaryske ûntliening út it Proto-Germaansk, fan *þurisaz, dat "reus" betsjutte.

Beskriuwing

Hoe't Iku-Turso der krekt útsjocht, is net dúdlik, mar hy wurdt beskreaun mei ferskate termen dy't dêr suggestjes oer jouwe, wêrûnder partalainen ("dy't riskant libbet", mar ek: "de burdige"); Tuonen härkä ("de okse fan Tuoni", de god fan 'e dea); tuhatpää ("tûzenkoppich"); en tuhatsarvi ("tûzenhoarnich"). Soms waard sein dat er wenne yn Pohjola, in mytysk plak earne yn it noarden, mar it kin skoan wêze dat dat komt om't Pohjola beskôge waard as it plak dêr't alle kwea weikaam.

Yn guon ferzjes fan 'e myte De Berte fan Njoggen Sykten wurdt Iku-Turso oantsjut as de heit fan alle sykten. De mem soe dan Loviatar wêze, de bline dochter fan Tuoni, de god fan 'e dea. De reuzen út 'e Noardgermaanske mytology, de Jötunn, waarden ek wol þursas neamd (inkeltal: þurs). Sy koene neffens de myten pylken ôfsjitte dy't by minsken sykten feroarsaken, as se dertroch rekke waarden. Dat en it feit dat de wurden þurs en Tursas sterk opinoar lykje, jout oannimlikens oan 'e teory dat der in bân tusken Iku-Turso en de Jötunn bestiet.

Guon myten wolle hawwe dat Meritursas partalainen de goadinne fan 'e lucht, Ilmatar, swier makke en sa de heit waard fan Väinämöinen. Dat soe betsjutte dat er in wier oerwêzen is. Oan 'e oare kant wurdt Iku-Turso ek beskreaun as de soan fan Äijö, in namme dy't ornaris brûkt wurdt foar Ukko, de god fan 'e himel. Yn 'e list fan Tavastyske goaden, opsteld troch Mikael Agricola, wurdt Iku-Turso neamd as de god fan 'e oarloch: Turisas voiton antoi sodast ("Turisas brocht oerwinning yn 'e striid"). Der is wol oannommen dat de god yn dy list eins net Iku-Turso, mar de Noardgermaanske god fan 'e oarloch Tyr is. Dy teory hat lykwols hjoed de dei net mear in soad oanhing.

Yn it Kalevala

Iku-Turso wurdt inkele kearen neamd yn it Finske nasjonale epos, it Kalevala. Yn 'e twadde kanto riizget er op út 'e see om in heaberch te ferbaarnen. Letter groeit út 'e jiske in reuseftige ikebeam, dy't sa grut wurdt dat er de sinne en moanne fertsjusteret en omkappe wurde moat. Fierderop yn it epos wurdt Iku-Turso oproppen troch Louhi, de Frouwe fan it Noarden, om de dieverij fan it magyske foarwerp Sampo tsjin te kearen. Väinämöinen, dy't de plonderders oanfiert, grypt Iku-Turso dan by de earen en twingt him mei betsjoenende wurden om te ûnthjitten dat er nei de boaiem fan 'e see weromkeare en dy nea wer ferlitte sil.

Ferneamings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Bibliography, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!