Harm Haijo (Hayo) Apotheker (Loppersum, 5 juny 1950) is in Nederlânske politikus foar D66.
Libben en wurk
Oplieding en iere karriêre
Apotheker studearre, nei syn oplieding oan 'e Ryks HBS yn Appingedam, sosjology en planology oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1974 syn doktoraaleksamen helle. Hy sette mei syn karriêre útein as wittenskiplik ûndersiker stedsfernijing oan 'e Ryksuniversiteit Grins en wurke dêr fan 1974 oant 1977. Dêrnei wurke er as ûndersiker en adviseur op 'e ôfdieling Sosjaal-Geografysk en Bestjoerkundich Undersyk (SGBO) fan de VNG fan 1977 oant 1980.
Politike karriêre
Hy begûn syn politike karriêre as gemeenteriedslid yn 1974 en as wethâlder yn 1975 yn de gemeente Loppersum oant 1977. Dêrnei waard er fan 1980 oant 1988 boargemaster fan Muntendam, fan 1988 oant 1993 fan Feandam en fan 1993 oant 1998 fan Ljouwert en krige dêrtroch wurdearring, hoewol't er sawol yn earstneamde as yn lêstneamde ('reade') gemeenten ynearsten net wolkom wie.[1][2] Doetiids wie er ek in tal jierren lid fan de Provinsjale Steaten fan de provinsje Grinslân.
Hy rûn as minister fan Lânbou yn it twadde kabinet-Kok fêst yn de Haachske polityk. Apotheker stapte út it kabinet om't er net genôch stipe foar alternativen foar de bargewet fan VVD-foargonger Jozias van Aartsen en oer de rjochtmjittgens dêrfan. De kabinetskrisis fan maaie sette him dêrta oan it tinken.[3] Hy stapte nei tsien moanne op en waard dêrnei boargemaster. Earst fan Stienwyk, dêrnei fan de fúzjegemeente Stienwikerlân.
Fan 15 febrewaris 2010 ôf wie Apotheker waarnimmend boargemaster fan Snits. Nei't dy gemeente op 1 jannewaris 2011 opgien wie yn de gemeente Súdwest-Fryslân waard er dêr earst waarnimmend boargemaster en begjin 2012 boargemaster. Yn dy snuorje sette er blyntsjewei in hantekening ûnder in troch in gemeente-amtner ferfalsk miljoenekontrakt foar in nijbouwyk yn Snits. De gemeente moast dêrtroch 7 miljoen euro mear betelje as de bedoeling wie. [4]
Hy bleau dêr boargemaster oant 31 desimber 2017, wêrnei't er mei yngong fan 1 jannewaris 2018 waarnimmend boargemaster fan 'e nije gemeente De Waadhoeke waard.[5][6] Op 30 oktober 2018 waard er opfolge troch Marga Waanders.[7][8] Nei twa moannen lins waard Apotheker mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waarnimmend boargemaster fan 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.[9] Yn oktober fan dat jier waard bekend dat FNP-deputearre Johannes Kramer Apotheker begjin jannewaris 2020 opfolgje soe.[10]
Underskieding
By syn ôfskied fan de gemeente Súdwest-Fryslân, yn desimber 2017, waard Apotheker beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[11]
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Muntendam schopt rel bij komst D'66-burgemeester, Nieuwsblad van het Noorden, 29 augustus 1980
- ↑ D66'er voor Leeuwarden zit PvdA dwars, Ljouwerter Krante, 24 septimber 1993
- ↑ Apotheker verlaat kabinet om varkenswet de Volkskrant, 8 juny 1999. Gearchiveerd op 27 oktober 2017.
- ↑ Burgemeester Sneek tekende blindelings vals contract, de Volkskrant, 28 augustus 2013. Argivearre op 1 desimber 2017.
- ↑ Boargemaster Hayo Apotheker nimt "ôfskied fan in libben" Omrop Fryslân 19 maart 2017. Argivearre op 27 jannewaris 2022.
- ↑ Burgemeester Hayo Apotheker stopt per 1 januari Balkster Krante, 19 maaie 2017
- ↑ Hayo Apotheker waarnemend burgemeester gemeente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, 21 desimber 2017
- ↑ Magda Berndsen waarnemend burgemeester Súdwest-Fryslân, Provinsje Fryslân, 21 december 2017
- ↑ Hayo Apotheker waarnemend burgemeester Noardeast-Fryslân Provinsje Fryslân, 21 desimber 2018
- ↑ Johannes Kramer nije boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân Omrop Fryslân 16 oktober 2019
- ↑ Hayo Apotheker benoemd tot Officier in de Orde van Oranje Nassau, Leeuwarder Courant, 19 desimber 2017
|