De Eilânkeltyske talen of Ynsulêr Keltyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Keltyske taalfamylje, dy't alle seis noch libbene Keltyske talen omfettet. De namme fan dize taalkloft slacht op 'e oarsprong fan dizze talen op 'e Britske Eilannen en ûnderskiedt se fan 'e oare grutte Keltyske taalgroep, de útstoarne Lânkeltyske talen, dy't fan âlds op it Jeropeeske fêstelân sprutsen waarden.
Hoewol't it taalgebiet fan 'e Eilânkeltyske talen tusken it begjin fan 'e jiertelling en it jier 500 nei alle gedachten de Britske Eilannen folslein omfieme hawwe moat, binne se tsjintwurdich troch de opmars fan it GermaanskeIngelsk nei úthoeken fan 'e arsjipel ferkrongen, wêrûnder de Skotske Heechlannen, de Hebriden, Wales, it eilân Man, Cornwall en dielen fan súdlik en westlik Ierlân. It Bretonsk, dat ek ta de Eilânkeltyske talen heart, wurdt sprutsen op it Jeropeeske fêstelân (ntl. op it Frânske skiereilân Bretanje), mar dêrmei is dat noch gjin Lânkeltyske taal, want it is dêr yn 'e Iere Midsiuwen mei nei ta nommen troch lânferhuzers dy't fan 'e Britske Eilannen kamen.
Klassifikaasje
De klassifikaasje fan 'e Keltyske talen is de wittenskip it noch altyd net oer iens, wat benammentlik it gefolch is fan brekme oan primêre gegevens. Mei oare wurden: der binne tefolle talen dêr't te min fan oerlevere is om ta in slutende yndieling te kommen. In protte taalkundigen meitsje lykwols gebrûk fan 'e tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske (of Kontinintaal Keltyske) en Eilânkeltyske (of Ynsulêr Keltyske) talen. Dêrby wurdt derfan útgien dat de dúdlike ferskillen dy't hjoed de dei besteane tusken de Brytoanyske talen (Welsk, Kornysk en Bretonsk) en de Gaelyske talen (Iersk, Skotsk-Gaelysk en Manksk) pas ûntstien binne nei't de Kelten har op 'e Britske Eilannen nei wenjen setten.
Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan 'e Proto-Keltyskeoertaal ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.
De tradisjonele yndieling yn Lânkeltyske en Eilânkeltyske talen hat ûnder taalkundigen lykwols noch altyd fierút de measte oanhing. Hjirûnder in skematysk oersjoch fan dizze yndieling: