Ealahuzen

Ealahuzen
Tsjerke fan Ealahuzen (2010)
Tsjerke fan Ealahuzen (2010)
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 360 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 8581
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 55' NB, 5° 32' EL
Skuorre by Ealahuzen mei de Fluezen op 'e eftergrûn (2019)
Skuorre by Ealahuzen mei de Fluezen op 'e eftergrûn (2019)
Pleats Mardyk dy't foar de jachthaven oer stiet (2011)
Pleats Mardyk dy't foar de jachthaven oer stiet (2011)
Offisjele webside
www.elahuizen.nl
Kaart
Ealahuzen (Fryslân)
Ealahuzen
Kaart
Tsjerke fan Ealahuzen (2010)
Himrik fan Ealahuzen yn de eartiidske gemeente Gaasterlân-Sleat

Ealahuzen is in 6 km lang lintdoarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardwestlik fan Balk, noardeastlik fan Aldegea en leit oan de súdeastkant fan de Fluezen. Under it doarp falt de buorskip Tropherne.

It doarp hat 360 (1 jannewaris 2023) ynwenners.[2]

Skiednis

Ealahuzen wie fan oarsprong twa doarpen: Ealahuzen en Nijegea. Ealahuzen lei noardlik fan Nijegea en de namme betsjut sokssawat as "delsetting fan de persoan of laach fan E(a)le". De namme kaam yn 1412 foar as Elahuysen, yn 1487 toe Eylahuysen, yn 1488 in Eylahusen en yn 1505 as Elahuysum.

Ealahuzen wie ien fan de fjouwer doarpen fan Noardwâlde, it súdeastlike part fan de gritenij, en letter gemeente, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. Dat gebiet waard yn de folksmûle "de Wâlde" neamd. Dy namme ferwiist nei it wâld en de sompe yn it gebiet. Dat wâld wie op it plak dêr't de Fluezen hjoed-de-dei leit. Nei in drûge simmer yn 1210 baarnde dat bosk ôf dêr't in lyts marke ûntstie dy't stadichoan mar grutter waard. De kearn fan Ealahuzen lei noardliker as hjoed-de-dei en it doarp wie in woltierich plak dy't in stim yn de Fryske Lândei hie. Ek stie der ien of mear aadlike stinzen by it doarp. De ynwenners hiene in part yn de Hylper seefeart nei Skandinaavje ta en leveren seelju foar de float. It doarp hie in eigen wapen besteande út in midsiuwsk skip dy't oer in griene see fart en dêr't in gouden sinne en in sulveren moanne op skynt.

De Fluezen waard njonkelytsen hieltyd grutter. Troch de algeduerigen westewyn sloegen der stikken sêftere grûn fan de súdeastlike ouwerwâlen ôf, dy't hieltyd fierder ôfslein waarden. Yn 'e rin fan 'e tiid ferbrede de Fluezen him. Om 1700 ferdwûn it âlde Ealahuzen yn it wetter. De tsjerke fan Ealahuzen waard om 1800 hinne ôfbrutsen, nei't er earder omreden fan it opkommende wetter ferpleatst waard. It heger lizzende tsjerkhôf bleau noch it langst drûch, oant dat yn it tiidrek 1750-1800 ek yn de weagen ferdwûn. Hjoed-de-dei is dat noch hieltyd in ûndjip plak en wurdt op kaarten somtiden noch oanjûn as "Ald Tsjerkhôf". Yn 'e njoggentjinde iuw waard der noch fan in klokkestoel praat op dat plak, mar dêr is hjoed-de-dei neat mear fan werom te finen. Fan it eardere Ealahuzen bleau allinnich in hantsjefol pleatsen en wenten by de Mardyk en de Lange Hoeke del stean en waard winliken in buorskip fan it tichteby lizzende Nijegea.

It doarp Nijegea waard út it buordoarp Aldegea wei stifte. De namme seit it al. "Gea" betsjut doarpsgebiet of himrik en is dus it "nije gea" (nij doarp), wylst Aldegea it "âlde gea" (âld doarp) is.

In grut part fan it lege sompelân by Nijegea waard troch Jacobus van der Waeijen, dy't fan 1688 oant 1743 grytman fan Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde wie, ynpoldere. Om 1822 hinne waard mei it oanlizzen fan de grutte Noardwâlderpolder úteinset, itjinge in soad wurkgelegenheid foar Nijegea joech. Nijegea wie oan 'e ein fan de njoggentjinde en it begjin fan de tweintichste iuw in woltierich doarp mei in tsjerke, skoalle, suvelfabryk, winkeltsjes, in bakker en in slachter, feehâlderijen en ambachtslju, lykas in smid, mûnemakker en timmerman.

Oant 1967 waard der noch hieltyd fan twa doarpen sprutsen, dy't yn 1631 tsjerklik al in ienheid foarmen. Om't der al trije doarpen yn Fryslân mei de namme "Nijegea" wiene, waard op útstel fan de PTT en de doarpsried besletten it doarp "Ealahuzen", nei de buorskip, te neamen.

Oant 1984 lei Ealahuzen yn de gritenij, letter gemeente Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. De gemeentenamme waard yn 1955 ta Himmelumer Aldeferd. Yn 1984 gie dy gemeente oer yn de gemeente Nijefurd, wylst it âlde "Noardwâlde", it gebiet fan de gemeente eastlik fan de Fluezen wêrûnder Ealahuzen, nei de gemeente Gaasterlân-Sleat. Dy gemeente gie yn 2014 wer op yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren.

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Ealahuzen.

Beide doarpen hiene eartiids in eigen tsjerke. Sa't al earder neamd waard, waard de tsjerke fan Ealahuzen ferpleatst troch it opkommende wetter fan de Fluezen. Om 1800 hinne waard er ôfbrutsen. Der stie oant yn de njoggentjinde iuw noch in klokkestoel, mar ferdwûn letter. De tsjerke fan Nijegea waard yn 1857 ôfbrutsen om't er boufallich wie. Der waard in nije tsjerke, mar baarnde op 13 juny 1864 folslein ôf doe't de tsjerke en toer troch wjerljocht troffen waard. Fuortendaliks dêrnei waard de hjoeddeistige herfoarme wettersteatstsjerke (no PKN-tsjerke) boud dy't op 18 desimber dat jiers iepene waard. De tsjerke stiet yn it uterste westen fan it doarp, dat eartiids de kom fan Nijegea wie. Rjochts fan de yngong is sûnt 1967 it wapen fan Ealahuzen ynmitsele.

Stinzen

Neffens de Schotanuskaart (1718) lei der yn in bocht yn de Nije Fokkesleat yn de buorskip Tropherne in stinswier. De Fokkesleat soe syn namme hawwe fan de Eastfryske haadling Focke Ukena yn 1420 dy't, doe't er út Sleat wei ferdreaun waard, troch dy sleat nei Warkum ta fear. De stins lei dus strategysk oan in wichtich farwetter.

Oan de súdein fan Tropherne wie neffens Schotanus (1718) by in pleats, in stemmende stelle, in twadde stinswier. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788) wurde de twa Ealahúster wieren neamd en wurde yn ferbân mei twa eardere stinzen brocht. De twadde stins waard yn 1487 foar it earst neamd en wie wichtich yn de tsierderijen tusken Skier en Fet.[3]

Suvelfabryk

Hynders yn in greide by Ealahuzen (2020)

Om 1800 rjochte de Keninklike Maatskippij fan tsiis- en bûterfabriken it steamsuvelfabryk De Wouden yn Nijegea op, mei spesjalisaasje yn it meitsjen fan bûter en tsiis, dy't hast alhiel foar it útfieren ornearre waarden. It fabryk krige de molke út de fiere omkriten wei, sa fier as út Sondel en Warns wei. Oant 1960 bleau it fabryk yn it eardere Nijegea yn wurking. Yn de lêste jierren ferwurke de fabryk likernôch acht miljoen kilogram molke it jier. Dat jier waard it fabryk troch Lankhorst yn Osingahuzen oernommen en waard de produksje, allyk mei de 25 wurklju, dêrhinne ferpleatst. Yn 1972 waard it fabrykkompleks in wettersportsintrum.

Mienskip

It doarpsbelang komt op foar de belangen fan it doarp. It doarpshûs hjit Us Nije Gea, dêr't de namme fan weromtinken docht oan de eardere namme fan it doarp: Nijegea. Doarpskrante Mar-Lûd ferskynt alve kear yn 't jier.

Tsjerke

De Tsjerke fan Ealahuzen yn 2011

Sport

Oare ferienings

De Fluezen by Ealahuzen (2020)
  • Kristlike frouljusferiening Aldegea-Ealahuzen Passage

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1964 1973 2004 2013 2022
Ynwenners 71 68 55 277* 330 356 360

* Nei't Nijegea en Ealahuzen feriene waarden.
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Ferskaat

  • By it doarp leit ek jachthaven 'De Koggeplaet'
  • Yn de neinacht fan Ald op Nij is it wenst yn it doarp om op de ruten fan guon ynwenners teksten te kalkjen.

By Ealahuzen is alle jierren skûtsjesilen fan de SKS.

Strjitten

Buorren, Elderskar, Joop Schweitzerstrjitte, Lange Hoek, Mardyk, Marsicht, Poeldyk, Tropherne, Tsjerkewei en Wâldwei.

Keppeling om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ealahuzen fan Wikimedia Commons.
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje

Read other articles:

Festival Internacional de Cine de Venecia de 1984 Lista de premiados de la Mostra de Venecia de 1984Datos básicosNombre oficial 41ª Mostra internazionale d'arte cinematografica di VeneziaOtros nombres Festival de Cine de Venecia de 1984Tipo Festival de largometrajesUbicación Venecia Italia ItaliaPrimera edición 1932Galardón León de Oro (en italiano: Leone d'Oro)EdiciónInauguración 01 de septiembre de 1984Clausura 11 de septiembre de 1984Días de duración 12Premios León de OroLe...

 

Simple Lie group; the automorphism group of the octonions Algebraic structure → Group theoryGroup theory Basic notions Subgroup Normal subgroup Quotient group (Semi-)direct product Group homomorphisms kernel image direct sum wreath product simple finite infinite continuous multiplicative additive cyclic abelian dihedral nilpotent solvable action Glossary of group theory List of group theory topics Finite groups Cyclic group Zn Symmetric group Sn Alternating group An Dihedral group Dn Quater...

 

DB 2810Hagen - Dieringhausen Totale lengte61,2 kmSpoorwijdtenormaalspoor 1435 mmAangelegd doorBergisch-Märkische Eisenbahn-GesellschaftGeopendHagen - Oberhagen: 16 oktober 1871Oberhagen - Dahl: 15 maart 1874Dahl - Brügge: 6 september 1874Brügge - Oberbrügge: 15 oktober 1891Oberbrügge - Meinerzhagen: 1 juli 1892Meinerzhagen - Marienheide: 1 dec 1892Marienheide - Gummersbach: 1 juli 1893Gummersbach - Dieringhausen: 1 okt 1893GeslotenHagen - Oberhagen: 1910Huidige statusHagen - Oberhagen: o...

Buste van Fran Eller gemaakt door de Sloveense beeldhouwer France Gorše. Fran Eller (Maria Gail (Sloveens: Marija na Zilji), 10 augustus 1873 - Ljubljana, 14 februari 1956) was een Sloveens dichter en jurist. Nadat Eller het gymnasium doorlopen had in Villach (Beljak), studeerde hij filosofie aan de universiteit van Graz en rechten aan de universiteit van Wenen. De studie beëindigde hij met zijn promotie in 1899. Hij zou daarna nog - in de jaren 1905-1906 - aan zijn habilitatie werken in We...

 

Rally van Corsica 2008 52ème Tour de Corse - Rallye de France Ronde 13 uit 15 Land  Frankrijk Start en finish Ajaccio Datum 10-12 oktober 2008 Ondergrond Asfalt Klassementsproeven 16 Competitieve afstand 359,02 km Complete afstand 1094,28 km Deelnemers 74 Aan de finish 60 Algemeen winnaar Sébastien Loeb Citroën Total WRT Vorige Catalonië 2008 Volgende Japan 2008 Portaal    Autosport De Rally van Corsica 2008, formeel 52ème Tour de Corse - Rallye de France, was de 52e editi...

 

Northport Ciudad Ubicación en el condado de Tuscaloosa y en el estado de Alabama Ubicación de Alabama en EE. UU.Coordenadas 33°15′14″N 87°35′32″O / 33.253888888889, -87.592222222222Entidad Ciudad • País  Estados Unidos • Estado  Alabama • Condado TuscaloosaSuperficie   • Total 38.5 km² • Tierra 37.9 km² • Agua 0.6 km²Altitud   • Media 67 m s. n. m.Población (2010)   • To...

American aviator (1884–1910) Archibald HoxseyBorn(1884-10-15)October 15, 1884Staunton, Illinois, U.S.DiedDecember 31, 1910(1910-12-31) (aged 26)Los Angeles, California, U.S.Cause of deathAir crashKnown forFlight altitude recordFlight with Theodore Roosevelt Front page of Los Angeles Herald on December 27, 1910, after Hoxsey set airplane altitude record. He died three days later. Hoxsey and Teddy Roosevelt before their flight. October 11, 1910. Archibald Hoxsey (October 15, 18...

 

United States utility company American Electric Power Company, Inc.AEP Building, its headquarters in Columbus, Ohio.TypePublicTraded asNasdaq: AEPDJUA componentNasdaq-100 componentS&P 500 componentIndustryElectric utilitiesPredecessorOriginally American Gas and Electric Company (AG&E), formed in 1906 from Electric Company of America. Became American Electric Power in 1958; merged with Central and Southwest Corporation in 2000.Founded1906; 117 years ago (1906)Hea...

 

نادي بلومفونتين سيلتيك تأسس عام 1969  الملعب ملعب سيسا رامابودو  البلد جنوب إفريقيا  الدوري دوري جنوب أفريقيا لكرة القدم  [لغات أخرى]‏،  ودوري جنوب أفريقيا الممتاز لكرة القدم  المدرب ليهلوهونولو سيمافادلو دايفيدس  الموقع الرسمي الموقع الرسمي  تعديل...

The iSCSI Extensions for RDMA (iSER) is a computer network protocol that extends the Internet Small Computer System Interface (iSCSI) protocol to use Remote Direct Memory Access (RDMA). RDMA is provided by either the Transmission Control Protocol (TCP) with RDMA services (iWARP) that uses existing Ethernet setup and therefore no need of huge hardware investment, RoCE (RDMA over Converged Ethernet) that does not need the TCP layer and therefore provides lower latency, or InfiniBand. It permits...

 

1886–1894 conflict in the Samoan Islands Samoan conflicts of 1887–1889 and 1893–1894Date1886–1894LocationSamoaResult Malietoa Laupepa restored to power in 1889 Berlin General Act creates new government structure Challenges to Laupepa's authority in 1893–1894 defeatedBelligerents 1887–1889Supporters of Mata'afaSupported by: United States 1887–1889Supporters of Tamasese German Empire 1893–1894Supporters of Mata'afa (1893)Supporters of Tamasese Lealof...

 

Mirko Vidović Mirko Vidović (born in Bila near Livno, December 31, 1940, deceased in Valence on October 13, 2016),[1] was a Croatian writer from Bosnia and Herzegovina. Early life and education He attended primary school at his native village of Bila near Livno in the period 1947-1951, and lower gymnasium in 1952-1955 in Odžak and Bosanski Šamac. That was the first time that his name showed up as a contributor to Sarajevan Male novine. After finishing primary school, he enrolled t...

Sapaean Roman client king of eastern Thrace from 12 to 18 AD Sextus Julius Cotys III (Ancient Greek: Κότυς, flourished second half of 1st century BC and first half of 1st century, died 18 AD) was the Sapaean Roman client king of eastern Thrace from 12 to 18 AD.[1] Family and origins Cotys was the son and heir of loyal Roman client rulers Rhoemetalces I and Pythodoris I of Thrace. Cotys' mother is only known through surviving numismatic evidence, which bears her image and her Roya...

 

العلاقات الليسوتوية الناوروية ليسوتو ناورو   ليسوتو   ناورو تعديل مصدري - تعديل   العلاقات الليسوتوية الناوروية هي العلاقات الثنائية التي تجمع بين ليسوتو وناورو.[1][2][3][4][5] مقارنة بين البلدين هذه مقارنة عامة ومرجعية للدولتين: وجه المقارنة ل...

 

WW2 German fortifications in Normandy, France Maisy BatteryPart of Atlantic WallGrandcamp-Maisy, Normandy, France Bunker at the Maisy BatteryCoordinates49°22′31″N 1°03′40″W / 49.3752°N 1.0612°W / 49.3752; -1.0612Site informationOpen tothe publicAll casemates are open to publicConditionSeveral casemates, accommodation block, trench systemSite historyBuilt1942 (1942)Built byOrganisation TodtIn use1942-44MaterialsConcrete and steelBatt...

1935 play by Noël Coward This article is about the 1935 play by Noël Coward. For the film based on it, see We Were Dancing (film). Gertrude Lawrence and Noël Coward in the original production, 1936 We Were Dancing is a short comic play in two scenes by Noël Coward. It is one of ten short plays that make up Tonight at 8.30, a cycle written to be performed in groups of three plays across three evenings. The original production, starring Coward and Gertrude Lawrence played in a pre-London to...

 

Folipastatin Names IUPAC name 1,7-bis[(Z)-but-2-en-2-yl]-3,9-dihydroxy-4,10-dimethylbenzo[b][1,4]benzodioxepin-6-one[1] Other names E323392EAO Identifiers CAS Number 139959-71-0 Y 3D model (JSmol) Interactive image ChemSpider 4943834 PubChem CID 6439424 UNII E323392EAO InChI InChI=1S/C23H24O5/c1-7-11(3)15-9-17(24)13(5)20-19(15)23(26)28-21-14(6)18(25)10-16(12(4)8-2)22(21)27-20/h7-10,24-25H,1-6H3/b11-7-,12-8-Key: JJMKBGPTPXPMBH-OXAWKVHCSA-N SMILES C/C=C(/C)\C1=CC(=C(C2=C1C(=O)...

 

2021 Chilean telenovela DementeGenreTelenovelaCreated byPablo IllanesWritten by Pablo Illanes Josefina Fernández Mauricio López Simón Soto Fernanda Lema Directed by Patricio González María Belén Arenas Starring Paz Bascuñán Benjamín Vicuña Francisco Pérez-Bannen Íngrid Cruz Andrés Velasco Patricia Rivadeneira Gonzalo Valenzuela Alejandra Araya Paulo Brunetti Lorena Capetillo Opening themeCello Suite No.1 in G Major, BWV 1007:I.Préludeby Johann BachCountry of originChileOriginal ...

Lithuanian rabbi Rabbi Naftali AmsterdamBorn1832 (1832)Salantai (Salant), Lithuania[1]DiedFebruary 10, 1916JerusalemBurial placeMount of OlivesOccupationAv Bais DinParentShlomo Amsterdam[2] Naftali Amsterdam (1832–1916)[1] was a Lithuanian-born Orthodox rabbi and a leader in the Mussar movement. Mussar movement role A student of Rabbi Yisroel Salanter, the Mussar movement's founder, his teacher categorized the roles of three top followers as: Rabbi Yitzchok Blaz...

 

American politician (1903–1985) This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: John Davis Lodge – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (January 2013) (Learn how and when to remove this template message) John Davis LodgeUnited States Ambassador to SwitzerlandIn officeMay 19, 1983 – April ...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!