Christina Applegate

Christina Applegate
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christina Applegate
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 novimber 1971
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
  Deensk
Dútsk
Frânsk
Iersk
Nederlânsk
  Noarsk
Skotsk
Sweedsk
Ulstersk
Welsk
jierren aktyf 1972 – no
prizen Young Artist Award 1989
Emmy Award 2003
offisjele webside
gjint

Christina Applegate (Los Angeles, 25 novimber 1971) is in Amerikaansk aktrise dy't yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren trochbriek yn 'e rol fan dochter Kelly Bundy yn 'e langrinnende tillefyzjekomeedzjesearje Married... with Children, dy't oant 1997 yn produksje bleau. Letter hie se de haadrol yn har eigen komeedzjesearje Jesse, en nei de milenniumwiksel begûn se in karriêre as filmaktrise, wêrby't se û.m. te sjen wie yn films as Don't Tell Mom the Babysitter's Dead, The Sweetest Thing, Anchorman: The Legend of Ron Burgundy en Bad Moms. Applegate wûn yn 2003 in Emmy Award en hat nominearre west foar sawol twa Golden Globes as in Tony Award.

Libben en karriêre

Jonkheid

Applegate waard yn 1971 berne yn Hollywood, dat in wyk fan Los Angeles is, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei Ingelske, Skotske, Ierske, Ulsterske (d.w.s. Noardiersk-protestantske), Welske, Dútske, Frânske, Nederlânske, Deenske en Sweedske foarâlden, mei hiel yn 'e fierte noch in spatsje Noarsk bloed.[1] Har heit wie Robert William "Bob" Applegate, dy't in liedingjaande funksje beklaaide by in platemaatskippij, en har mem, Nancy Lee Priddy, wie in sjongster en aktrise. Har âlden giene koart nei har berte útinoar. Applegate hat twa jongere healsiblings (Alisa en Kyle) út it twadde houlik fan har heit. Nei de skieding hie har mem in relaasje mei de muzikant Stephen Stills.

Aktearkarriêre

Applegate makke al as poppe mei har mem har debút op 'e Amerikaanske tillefyzje, yn 'e soapsearje Days of Our Lives en yn in reklamespotsje foar poppefieding. Har earste bewuste rol as aktrise hie se mei sân jier, yn 1979, yn 'e B-film Jaws of Satan. Neitiid hie se yn 1981 in twadde roltsje yn Beatlemania. Har earste tillefyzjerol hie se yn 1983 as in jonge Grace Kelly yn 'e biografyske tillefyzjefilm Grace Kelly. Fierders hie se gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Father Murphy, Charles in Charge, Silver Spoons, Amazing Stories en Family Ties. Yn 1986-1987 hie Applegate in weromkearende rol as de dochter fan in plysjeman yn 'e dramasearje Heart of the City.

Yn 1987 briek Applegate as seksy tiner troch mei de rol fan dochter Kelly Bundy, it stereotype fan it promiskuë domme blondsje, yn 'e komeedzjesearje Married... with Children. Dêrby hie se as tsjinspilers û.m. Ed O'Neill, Katey Sagal, David Faustino en Amanda Bearse. De searje wie sa'n grut súkses dat er alve tillefyzjeseizoenen rûn, fan 1987 oant 1997. Yn 1989 wûn Applegate foar de rol fan Kelly Bundy in Young Artist Award. Yn dyselde snuorje fertolke hja yn 'e film Streets ek de serieuzere rol fan in drugsferslaafde tiner dy't stalkt wurdt troch in psychoatyske plysjeman. Fierders wie se te sjen yn in gastrol yn 'e searje 21 Jump Street, yn 'e haadrol fan 'e âldste dochter yn 'e filmkomeedzje Don't Tell Mom the Babysitter's Dead (1991) en as presintatrise fan in ôflevering fan it komyske sketseprogramma Saturday Night Live. Ek hie se in rol yn 'e bizarre science fictionkomeedzje Mars Attacks! (1996), en dêrnjonken wie se yn 1995 ien fan 'e oprjochtsjende leden fan 'e popgroep the Pussycat Dolls.

Applegate yn 2009 by de útrikking fan 'e Golden Globes.

Nei't Married... with Children yn maaie 1997 úteinlik opholden wie, krige Applegate it jiers dêrop har eigen komeedzjesearje, mei as titel Jesse. De resinsinten wiene der sljocht mei, en Applegate wûn der yn 1999 in People's Choice Award mei, yn 'e kategory favorite aktrise yn in nije tillefyzjesearje. Teffens waard se datselde jiers nominearre foar in Golden Globe foar bêste aktrise. Nettsjinsteande dat waard Jesse yn 2000 nei trije seizoenen stopset. Letter hie Applegate in gastrol yn 'e ferneamde komeedzjesearje Friends, yn ôflevering 9 fan 2002 (The One with Rachel's Other Sister) en ôflevering 10 fan 2003 (The One Where Rachel's Sister Babysits), as de totaal egoïstyske suster fan haadpersoan Rachel Green (spile troch Jennifer Aniston). Foar har earste optreden yn dy rol wûn Applegate yn 2003 in Emmy Award yn 'e kategory bêste gastaktrise yn in komeedzjesearje.

Nei de milenniumwiksel lei Applegate har benammen ta op in karriêre as filmaktrise. Dêrby foel se op yn 'e rol fan Courtney Rockcliffe, yn 'e film The Sweetest Thing (2002), as kammeraatske fan Cameron Diaz en Selma Blair. Letter spile se ek yn û.m. View from the Top (2003), Grand Theft Parsons (2003) en Employee of the Month (2004). Se hie op 'e nij grut súkses mei de rol fan nijslêzeresse Veronica Corningstone yn 'e cultfilm en komeedzje Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004), as tsjinspylster fan Will Ferrell. Nei û.m. The Rocker (2008), Going the Distance (2010) en Hall Pass (2011), kearde Applegate yn 2013 werom as Veronica Corningstone yn 'e ferfolchfilm Anchorman 2: The Legend Continues.

Fierders wie se ek as stimaktrise aktyf, mei rollen yn û.m. Farce of the Penguins (2007), Alvin and the Chipmunks: The Squeakquel (2009) en Alvin and the Chipmunks: Chipwrecked (2011). Dêrnjonken stie Applegate ek geregeldwei op 'e planken, yn produksjes as The Axeman's Jazz, Nobody Leaves Empty Handed, The Runthrough en The Third Day; yn dat lêste stik as tsjinspylster fan Gena Rowlands. Yn 2004 makke se har debút op Broadway mei de rol fan Charity Hope Valentine yn 'e revival fan 'e musical Sweet Charity. Yn 2005 waard hja foar dy rol nominearre foar in Tony Award yn 'e kategory bêste aktrise yn in musical. Wylst se yn Sweet Charity spile, briek Applegate har foet, mei as gefolch dat de filmprodusinten de musical opdoeke woene. Hja beprate harren lykwols en spile fierder mei spesjaal fuotark oan, mar dêrmei fernylde se har foet wol sa foargoed, dat se yn 2013 yn in fraachpetear tajoech dat se net mear dûnsje kin.

Applegate yn 2014.

Yn 2006 wurke Applegate yn 'e mande mei û.m. Eva Longoria, Ryan Seacrest en Christina Milian mei oan 'e fideoklip fan it nûmer A Public Affair, fan sjongster Jessica Simpson. Fan oktober 2007 oant maaie 2009 hie se twa seizoenen lang de haadrol yn 'e komeedzjesearje Samantha Who?, oer in jonge frou dy't nei in ferkearsûngemak oan ûnthâldsferlies komt te lijen en dan ûntdekt dat se foar har ûngelok hielendal net in sympatyk persoan wie. Foar dizze rol wûn Applegate yn 2009 in People's Choice Award yn 'e kategory favorite tillefyzjestjer, en waard se yn 2010 foar de twadde kear nominearre foar in Golden Globe, diskear foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje. Yn 2011-2012 hie Applegate de haadrol yn alwer in komeezjesearje, Up All Night, mar nei't se deilis rekke wie mei de produsinten oer de rjochting dy't it mei har personaazje út gean soe, stapte se op, wat koarte tiid letter ta it opdoeken fan 'e searje late. Yn 2013 die Applegate mei oan it programma Who Do You Think You Are?, wêryn't de stambeam fan ferneamde persoanen útpluze wurdt.

Yn 'e 2010-er jierren wurke Applegate fierders as stimaktrise mei oan The Book of Life (2014) en oan Alvin and the Chipmunks: The Road Chip (2015). Ek wie se te sjen yn 'e films Vacation (2015), Youth in Oregon (2016) en Crash Pad (2017). Yn 2016 spile Applegate Gwendolyn James, de tirannike foarsitter fan 'e âlderried, yn 'e komeedzje Bad Moms, mei Mila Kunis. It jiers dêrop hie se in cameo yn it ferfolch, A Bad Moms Christmas. Op 'e tillefyzje hie Applegate yn 'e deselde snuorje gastrollen yn searjes as The Grinder en Ask the Storybots. Ek wie se te sjen yn 'e tillefyzjefilm Web Therapy (2015). Fan 2019 ôf fertolke se de haadrol fan Jen Harding yn 'e searje Dead to Me.

Priveelibben

Applegate is in fegetariër en komt op foar bisterjochten. Se troude op 20 oktober 2001 yn Palm Springs (Kalifornje) mei akteur Johnathon Schaech. Dat houlik rûn lykwols op 'e klippen doe't Schaech yn desimber 2005 in skieding oanfrege dy't yn augustus 2007 yn wurking trêde. Neitiid begûn Applegate yn 2008 om te gean mei muzikant Martyn LeNoble, mei wat se har op Falentynsdei 2010 ferloofde en op 23 febrewaris 2013 troude. Ek foar LeNoble is it syn twadde houlik. Yn jannewaris 2011 krige it pear in dochterke, dat Sadie Grace kaam te hjitten. Mids 2008 waard by Applegate boarstkanker fêststeld. Om't it ier ûntdutsen waard, wie it maklik te behanneljen en bettere se hielendal wer op nei't se beide boarsten ôfsette litten hie. Neitiid hat se har ferskate kearen ynset foar goede doelen dy't mei de bestriding fan kanker te krijen hawwe. Yn augustus 2021 makke Applegate bekend dat by har multiple skleroaze fêststeld wie.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1972 Days of Our Lives poppe 3 moannen âld
1981 Father Murphy Ada ôflevering A Horse from Heaven
1983 Grace Kelly de jonge Grace Kelly tillefyzjefilm
1984-1985 Charles in Charge Stacy 2 ôfleverings
1986 Silver Spoons Jeannie Bolens ôflevering A Family Affair
1986 All Is Forgiven Simone ôflevering Mother's Day
1986 Still the Beaver Mandy / Wendy 2 ôfleverings
1986 Amazing Stories Holly ôflevering Welcome to My Nightmare
1986-1987 Heart of the City Robin Kennedy 13 ôfleverings
1987 Family Ties Kitten ôflevering Band On The Run
1987-1997 Married... with Children Kelly Bundy 257 ôfleverings
1988 Dance 'til Dawn Patrice Johnson tillefyzjefilm
1988 21 Jump Street Tina ôflevering I'm OK – You Need Work
1990 The Earth Day Special Kelly Bundy tillefyzjespecial
1991 Top of the Heap Kelly Bundy 2 ôfleverings; crossover út Married… with Children
1993 Saturday Night Live harsels as presintatrise; ôflevering Christina Applegate/Midnight Oil
1998-2000 Jesse Jesse Warner ko-produsinte
2001 Prince Charming Kate tillefyzjefilm
2002-2003 Friends Amy Green 2 ôfleverings
2004 King of the Hill Colette / Attorney as stimaktrise; ôflevering My Hair Lady
2004 Father of the Pride Candy as stimaktrise; ôflevering One Man's Meat Is Another Man's Girlfriend
2005 Suzanne's Diary for Nicholas dokter Suzanne Bedford tillefyzjefilm
2007-2009 Samantha Who? Samantha "Sam" Newly 35 ôfleverings; ek filmprodusinte
2008 Reno 911! Seemji ôflevering Did Garcia Steal Dangle's Husband?
2009 Star-ving harsels ôflevering Married with Children..The Movie
2011-2012 Up All Night Reagan Brinkley 35 ôfleverings; ek produsinte
2011-2014 So You Think You Can Dance harsels realityprogramma; as gastsjuerylid; 8 ôfleverings
2012 Saturday Night Live harsels ôflevering Christina Applegate/Passion Pit
2015 Web Therapy Jenny Bologna tillefyzjefilm
2015 The Muppets harsels ôflevering Bear Left Then Bear Write
2015 The Grinder Gail Budnick ôflevering A Bittersweet Grind (Une Mouture Amer)
2018 Ask the Storybots Baker ôflevering Why Can't I Eat Dessert All the Time?
2019-2022 Dead to Me Jen Harding 30 ôfleverings; ek útfierend produsinte
films
1981 Jaws of Satan Kim Perry
1981 Beatlemania fan
1990 Streets Dawn
1991 Don't Tell Mom the Babysitter's Dead Sue Ellen Crandell
1995 Vibrations Anamika
1995 Wild Bill Lurline Newcomb
1995 Across the Moon Kathy
1996 Mars Attacks! Sharona
1997 Nowhere Dingbat
1998 Jane Austen's Mafia! Diane Steen
1998 The Big Hit Pam Schulman
1998 Claudine's Return Claudine Van Doozen
1999 Out in Fifty Lilah
2000 The Brutal Truth Emily
2001 Just Visiting prinsesse Rosaline / Julia Malfete
2002 The Sweetest Thing Courtney Rockcliffe
2002 Heroes oarehelte
2003 Grand Theft Parsons Barbara
2003 Wonderland Susan Launius
2003 View from the Top Christine Montgomery
2004 Surviving Christmas Alicia Valco
2004 Anchorman: The Legend of Ron Burgundy Veronica Corningstone
2004 Wake Up, Ron Burgundy: The Lost Movie Veronica Corningstone
2004 Employee of the Month Sara Goodwin
2005 Tilt-A-Whirl klant #1 koarte film
2007 Farce of the Penguins Melissa as stimaktrise
2008 The Rocker Kim Powell
2009 Alvin and the Chipmunks: The Squeakquel Brittany Miller as stimaktrise
2010 Going The Distance Corinne
2010 Cats & Dogs: The Revenge of Kitty Galore Catherine as stimaktrise
2011 Hall Pass Grace
2011 Alvin and the Chipmunks: Chipwrecked Brittany Miller as stimaktrise
2013 Anchorman 2: The Legend Continues Veronica Corningstone-Burgundy
2014 The Book of Life Mary Beth as stimaktrise
2015 Vacation Debbie Fletcher Griswold
2015 Alvin and the Chipmunks: The Road Chip Brittany Miller as stimaktrise
2016 Youth in Oregon Kate Gleason
2016 Bad Moms Gwendolyn James
2017 Crash Pad Morgan
2017 A Bad Moms Christmas Gwendolyn James cameo

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Etnysk komôf fan Christina Applegate beskreaun op Ethnicelebs.com

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!