Anna har heit Frâns II wie hartoch wurden as opfolger fan syn omkesJan V en Arthur III, dy't gjinien fan beiden manlike neikommelingen hiene. Frâns II wie sadwaande de lêste manlike telch út it slachteDreux-Montfort. Dat er sels ek gjin soannen produsearre, wie, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene, foar it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje in regelrjochte ramp, temear om't it Keninkryk Frankryk Bretanje as in soarte fan ôffalige provinsje seach dy't weromwûn wurde moast. Om fia Anna de erfopfolging fan syn laach feilich te stellen, liet Frâns II syn dochter op 10 febrewaris1486 formeel as syn erfgenamte erkenne troch de Steaten fan Bretanje. Sy waard dêrtroch offisjeel syn erfdochter, wat har ta in tige oantreklike houlikspartij makke.
Minder as in moanne letter, op 9 septimber, kaam Frâns II te ferstjerren by in ûngemak, as gefoch wêrfan't Bretanje yn in nije krisis stoart waard. Dy soe útrinne op noch ien lêste Frânsk-Bretonske Oarloch. Doe't er nei syn fal fan it hynder yn it stjerren lei, liet Frâns syn dochter Anna ûnthjitte dat se har nea deljaan soe ûnder in Frânske oerhearsking fan Bretanje. Ek stelde er syn fertrouling Jan IV fan Rieux, de maarskalk fan Bretanje, oan as Anna har fâd. Nei't se de Bretonske haadstêd Nantes ûntflechte wie omreden fan 'e twaspjalt mank har riejouwers oer hoe't it no mei har houlik moast, waard Anna op 10 febrewaris1489 yn Rennes ta hartoginne suo jure fan Bretanje kroane.
Mei trettjin jier troude Anna op 19 desimber1490 mei keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk. De houliksplechtichheid fûn plak yn 'e Katedraal fan Rennes. Maksimiliaan wie dêr fansels net yn eigen persoan by oanwêzich, om't it foar him fierstente tiidrôvjend en gefaarlik wie en reizgje hielendal ôf nei Bretanje. Ynstee wie it in houlik by folmacht. De Frânske Kroan wie net om goedkarring frege, wat ynbrek makke op it Ferdrach fan Verger. Los dêrfan soe der ek nea goedkarring foar sa'n houlik jûn wêze om't Maksimiliaan in swarde fijân fan Frankryk wie, en it houlik mei Anna him yn 'e praktyk hearsker oer Bretanje meitsje soe. It houlik waard dêrom yn Parys beskôge as in earnstige provokaasje. Noch helte minder wie foar Bretanje it feit dat it houlik sa'n minne timing hie: Maksimiliaan wie drok beset mei in problematyske troanopfolging yn it Keninkryk Hongarije, en syn Spaanske bûnsgenoaten Ferdinand II fan Aragon en Isabella fan Kastylje hiene de hannen fol oan 'e ferovering fan it Emiraat Granada.
Hoewol't sawol it Keninkryk Kastylje as it Keninkryk Ingelân troepekontinginten nei Bretanje stjoerden om it Bretonske leger mei fuort te sterkjen, hie net ien fan beide lannen op dat stuit ferlet fan in iepen oarloch mei Frankryk. Doe't yn 'e maityd fan 1491 in Frânsk leger ûnder Loadewyk II fan La Trémoille Bretanje binnenfoel, koene de Bretonnen dan ek net folle oars dwaan as tebekwike. Oan 'e ein fan 'e simmer sloech La Trémoille belis foar Rennes, dat Anna har residinsje wie, en nei twa moannen koe de stêd it net langer hâlde. Op 15 novimber joech Rennes him oer en ried de Frânske kening Karel VIII de stêd binnen. De beide kanten yn 'e oarloch kamen it Ferdrach fan Rennes oerien, wêrmei't de oarloch einige yn wat Anna krekt besocht hie foar te kommen: de folsleine oerhearsking fan Bretanje troch de Frânsen.
Karel VIII wegere Anna har houlik mei Maksimiliaan I te erkennen en liet it annulearje, mei as argumint dat it nea konsummearre wie (wat doedestiden neffens it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke grûn foar ûntbining fan in houlik wie). Nei't se alle útstelde houliken mei Frânske eallju ôfwiisd hie, waard Anna op 17 novimber1491fersein oan kening Karel VIII sels. Doe waard se, eskortearre troch it Bretonske leger (om sjen te litten dat se sabeare frijwillich mei it houlik ynstimde), nei Langeais brocht. Anna tekene formeel protest oan tsjin 'e gong fan saken: se sei dat it houlik mei Karel VIII bigamy wie om't se al troud wie; se sei dat it foarnommen houlik net trochgean koe om't Karel sels al formeel fersein wie oan Maksimiliaan syn dochter Margareta fan Savoaye; en se sei dat it foarnommen houlik yllegaal wie om't de breid ûnwillich wie, sadat it delkaam op ferkrêfting. Neat holp, en de houliksplechtichheid dy't har ta de gemalinne fan Karel VIII makke, waard op 6 desimber by moarnsdage yn it Kastiel fan Langeais holden.
It houlik wie eins feitlik yllegaal oant pausInnosintius VIII it, yn ruil foar oansjenlike konsesjes fan Karel VIII, op 15 febrewaris1492 falidearre. Tagelyk annulearre de paus doe ek formeel it houlik fan Anna mei Maksimiliaan, dêr't Karel sels it rjocht net ta hie om te dwaan. En hy joech in spesjale ûntheffing foar it houlik fan Anna mei Karel, dy't nedich wie om't se eins te nau oaninoar besibbe wiene om trouwe te meien. Oangeande Bretanje wie yn it houlikskontrakt fêstlein dat de houlikspartner dy't it langst libje soe, it bestjoer oer it hartochdom behâlde soe. Der wie lykwols ek yn fêstlein dat, mocht Karel VIII sûnder manlike erfgenamten komme te ferstjerren, Anna mei syn opfolger wertrouwe moast. Sa joech de Frânske Kroan himsels in reserve-opsje om dochs ta de anneksaasje fan Bretanje te kommen.
It wapen fan Anna fan Bretanje, mei it wapen fan har oarehelten (de Leeljes fan Frankryk) lofts en it wapen fan har heit (it harmelingen fjild fan Bretanje) rjochts.
Op 8 febrewaris1492 waard Anna by in plechtichheid yn 'e Katedraal fan Saint-Denis yn Saint-Denis, benoarden Parys, troch André d'Espinay, de aartsbiskop fan Bordeaux, kroane ta keninginne-gemalinne fan Frankryk. Dat wie lykwols mar in formaliteit, mei't se as keninginne fan Karel VIII alhiel gjin macht yn Frankryk hie. Wannear't Karel fuort wie, lykas doe't er yn 'e Italjaanske Oarloggen focht, wie net Anna fan Bretanje, mar syn âldere susterAnna fan Franrykregintesse foar him yn 't plak. Karel naam, sa't doedestiden wenst wie, ek it regear oer it gebiet fan syn frou oer, dat yn Bretanje hie Anna ek neat mear te sizzen. Karel ferbea har sels om 'e titel "hartoginne fan Bretanje" te brûken, wat ta oanhâldend en heechoprinnend spul tusken harren late. Ek yn 'e priveesfear wie de ferhâlding tusken Anna en Karel min. Dat begûn al trochdat Anna, doe't se trouwe moast, demonstratyf twa bêden meinaam: ien foar harsels en ien fan har brêgeman. Se wennen mar komselden op itselde plak, mar nettsjinsteande dat wie Anna it meastepart fan 'e tiid swier en brocht se yn harren sânjierrich houlik sân bern te wrâld, dy't lykwols allegearre deaberne waarden of mar koart libben. Anna wenne yn dy jierren yn 'e keninklike kastielen fan Amboise, Loches en Plessis, en as har man yn Itaalje focht, hold se ta yn Lyon, Grenoble of Moulins.
Anne fan Bretanje yn gebed. Miniatuer út 'e Grandes Heures d'Anne de Bretagne (sa. 1503-1508).
Houlik mei Loadewyk XII
Trije dagen nei it ferstjerren fan Karel VIII trêden de betingsten fan syn houlikskontrakt mei Anna yn wurking: om't er sûnder manlike erfgenamten stoarn wie, moast Anna mei syn opfolger trouwe. Dy opfolger wie syn folle neef Loadewyk fan Orléans, dy't op 'e Frânske troan kaam as Loadewyk XII. It probleem wie dat dyselde al troud wie, nammentlik mei syn nichtJehanna fan Frankryk, hartoginne fan Berry, in dochter fan kening Loadewyk XI en in suster fan Karel VIII. Op 19 augustus1498 prate Anna yn Étampes mei Loadewyk ôf dat se mei him trouwe soe as it him slagge en lit syn houlik mei Jehanna binnen in jier annulearje. Dêr sette er fuortendaliks mei útein.
It is net dúdlik oft Anna dy ôfspraak makke om't se net oars koe, of dat it in taktyske set fan har wie yn 'e hope dat Loadewyk it net oprêde soe om syn houlik ûntbûn te krijen. As dat lêste it gefal wie, kaam hja bedragen út. Paus Aleksander VI liet him troch Loadewyk blykber maklik oertsjûgje fan 'e needsaak fan in ûntbining, want hy annulearre it houlik tusken Loadewyk en Jehanna noch foar de ein fan it jier. It houlik fan Anna mei Loadewyk XII koe sadwaande al op 7 jannewaris1499 yn Nantes plakfine. In nije kroaningsseremoanje as keninginne-gemalinne fan Frankryk waard lykwols pas jierren letter holden, op 18 novimber1504, op 'e nij yn 'e Katedraal fan Saint-Denis.
It nije houlikskontrakt ferskilde radikaal fan dat fan Anna har houlik mei Karel VIII. Hja wie no langer gjin bern mear, mar in keninginne-dûairiêre, en hja wie wisberet om diskear erkenning ôf te twingen fan har rjochten as soevereinmonarch fan Bretanje. Wat ek meispile wie dat Loadewyk XII nei't it skynt, oars as Karel VIII, smoarfereale op har wie, wat har folle mear macht joech yn harren relaasje. Sa koe it dat, hoewol't Loadewyk de facto de nije hearsker oer Bretanje waard, hy erkende dat sy eigentlik de hartoginne wie. De besluten dy't er naam liet er dêrom altyd útgean yn har namme. It houlikskontrakt omfette ek in klausule dat harren âldste dochter of twadde soan it Hartochdom Bretanje ervje soe. (De âldste soan soe nammentlik kening fan Frankryk wurde, dêr't froulju troch de Salyske Wet fan 'e troanopfolging útsletten wiene.) Dat wie lykwols in ôfspraak dêr't de Frânsen har nei Anna har dea net om bekroadzje soene.
Under har twadde houlik wenne Anna foar it meastepart op it Kastiel fan Blois, dêr't har oanwêzichheid as hartoginne fan Bretanje rûnom merkber wie. Loadewyk sette de Italjaanske Oarloggen fan Karel VIII fuort en wûn dêrby de kroanen fan it Keninkryk Napels en it Hartochdom Milaan, sadat Anna fan 1501 oant 1504 ek keninginne-gemalinne fan Napels wie en fan 1499 oant 1500 en fan 1500 oant 1512 ek hartoginne-gemalinne fan Milaan. Under har twadde houlik liet Anna foar har âldelju in prealgrêf bouwe yn 'e Katedraal fan Nantes, dêr't nei har eigen ferstjerren ek har hert yn byset wurde soe, neffens wat se fêstlizze liet yn har testamint.
In medalje mei it byltenis fan Anna fan Bretanje, slein ta eare fan har besyk oan Lyon yn 1499.
As hartoginne ferdigene Anna de selsstannigens fan har heitelân fûleindich. Hja beävensearre in houlik foar har erfdochterKlaudia mei de jonge Karel fan Eastenryk, de lettere Karel V, sabeare om in Frânsk-Habsburchsk ferbûn te skeppen dat it Frânske súkses yn 'e Italjaanske Oarloggen bewissigje soe. It houlikskontrakt foar dy ferbyntenis waard op 10 augustus1501 yn Lyon tekene troch Frâns fan Busleyden, aartsbiskop fan Besançon, Willem fan Croÿ, Nikolaas fan Rutter en Pierre Lesseman, de ambassadeurs fan Filips de Skiene (de heit fan Karel V). Doe't it letter wierskynlik waard dat Anna gjin manlike erfgenamt fuortbringe soe, liet Loadewyk XII de fersizzing lykwols ferbrekke om in houlik tusken Klaudia en syn eigen troanopfolger Frâns fan Angoulême te regeljen. Om't Anna wol foar it ferstân hie dat sa'n houlik de definitive deastek foar de Bretonske ûnôfhinklikens wêze soe, wegere se oan har dea ta om dermei yn te stimmen. Ynstee woe se it houlik mei Karel V dochs trochsette of oars har twadde dochter Renée mei it Hartochdom Bretanje beërvje.
It wie yn dyselde snuorje dat Loadewyk XII troch sykte in pear moannen it bêd hâlde moast. Anna brûkte dy tiid om in rûnreis troch Bretanje te meitsjen. Yn namme wie dat in pylgersreis by in rige hillichdommen lâns, mar eins moat it sjoen wurde as in polityk barren en in die fan ûnôfhinklikens wêrmei't se har eigen soevereiniteit oer it hartochdom krêft by sette woe. Fan juny oant en mei septimber1505 die se yn triomf de iene nei de oare Bretonske stêd oan en besocht se plakken dêr't se noch nea west hie, wylst se hieltyd mei in protte pracht en preal ûnthelle waard troch har lienlju.
Nei de Frânske Revolúsje waard it grêf fan Anna fan Bretanje en Loadewyk XII op 18 oktober1793 ûntwijd, wêrby't harren stoflike omskotten yn in massagrêf smiten waarden. It prealgrêf waard foar in grut part rêden troch Alexandre Lenoir, dy't it fan 1795 ôf bewarre yn it Museum fan Frânske Monuminten foar't it ûnder de Restauraasje fan it Hûs Boerbon yn 1830 werompleatst waard yn 'e Katedraal fan Saint-Denis. It relikwarium mei it hert fan Anna fan Bretanje waard yn 1792 opgroeven as ûnderdiel fan 'e ynbeslachname fan alle ealmetalen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't útfierd waard yn opdracht fan 'e Nasjonale Konvinsje. It waard lege en opstjoerd nei Parys om omsmolten te wurden, mar it bedarre ynstee yn 'e Nasjonale Bibleteek fan Frankryk, dêr't it bewarre waard om yn 1819 werombrocht te wurden nei Nantes. Sûnt hat it dêr yn ferskate museä te bewûnderjen west, fan 1896 ôf yn it Musée Dobrée.
Yn har testamint hie Anna fan Bretanje fêstlizze litten dat se it Hartochdom Bretanje neiliet oan har twadde dochter Renée, mar dat waard negearre troch har man Loadewyk XII, dy't it hartochdom taparte oan harren âldste dochter Klaudia. Dyselde waard úthylke oan Frâns fan Angoulême, dy't yn 1515, in jier nei Anna har dea, op 'e Frânske troan kaam as Frâns I. By it ferstjerren fan Klaudia yn 1524, krige Frâns I sadwaande Bretanje yn 'e hannen, en yn 1532 fierde er formeel de Frânske anneksaasje fan Bretanje troch.
Klaudia, berne op 13 oktober1499, dy't har mem letter opfolge as hartoginne fan Bretanje en teffens keninginne-gemalinne fan Frankryk wie as de frou fan kening Frâns I. Hja stoar mei 24 jier op 20 july1524.
Renée, berne op 25 oktober1510. Hja troude letter mei Herkules II d'Este, hartoch fan Ferrara. Sy wie it iennichste fan 'e bern fan Anna fan Bretanje dat ridlik âld waard, mei't se stoar op 12 juny1574, doe't se 63 jier wie.