De beide soannen fan Albrecht, Hindrik en Joaris, jouwe in part fan 200 moargen fan it noch net ynpoldere lân oan harren haadstêd Frjentsjer, om't de stêd by de opstân oan de Saksyske kant bleaun wie.
De Spaanske foarsten karre it stjoeren fan inkele swarte slaven dy't noch út de Moarske tiid yn Spanje wienen nei Amearika goed. Dat is it begjin fan de swarte slavernij yn de Nije Wrâld.