Twa Amerikaanskekriminelen, de swarte Bobby Trench en de blanke Michael "Stig" Stigman, bringe in besyk oan 'e Meksikaanskehacienda fan drugsbaron Papi Greco, om yn ruil foar in bondel ferfalskepaspoarten in lading kokaïne op te heljen. Papi hat lykwols krekt in swakke skeakel yn syn eigen organisaasjeeliminearje moatten, en hy is dêrom skruten om in nije konneksje oan te gean mei de klant dy't Trench fertsjintwurdiget. Dêrom biedt er oan om ynstee te beteljen mei kontant jild. Trench wegeret dat oan te nimmen en ferlit de hacienda yn it selskip fan Stig sûnder wat bedijd te hawwen.
As de beide mannen de grins oerstekke nei de Feriene Steaten, wurde se oanholden troch de dûane, dy't derfan oertsjûge liket dat se drugs oan it smokkeljen binne. De beide mannen wurde apart faninoar ûnderfrege. Dan docht bliken dat Trench eins in spesjaal agint is fan 'e Amerikaanske narkotikabrigade, de Drug Enforcement Administration (DEA), dy't dwaande is mei in undercoveroperaasje om by de organisaasje fan Papi Greco te ynfiltrearjen. Hy rapportearret oan syn superieuren Deb Rees en Jessup dat it plan om kokaïne los te krijen fan Papi net slagge is. Jessup fynt dat it te gefaarlik wurdt foar Trench, mar dyselde hat trije jier fan syn libben ynvestearre om sa ticht by de drugsbaron komme te kinnen, dat hy is noch net ree om it byltsje derby del te smiten.
Trench en Stig betinke in plan om Papi Greco in leske te learen. De drugsbaron hat nammentlik in jonge mêtresse yn it stedsje Tres Cruces yn Teksas te wenjen, dy't er ienris yn 'e fjirtjin dagen besiket. Eltse kear nimt er in tas mei kontant jild mei út Meksiko, dat er fertsjinne hat mei drugshannel. Dat slacht er op yn in bankklúske by de pleatslike bank. Trench en Stig wolle dat jild, sa'n 3 miljoen dollar, stelle troch in bankberôving út te fieren.
De DEA hat net genôch bewiismateriaal om yn it bankklúske fan Papi Greco sjen te meien, mar Trench ornearret dat by it ûndersyk nei de bankberôving fierders gjin ferlet is fan bewiismateriaal, salang't de bút mar fuortendaliks weromfûn en yn beslach nommen wurdt. Papi Greco sil dan yn beskuldiging steld wurde kinne foar wytwaskjen. Dêrom regelet er mei Deb, mei wa't er behalven in profesjonele ek in seksuelerelaasje ûnderhâldt, dat de DEA by de bankberôving klear stean sil om him en Stig oan te hâlden sadree't se mei de bút út 'e bank nei bûten komme.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Mei de bankoerfal giet it dat it slydjaget. Mar út 'e bankklúskes helje Trench en Stig net $3 miljoen, mar mear as $43 miljoen. By beide mannen geane dêrtroch de alaarmbellen ôf. By Trench boazet it gefoel fan ûngerêstens noch oan as der taal noch teken fan 'e DEA is as hy en Stig mei de bút út 'e bank wei komme. Op in ôfhandich plak yn 'e woastyn folget Stig syn oarder op troch Trench te ferrieden en mei it jild út te naaien. Hy lûkt syn pistoal om Trench dea te sjitten, mar ynstee dat er him troch it hert sjit, rekket er him yn it skouder. (Mei't er in earsten skerpskutter is, dy't nea mist, docht er dat mei sin; hy is Trench nammentlik yn 'e acht moannen dat se no gearwurkje as in freon begûn te beskôgjen.)
Neitiid sjocht er it ynsinje fan 'e DEA dat Trench yn 'e hân hie, om't dyselde op it stuit stie himsels bekend te meitsjen en Stig te arrestearjen. Unwis wat er dêrfan tinke moat, lit Stig Trench ferwûne en mei in fleske wetter yn 'e woastyn efter. By in nije moeting mei Quince en inkele matroazen bekent Stig dat er, nettsjinsteande dúdlike oarders dêrta, Trench net deade hat. Quince lit him nei it plak ta bringe dêr't Stig Trence delsketten hat, om Trence dochs noch út 'e ljochten te helpen, mar de fûgel is flein. Dêrop jout Quince syn mannen befel om Stig te deadzjen. Dy is harren lykwols te fluch ôf en naait út. Trench hat yn 'e tuskentiid de bewenne wrâld wer berikt, dêr't er syn skotwûne klandestyn oplaapje lit troch in bistedokter.
Underwilens wurdt de bankberôving net inkeld ûndersocht troch de plysje, mar ek troch in trijetal mysterieuze manlju ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume Earl. Dy ûnderfreget op hurdhannige wize de bankdirekteur en komt Trench en Stig op it spoar fia in besyk dat de beide mannen in dei earder brocht hawwe oan it kafetaria yn Tres Cruces, lyk foar de bank oer. (Dêr't se de sitewaasje beseagen en de lêste hân leine oan 'e plannen foar de oerfal.) Letter kriget deselde bistedokter dy't Trench behannele hat, besite fan Earl-en-dy, dy't him martelje om ynformaasje los te krijen oer Trench.
Trench bejout him nei it appartemint fan Stig om it jild werom te krijen, mar wurdt dan opskille troch Stig, dy't mei in skerpskuttersgewear op it dak fan in oanbuorjend gebou leit. Op dat stuit kriget Trench foar it earst yn 'e gaten dat Stig ek in undercoveragint is. In oprommingsteam dat troch Quince stjoerd is, kringt it appartemint binnen om Stig te deadzjen, mar treft dêr ynstee Trench oan. Mei help fan Stig wit Trench nauwerneed te ûntkommen. Hy giet nei Jessup om it hiele fiasko op te bychtsjen, mar wurdt dêr opwachte troch Earl en syn mannen, dy't Jessup oermastere hawwe. Earl sjit Jessup dea en fertelt dan oan Trench dat er derfoar soargje sil dat Trench foar de moard op syn baas efter de traaljes ferdwynt as er de $43 miljoen net weromjout.
Trench en Stig fetsje dêrnei los faninoar itselde plan op: om Papi Greco te ûnderfreegjen. Se ride inoar dêrby yn 'e tsjillen en beslute úteinlik om 'e lapen mar gear te smiten, mei't se no dochs yn itselde skûtsje sitte. Se ûntfiere Papi Greco en nimme him mei nei de garaazje fan Deb har hûs, dêr't Trench de kaaien fan hat. Ut 'e antwurden fan 'e drugsbaron meitsje se op dat Earl-en-dy aginten fan 'e CIA binne, dy't troch ôfparsing 7% fan 'e ynkomsten fan 'e Meksikaanske drugskartels ynsammelje om dêrfan de swarte operaasjes fan 'e ynljochtingstsjinst te finansieren.
As Deb thús komt, is se feralterearre om Trench, Stig en Papi Greco yn har garaazje oan te treffen. It hûs wurdt koart dêrnei oanfallen troch de mannen fan Quince, mar Trench, Stig en Deb witte te ûntkommen. Spitigernôch jildt datselde ek foar Papi, dy't in mobile tillefoan wit te bemachtigjen en de leden fan syn binde te help ropt. Trench en Stig wurde finzennommen en oerbrocht nei de hacienda fan Papi yn Meksiko, dêr't de drugsbaron harren martelet oant se omlyk wolle. Dan lit er harren sjen dat er ek Deb yn 'e hannen krigen hat. Hy jout Trench en Stig 24 oeren om him de $43 miljoen te bringen, oars sil er Deb fermoardzje.
Stig hat Quince sizzen heart dat er it jild nei it Marineloftstasjon Corpus Christi yn Corpus Christi (Teksas) oerbringe soe, dat nei't se mei muoite de Amerikaanske grins wer oerkommen binne, sette de beide mannen dêrhinne. Trench kringt op 'e marinebasis it kantoar fan Quince binnen, dêr't er ûntdekt dat Quince ek in seksuele relaasje mei Deb ûnderhâldt. It docht bliken dat Quince en Deb de hiele operaasje mei de bankberôving fan begjin oant ein manipulearre hawwe, sadat se sels de $43 miljoen efteroer drukke koene. De bút befynt him lykwols net yn Quince syn kantoar. Underwilens bejout Stig him nei skout-by-nacht Tuwey, de kommandant fan 'e basis, oan wa't er alles útleit. Lykwols, ynstee dat Tuwey him helpt, beslút er alle bannen mei sawol Stig as Quince te ferbrekken, om't syn earste soarch de reputaasje fan 'e Amerikaanske Marine is. Trench wit de marinebasis te ferlitten yn 'e momkape fan in marine-ofsier, wylst Stig troch de militêre plysje fan it basisterrein smiten wurdt. Mei't se it jild net fine kinne, hâldt Papi Greco wurd en sjit Deb dea. Neitiid ûntdekt Trench, te let, de lokaasje fan it jild, yn in motelkeamer dêr't hy en Deb inoar gauris troffen.
Stig keart werom nei de hacienda fan Papi Greco om wraak te nimmen op 'e drugsbaron. Hy makket sawol Papi as Quince wiis dat er it jild by him hat en besiket de beide groepen fijannen safier te krijen dat se inoar útmoardzje. Dat liket net bot te slagjen, oant Trench mei it echte jild ferskynt nei't er op 'e hacienda ôfsprutsen hat mei Earl-en-dy. Hy blaast de auto mei it jild op, wat it startsein is foar in grutte sjitpartij tusken Papi Greco en syn trewanten, Quince en syn mannen, Earl-en-dy en Trench en Stig. Wylst de trije groepen fijannen inoar ôfmeitsje, flechtsje Trench en Stig de stâlen fan 'e hacienda yn, dêr't him úteinlik in Mexican standoff ûntjout, wêrby't Stig Earl ûnder skot hâldt, wylst Earl Trench ûnder skot hâldt, Trench Quince ûnder skot hâldt en Quince Stig ûnder skot hâldt. De ympasse einiget as Trench en Stig beslute om inoar te fertrouwen: se sjitte tagelyk en deadzje sa Earl en Quince. Neitiid spoare se in ferwûne Papi Greco op en sjitte him ek dea. Dêrnei spylje se fan rutens, mar net foar't Trench Stig yn 'e skonk sketten hat as ferjilding foar de skotwûne yn syn skouder.
Under de ympasse yn 'e stâlen hie Earl derút blaft dat de CIA noch tweintich oare geheime banken hat foar it opslaan fan it jild dat se fan 'e Meksikaanske drugskartels krije, dat Trench en Stig beslute om ris te sjen hoe't se de ynljochtingetsjinst noch mear jild ôfhandich meitsje en sa de swarte operaasjes sabotearje kinne. Wylst se oan in taffeltsje yn in kafetaria in oare lytse bank yn it grinsgebiet observearje, bychtet Trench op dat er net de hiele $43 miljoen yn 'e auto stoppe hie dy't er opblaasd hat.
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 2 Guns in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 187 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er formulemjittich fan opbou en gauris steurend gewelddiedich is, stipet de âlderwetske oantrekkingskrêft fan [de film] op 'e ynterpersoanlike omgong tusken syn garismatyske stjerren, dy't goed oaninoar weage binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 2 Guns in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 43 resinsjes.