Zakopane is in stêd yn it uterste suden fan Poalen. It hat 30.000 bewenners en leit yn it woiwodskip Lyts-Poalen. De stêd stiet bekend as it wintersportsintrum fan Poalen. It is ek in populêr startplak foar guons dy't yn de Tatra te kuierjen wolle.
Lânskip
De stêd leit op in hichte fan 800 meter oan de foet fan de Giewontberch. Op it heden lûkt de stêd in protte toeristen en binne der in soad hotels en pensjons. Troch de karakteristike boustyl fan de Podhale mei houten huzen en in protte houtfykwurk, hat it stedsje noch hieltyd har doarpsk karakter behâlden.
De pleatslike befolking, dy't yn Poalen de Góraly (= berchbewenners) neamd wurde, hechte bot oan tradysjes. Op strjitte is faak in kapela te hearren dy't tradisjonele Poalske muzyk út de omkriten spylje.
Lang lyn wie Zakopane net mear as in lyts berchdoarpke. Yn 1646 wennen der net mear as 43 ynwenners. Pas yn it midden fan de 19e iuw begûn Zakopane stadich in stêd fan betsjutting te wurden en luts toeristen en keunstners oan út it 100 km noardliker lizzend Krakau. Yn 1889 telde de stêd 3000 ynwenners. Sûnt dy tiid wie it ek makliker berikber troch in spoarferbining.
Yn de maitiid fan 1940 wie der in gearkomst fan ôffurdigen fan de Gestapo en NKWD, de geheime tsjinst fan de Sowjet-Uny, yn Zakopane, om oer mienskiplike maatregels tsjin de Poalske fersetsbwegeging te praten.
Foar it Poalsk ferset wie Zakopane in wichtich tuskenstasjon yn it boadskippenet fan Warsjau en Krakau oer Slowakije nei Bûdapest. Guon ynwenners wiene koerier dy't boadskippen oer de bergen brochten, oaren wiene op mear as ien manier belutsen by it ferset tsjin de besetter.
Fan 1942 oant 1943, wie dêr ek in subkamp fan konsintraasjekamp Kraków-Płaszów; 1000 slaveärbeiders moasten dêr yn in stiengat arbeidzje.[1]