De wytsturtkjifstikelbaarch is lânseigen op it grutste part fan it Yndiaaske subkontinint, útsein it noardeastlike diel. De eastgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint fan 'e dielsteat Orissa al bochtsjend nei it noardnoardwesten, roert it uterste súdwesten fan Nepal oan, en rint dan by de Himalaya lâns troch it noarden fan Yndia yn Kasjmier. Ek komt er foar op Sry Lanka. Mear nei it westen ta libje wytsturtkjifstikelbargen yn hast hiel Pakistan, Afganistan, Iraan en Azerbeidzjan.
De wytsturtkjifstikelbaarch is in grut kjifdier, dat trochinoar in totale lichemslingte hat fan sa'n 90 sm, en in gewicht fan 14½ kg. Hy is oerdutsen mei boarstelich brún hier, en hat op 'e rêch lange stikels, dy't op 'e sturt koarter en hol binne. De eagen en earen binne lyts, en de poaten binne breed mei lange klauwen, dy't bedoeld binne om mei te graven.
Hâlden en dragen
Wytsturtkjifstikelbargen binne bisten dy't har oan in protte ferskillende biotopen oanpasse kinne, lykas tropysk reinwâld, tuskenbeiden leafwâld, berchtmen, iepen gerslân en steppen. As se har bedrige fiele, rattelje se mei de holle stikels op har sturt, en as dat de oanfaller net ôfskrikt, dan sette se har rêchstikels op en dogge se beklingse útfallen wêrby't se besykje de oanfaller mei har stikels te stekken. Dat is sa'n effektive ferdigening, dat de measte konfrontaasjes tusken wytsturtkjifstikelbargen en rôfdieren einigje mei de dea of slimme ferwûning fan it rôfdier. Yn Yndia is fêststeld dat in soad minske-itende tigers en loaihoarsen ta har dieetkar brocht binne om't se net mear goed jeie kinne fanwegen ferwûnings dy't se oprûn hawwe yn konfrontaasjes mei wytsturtkjifstikelbargen.
De wytsturtkjifstikelbaarch is in nachtdier, dat libbet yn ûndergrûnske hoalen en benammen foar 't ljocht komt om te foerazjearjen. Op it menu steane benammen plantaardige saken, lykas fruchten, nôt en plantewoartels, wat dit bist net botte populêr makket by lânbouwers. Fierders gnauje wytsturtkjifstikelbargen gauris op âlde bonken om, nei alle gedachten om't se ferlet hawwe fan kalsium. De wyfkes produsearje ien nêst fan 1-4 jongen it jier. Oer de libbensferwachting fan dit bist is net folle bekend.
Status
De wytsturtkjifstikelbaarch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.