It wrâldkampioenskip fuotbal 2018 waard fan 14 juny oant en mei 15 july 2018 yn Ruslân holden. It wie it earste WK fuotbal dat ea yn East-Jeropa plakfûn, al wie it wol de alfde kear dat der in WK fuotbal yn it wrâlddiel Jeropa spile waard. Alle stadions wiene yn it Jeropeeske diel fan Ruslân. It kampioenskip waard wûn troch Frankryk dat foar de twadde kear yn de skiednis wrâldkampioen waard.
De teams mei tsjokke letters giene fierder nei de knock-outfaze fan 'e lêste 16.