Thackeray hâlde in tal jierren op it Europeeske fêstelân ta, meast yn Parys, dêr't er niget krige oan de skilderkeunst.
Yn 1833 rekke er syn fortún kwyt en moast syn talint foar sjoernalistyk brûke om troch de tiid te kommen. Under in ferskaat oan pseudonimen wurke er mei oan tydskriften sa as Fraser's Magazine en Punch.
"The Book of Snobs" út 1846 makke him ferneamd as satirikus fan de hypokrisy fan de Ingelske mienskip. De trochbraak as romanskriuwer kaam mei de publikaasje fan Vanity Fair, in roman yn ôfleverings dy't yn 1848 as boek ferskynde. In jier letter kaam The History of Pendennis út, foar it grutstepart in autobiografyske sedeskets fan de legere adel (gentry).
In protte lju beskôgje The History of Henry Esmond as syn masterwurk; it is in histoaryske roman út 1852 dy't spilet ûnder it regear fan keninginne Anna. Dêrnei folgen noch: The Newcomers (1853-1855), The Virginians (1857), Lovel the Widower (1860) en The Adventures of Philip en Denis Duval (1862).
Thackeray wie net allinne romanskriuwer, mar ek sjoernalist, karikaturist, kritikus en histoarikus. Hy wie in realist dy't alles om him hinne sekuer waarnaam. Fergelike mei Charles Dickens, dy't in humorist en optimist wie, wie hy foaral in skeptikus en pessimist mei in feninige fûle koartswyl fol fan sarkasme.
Húshâlding
William Makepeace Thackera] en syn wiif Isabella Gethin Shawe (1816–1893) krigen trije dochters: Anne Isabella Thackeray, dy't ek skriuwster wurde soe en yn 1877 troude mei har neef Richmond Ritchie; Jane (1839) stoar doe't hja acht moannen wie en Harriet Marian (1840–1875), dy't boaske oan Leslie Stephen yn 1869.