In Histoaryske roman is in yn it ferline situearre ferhaal oer histoaryske of optochte persoanaazjes. It sjenre ûntstie yn de 19e iuw en is tige ferbûn mei it opkommen fan de Romantyk. Ien fan de skaaimerken fan dizze streaming is de tanommen niget foar skiednis. It wie net langer sa dat de histoaryske belangstelling him beheinde ta de Aldheid, want der kaam no ek omtinken foar de Midsiuwen dy't eartiids as barbaarsk sjoen waarden. Dêrneist brocht it opkommen fan de Nasjonale Ienheidssteat ek in proses fan nasjonaal bewustwêzen op gong mei tagelyk in tanimmende belangstelling foar it eigen ferline. Sir Walter Scott wurdt as grûnlizzer fan it sjenre beskôge. Hy lei as earste it ferbân tusken dwaan en tinken fan personaazjes en de tiid wêryn't hja libben.
Foarbylden
- Ivanhoe (1820), Walter Scott
- Notre-Dame de Paris (1831), Victor Hugo
- Les Trois Mousquetaires (1840), Alexandre Dumas père
- The Last of the Mohicans (1826), James Fenimore Cooper
- De leeuw van Vlaanderen (1838), Hendrik Consciënce
- I Claudius (1934) en Claudius the God (1934), Robert Graves
- Het huis Lauernesse (1840) en de Leicester-rige (1846-1855), Bosboom-Toussaint
- De roos van Dekema (1836) en Ferdinand Huyck (1840), Jacob van Lennep
- De Schaapherder (1838) en Het slot Loevestein(1834), Jan Frederik Oltmans
- De scharlaken stad (1952) en Eeen nieuwer testament (1966), Hella Haase
- De zwarte met het witte hart, Arthur Japin
- Joerij Miloslavski of de Russen yn 1612, Michail Zagoskin (1789-1852, Ruslân), De Russyske Walter Scott.
- Ferskate romans fan Scottist Iwan Lažečnikov (1792-1869, Ruslân)
Yn Fryslân
Sjoch ek