Willem de Klerk

Willem de Klerk
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Guillaume le Clerc
echte namme Guillaume
nasjonaliteit Naamsk (?)
berne ±1280
stoarn ?
etnisiteit Waalsk (?)
wurk
taal Aldfrânsk
sjenre ridderromans
perioade Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Roman de Fergus
jierren aktyf ±1200
offisjele webside
n.f.t.
Dizze side giet oer de skriuwer fan 'e Roman de Fergus. Foar de skriuwer fan 'e Bestiaire Divin, sjoch: Willem de Klerk fan Normandje.

Willem de Klerk, yn it Frânsk: Guillaume le Clerc, wie in trettjinde-iuwsk Frânsk skriuwer en dichter, waans iennichste oerlevere wurk de ridderroman en Arthurleginde Roman de Fergus is, dêr't letter it Midnederlânske wurk Ferguut op basearre waard (Fryske oersetting: Fergút). Hy moat net betize wurde mei Willem de Klerk fan Normandje, dat in hiel oar Aldfrânsk skriuwer wie. Willem de Klerk wie in neifolger fan Chrétien fan Troyes, de earste dichter fan aventoerlike romans.

Om't syn identiteit net mei wissichheid fêststeld wurde kin ("de klerk" is net in efternamme mar in beropsoantsjutting; en Willem/Guillaume is in foarnamme dy't withoefolle foarkomt), wit men ek net krekt wannear't er libbe hat, behalven dan dat it om 1200 hinne west hawwe moat. Op grûn fan syn taalgebrûk en kontinintale toponimen ("Namur" en "Dinant") wurdt gauris tocht dat er ôfkomstich wêst hawwe moat út it greefskip Namen of it prinsbisdom Luik, yn 'e súdlike Nederlannen. In oare teory is dat er in Skoto-Normandiër wie, dat wol sizze in Skot fan Normandysk komôf.

De haadpersoan fan syn roman, Fergus, is frijwol wis basearre op 'e Fergus dy't yn 'e midden fan 'e tolfde iuw as kening oer it Súdskotske Galloway regearre. It is dêrom wol suggerearre dat it wurk besteld wie troch Alan fan Galloway foar syn brulloft, yn 1209, mei't Alan in neikommeling fan dy Fergus wie. In saakkundige op dit mêd, Beate Schmolke-Hasselmann, wiist dit ûntstean fan 'e roman ôf en wol ynstee hawwe, hy soe besteld wêze troch Dervorguilla, erfdochter fan Galloway, en har man, Jan I fan Baliol, om 'e oanspraak op 'e Skotske troan, dy't harren soan Hugh urven hie fan syn foarfaar Fergus Mor mac Eirc, krêft by te setten. Hjirtroch soe de Roman de Fergus fan letter datum wêze, tusken it houlik fan Dervorguilla en Jan, om 1223 hinne, en Jan syn dea yn 1268 (mar wierskynliker tusken 1237 en 1241).

D.D.R. Owen, dy't it talike dat de skriuwer in yntime kennis hie fan 'e wichtichste figueren en foarfallen ûnder it regear fan 'e Skotske kening Willem de Liuw (reg. 1165-1214), brocht de mooglikheid nei foarren dat Willem de Klerk eins Guillame Malveisin wie, in Frânsman dy't yn 'e 1180-er jierren yn Skotlân arrivearre en dêr as keninklike klerk tsjinne. Yn dit senario soe de Roman de Fergus koart nei 1200 skreaun wêze. Mar de skriuwer soe ek de Guillaume de Bois (of Guillaume de Bosco of Guillaume de Bosch) wêze kinne dy't klerk wie yn 'e keninklike kapel yn 1193 en kânselier fan 1210 oant 1226.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!