Ridderromans binne gjin romans yn 'e moderne sin fan it wurd, mar lange, op rym sette ferhalen yn 'e folkstaal út in tiid dat de hegerein (dêr't eins in elk dy't doe skriuwe koe ta hearde) oer it algemien noch it Latyn brûkte om him yn út te drukken. De stof fan sa'n ridderroman is gauris fertaald en bewurke fan in oarstalich orizjineel (copyright bestie yn 'e Midsiuwen noch net). De ferhalen waarden foardroegen oan 'e aadlike hôven fan West-Jeropa, en wiene tige populêr. Letter, om 'e ein fan 'e fyftjinde iuw hinne, ûntstiene der op it Ibearysk Skiereilân de earste echte ridderromans yn 'e moderne sin fan it wurd, dêr't Tirant lo Blanc (1499) en de ferneamde parody Don Quichot (1605) de bekendste fan binne.