Wilmink waard yn 1936 berne oan de Javastrjitte yn Ynskedee yn in sosjalistyske húshâlding. Syn heit wie prokuraasjehâlder yn de tekstyl. Yn 1954 helle er syn gymnasiumeksamen, wêrnei't er Nederlânsk studearre oan de Universiteit fan Amsterdam. Neidat er syn kandidaatsbewiis hie studearre er Skiednis. Wyls skreau er syn earste gedichtn al. Hy brocht syn wurk út yn de "Almanak van de vereniging USA" en skreau tekssten foar it studintetoaniel "La Pie Qui Chante" (De Sjongende Akster). Yn 1960, it lêste stúdzjejier, waard hy learaar oaan it Vossius Gymnasium yn Amsterdam.
Learaar en wittenskipsman
Fan 1961 - 1978 joech er les yn Moderne Letterkeunde oan it Ynstitút foar Neerlandistyk fan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hie dêr yn syn jeugd trekzakles hân, en trede dêrmei op by de feestjûnen fan syn fakgroep, wêrby't hy jankfodden song, of bewurkings fan Midsiuwske lieten. Hy sette "Beatrys" om fan it Middel-Nederlânsk nei it Moderne Nederlânsk. Yn 1988 promovearre hy oan de Katolike Universiteit Brabân mei in stik oer it dichwurk fan Hendrik de Vries. Fierders stie er bekend om syn wurk as literatueroersetter, mei ûnder mear wurk fan Emily Dickinson en W.H. Auden. Mei help fan oare Nederlânsk-gelearden sette er it bekende ferhaal fan de Ierske hilligen Brendaan oer. Hy skreau in tal beskôgings oer de Midsiuwen, die mei oan de bondel mei as namme Mijn Middeleeuwen. Ek skreau hy skiedkundige artikels oer kattedrollen, en de skiednis en komôf fan it Belgyske bier.
Skriuwwurk
Sûnt 1965 skreau er gedichten, opstellen, lietsjes en ferhalen foar de literatuerblêden "Tirade", "Maatstaf" en "De Revisor". Yn 1966 begûn syn literatuerrinbaan mei "Brief van een Verkademeisje". Fan 1968 - 1970 wie er dichtkeunstkritikus foar deiblêd "De Tijd" en fan 1971 - 1977 wie er redakteur fan it blêd "Spektator".
Mei Hans Dorrestijn, Karel Eykman, Ries Moonen, Fetze Pijlman en Jan Riem foarme hy yn 1970 de groep dy't skreau foar ferskate telefyzjeprogrammas lykas "Het Klokhuis", "De Film van Ome Willem", "Sesamstraat", "J.J. De Bom voorheen De Kindervriend" en "Kinderen voor kinderen". Ek skreau er folle foar musicals. Yn 1978 rjochte er him folslein op it skriuwen fan teksten en hy sette him ta wenjen yn Kapelle oan de Isel. Oant syn dea skreau Wilmink op in typmasine want fan de kompjûter woe er neat witte. Sûnt 1979 joech er ek in tal jierren les oan de Lytskeunstakademy fan Amsterdam
Optreden en lietsjes
Mei syn begeliedingsgroep Quasimodo trede er yn de 90er jierren op wêrby't er trekzak spile. Syn lietsjes binne in soad brûkt troch oaren, lykas Herman van Veen (Hilversum 3, De bom valt nooit), Wieteke van Dort (Arm Den Haag), Joost Prinsen (Frekie) en kabaretgroep Don Quishocking (De Oude School)". Harry Bannink en Frank Deiman hat by in soad fan syn teksten muzyk betocht.
Ferskaat
Wilmink hat in soad Berneboeken skreaun. Earder skreau er mear foar folwoesenen, mar rjochte him letter mear op bern. Hy skreau gedichten en ferhalen foar folwoeksenen en foar bern, teksten foar kabaret en telefyzje, nen koers oawer wo a'j gedichtn skriewn munn, bewurkings fan âlde teksten lykas De reaize van Sunte-Brendaan út de 12e iuw, en hy ferklearre it Wilhelmus. Sette ferskate teksten, gedichten en boeken om út it Dútsk, Ingelsk, Frânsk en it Súd-Afrikaansk.
Twinte
Wilmink wie tige wiis mei Twinte. Hy is dêr hikke en tein en ek ferstoarn. Lange tiid hâlde er ek yn Hollân ta, mar op lettere leeftiid wie er graach werom. Hy begûn ek yn it Twintske te skriuwen. Yn it kupersdieks, sa't er it sels neamde. Dy waarden letter bondele yn it wurk Heftan tattat! (24 gedichtn yn it Stedsdialekt):
Op nen dag
Op nen dag dreenk iej gin Grolsch mear...
loop iej nich mear deur de stad.
Al oew' wille en al oew hartzear
he'j dan had.
Stichting Willem Wilmink Festival
Yn 2008 is de Stichting Willem Wilmink Festival oprjochte. Dizze stichting organisearet fan 2009 ôf it Willem Wilmink Festival en rikt sûnt 2010 de Willem Wilminkpriis út, in priis foar it bêste berneliet. De earste edysje fan de priis is wûn troch tekstskriuwer Ted van Lieshout mei it liet Opa.