Willem Hardorff

Willem Hardorff (Ljouwert, 8 maart 1815 – Ljouwert, 24 septimber 1899) wie in oargelbouwer.

Wurkpaad

Willem Hardorff wie de soan fan boekbiner Hans Hardorff en de pakesizzer fan Matthijs Hanssen Hardorff (1747-1802), dy't grutfeint wie fan de bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. Willem Hardorff krige ûnderrjocht fan Van Dam. Yn 1843 nimt er de oargelmakkerij fan Wilhelmus van Gruisen (1788-1843) oer. Hy makke en ûnderhâlde oargels foar tsjerken yn fral Fryslân. Willem Hardorff hie ek learlingen, ûnder oaren de oargelbouwers Fokke Bakker en Arjen Timmenga fan Bakker & Timmenga. Yn 1880 ferkocht er it bedriuw oan Johan Frederik Kruse.

Oargels fan Hardorff (karút)

Oargel yn de tsjerke fan Menaam
Plak Tsjerke Jier
Baaium Herfoarme tsjerke 1860
Britsum Herfoarme tsjerke 1862
Deinum Herfoarme tsjerke 1865
Iens Herfoarme tsjerke 1860
Ealahuzen Herfoarme tsjerke 1865
Frjentsjer Grifformearde tsjerke 1854
Gauw Herfoarme tsjerke 1862
Hantum Sint-Martinustsjerke 1876
Ysbrechtum Herfoarme tsjerke 1867
Itens Herfoarme tsjerke 1876
Kimswert Herfoarme tsjerke 1858
Kûbaard Herfoarme tsjerke 1856
Menaam Herfoarme tsjerke 1861
Easterein Martinytsjerke 1870
Easterlittens Herfoarme tsjerke 1867
Aldskoat Skoattertsjerke 1871
Wânswert Petrustsjerke 1877
Winsum Herfoarme tsjerke 1875

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!