Taalkundigen binne fan betinken dat it Wappo wierskynlik yn 'e fierte besibbe is oan in oare lytse útstoarne taal fan noardlik Kalifornje, it Jûky (Yuki). De beide talen foarmje mei-inoar de saneamde Jûkiaanske taalkloft. Mooglik binne se yn it twadde milennium f.Kr. útinoar gien. Letter hat it Wappo dúdlike ynfloeden ûndergien fan earst it Pomo, en letter it Spaansk.
Taaleigenskippen
It Wappo hat in alfabet fan 35 letters: a, c, c’, č, č’, e, h, i, k, kʰ, k’, l, l’, m, m’, n, n’, o, p, pʰ, p’, s, š, t, tʰ, t’, ṭ, ṭʰ, ṭ’, u, w, w’, y, y’ en ɂ. Der binne fiif fokalen: a ([a], lykas yn 'kap'), e ([e:], lykas yn 'bleek'), i ([i], lykas yn 'wyt'), o ([ɔ], lykas yn 'hok') en u ([u], lykas yn 'rûch').
De konsonanten h, k, l, m, n, p en s hawwe de gongbere útspraak. De c [ʦ] is de ts fan 'tsiis'; de č [ʧ] is de tsj fan 'tsjerke'; de š [ʃ] is de sj fan 'sjippe'; de w [w] is de w fan 'skowe'; de y [j] is de j fan 'jas'; en de ɂ [ʔ] is de glottisslach, it lûd tusken de gelikense fokalen yn wurden as 'Aäron' en 'koöperaasje'. It Wappo hat twa foarmen fan 'e t, de dintale t [t], dy't hielendal foaroan yn 'e mûle útsprutsen wurdt, en de alveolêre ṭ [t̺], dy't fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt
Fierders binne der alve konsonanten dy't folge wurde troch troch in glottisslach, en skreaun wurde mei in apostrof. Teffens binne der fjouwer aspirearre konsonanten, wêrby't de haadklank folge wurdt troch in licht h-ke (bekend fan 'e Grinslânske útspraak "Marthinithoren"). Aspiraasje wurdt yn it Wappo werjûn troch in h yn superskrift oan 'e betreffende letter ta te foegjen.
Dêropta kamen de konsonanten d [d], f [f], g [ɡ] (g fan 'goed'), r [r] en r’ [rʔ] foar yn lienwurden dy't it Wappo oernommen hie út it Spaansk.
It Wappo-alfabet
A a
C c
C’ c’
Č č
Č’ č’
E e
H h
I i
K k
Kʰ kʰ
K’ k’
L l
L’ l’
M m
M’ m’
N n
N’ n’
O o
P p
Pʰ pʰ
P’ p’
S s
Š š
T t
Tʰ tʰ
T’ t’
Ṭ ṭ
Ṭʰ ṭʰ
Ṭ’ ṭ’
U u
W w
W’ w’
Y y
Y’ y’
Ɂ ɂ
Dialekten
It Wappo hie fiif dialekten: Russian River-Wappo (ek wol Westlik Wappo neamd), Noardlik Wappo, Sintraal Wappo, Súdlik Wappo en Clear Lake-Wappo. Dêrfan waarden de earste fjouwer op in klútsje yn 'e Alexander-delling sprutsen, wylst it Clear Lake-Wappo sprutsen waard yn in eksklave oan Clear Lake.