It wapen fan De Waadhoeke waard ûntwurpen troch in spesjale kommisje, dy't der moannenlang mei dwaande wie. Foar de gemeente wie fan grut belang dat dêrby ynbring út 'e gemeente sels wie.[4] De kommisje bestie út: Manon Borst, direktrise fan it Museum Martena yn Frjentsjer, Ali Bronger, sekretaris fan 'e Stichting Bildts Aigene, Jan Folkerts, earder gemeentesekretaris fan Littenseradiel en kenner fan 'e skiednis fan noardwestlik Fryslân, Jan Metzlar, argivaris fan De Waadhoeke en dêrfoar fan 'e eardere gemeente Menameradiel, en Piet Bultsma, heraldysk tekener fan 'e Hege Ried fan Adel yn De Haach.[3][4]
De eardere gemeente Menameradiel wie net yn it wapen fertsjintwurdige dat de Fryske Rie fan Heraldyk foar De Waadhoeke foarstelde, om't it symboal fan Menameradiel, de ienhoarn, troch de Rie as te grut beskôge waard om yn it eigentlike wapenskyld op te nimmen. Dêrom wie der foar keazen om in ienhoarn as skyldhâlder ta te foegjen oan de rjochterkant fan it wapenskyld.[5] De eardere gemeente Barradiel, dy't by de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn Frjentsjerteradiel opgie, wie krektsa fertsjintwurdige troch de seedyk, dy't as fuotstik fan it wapenskyld tafoege waard.[5]
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
↑——, Gemeentewapen Waadhoeke symboliseert waddengemeente, yn: de Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2020, s. 25.
↑ 2,02,12,2——, Eigenheid wapen: strakke kleuren in sfeer Waadhoeke-vlag, yn: van Wad tot Stad, 14 jannewaris 2020, s. 1.