Har sweager, de fariëtee-artyst Andy Mayo, wie dêr sa fan ûnder de yndruk dat er har frege om op te treden mei syn teäterselskip, The Mayo Brothers. Dêrnei brocht se trije jier troch op toernee troch de hiele Feriene Steaten, wêrby't se as sprekstâlmaster en oanjouwer fungearre foar "Pansy it Hynder" (de bruorren Mayo yn in hynstepak). Yn 1941, doe't se ûnderwilens de artystenamme Virginia Mayo oannommen hie, krige se in rol op Broadway, yn it toanielstikBanjo Eyes.
Karriêre
Troch dat optreden op Broadway waard de oandacht fan filmprodusintSamuel Goldwyn op Mayo fêstige. Mei't er djip ûnder de yndruk rekke fan sawol har skientme as har talint, bea er har in kontrakt oan as filmaktrise. Ien fan 'e earste lytse roltsjes yn in Hollywood-film hie se yn 'e kaskreaker Jack London (1943). Dêryn spile ek har lettere man, akteur Michael O'Shea, mei wa't se op 'e set yn 'e kunde kaam. Har earste haadrol hie Mayo yn The Princess en the Pirate (1944), as tsjinspylster fan komykBob Hope. Har meast súksesfolle wurkrelaasje wie lykwols mei in oare komyk, Danny Kaye, mei wa't se û.m. spile yn Wonder Man (1945), The Kid from Brooklyn (1946) en it grutte súkses The Secret Life of Walter Mitty (1947).
Yn 'e dramafilmThe Best Years of Our Lives (1946) spile Mayo de deune en ynklauwerige Marie Derry, wêrmei't se folslein yngie tsjin it stereotype byld dat der fan har ûntstien wie. Lykwols wie de film in grut súkses: hy wûn njoggen Oscars, wêrûnder dy foar bêste film, en hy brocht de grutste winst binnen fan alle films yn Hollywood sûnt Gone with the Wind (1939). Oan 'e ein fan 'e 1940-er jierren, op it hichtepunt fan har rom, waard Mayo beskôge as it toanbyld fan 'e tsjeppe Hollywood-aktrise; neffens in rûnom publisearre ferhaal soe de doetiidske sultan fan Marokko, Mohammed VI, sein hawwe dat har skientme it bewiis wie fan it bestean fan God.
Tsjin 'e 1960-er jierren wie Mayo har populariteit flink belune, hoewol't dat har der net fan wjerhold om troch te gean mei aktearjen. Feitliks wurke hja troch oant 1997, doe't hja 77 jier wie. Ien fan 'e lêste promininte rollen fan harres spile se yn 'e film Fort Utah, út 1967. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren hie Mayo noch ferskate gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Love Boat, Remington Steele, Murder, She Wrote en de soapsearjeSanta Barbara. Mayo wie ien fan 'e earste Hollywood-akteurs dy't in stjer krigen op 'e Hollywood Walk of Fame oan Hollywood Boulevard.