Bestjoerlik heart it Tsjûkotka-skiereilân ta it autonome gebiet Tsjûkotka. Hoewol't Russyske kolonisten der no yn 'e mearderheid binne, wurdt it gebiet fan âlds bewenne troch ferskate lânseigen folken, wêrûnder de Tsjûktsjen (dêr't it nei ferneamd is), de SibearyskeInûyt en Tsjûvanen. Dy libben dêr tradisjoneel fan 'e fiskerij en de rindierhâlderij.