Tony Joe White (Oak Grove, Louisiana, 23 july1943 - Franklin (Tennessee), 24 oktober2018) wie in Amerikaanske sjonger, lietsjesskriuwer en gitarist dy't it meast ferneamd waard fan syn hits út 1969Polk Salad Annie en Rainy Night in Georgia. Hy wie de skriuwer fan "Steamy Windows", in hit foar Tina Turner yn 1989. "Polk Salad Annie" waard ek opnaam troch Elvis Presley en Tom Jones. White waard wurdearre fanwege syn typyske lege stimlûd. Hy wie in fertsjintwurdiger fan de saneamde Swamp Music ('Sompemuzyk'). White hie in eigen muzyklabel: Swamp Records.
Biografy
Jonkheid
Tony Joe White wie de jongste fan sân bern en libbe op in katoenplantaazje yn Oak Grove, Louisiana yn syn bernejierren. Syn earste optredens wiene by skoalfeesten en nei 't er klear wie mei de High school spile er yn nachtklups yn Texas en Louisiana. Yn 1968 ferhuze er nei Nashville.
Karriêre
White syn earste album, Black And White, waard opnaam mei David Briggs, Norbert Putnam en Jerry Carrigan; op dat album stiet it wrâldferneamde nûmer Polk Salad Annie en de cover Wichita Lineman fan Jimmy Webb. Soul Francisco wurdt in hit yn Frankryk. Ein septimber 1973 waard White troch produsint Huey P. Meaux frege om mei te dwaan oan de Memphis sessys (dy't trije dagen duorre) en sa ûntstie it ferneamde album Southern Roots fan Jerry Lee Lewis. Carl Perkins, Mark Lindsay (dy fan Paul Revere and the Raiders, Wayne Jackson en de Memphis Horns dienen ek mei oan de sessys, lykas ek Booker T. & the M.G.'s nei trije jier wer mei-inoar spilen.
Yn de jierren 70 en 80 toerde White mei Creedence Clearwater Revival en James Taylor. Yn Jeropa waard White bekend troch syn livedebút op it Isle of Wight Festival yn Ingelân dêr't ek in Jimi Hendrix optrede. Neidat White yn 1991 de cdCloser to the Truth makke hie, toerde er yn de mande mei Eric Clapton en Joe Cocker. Yn 1993 kaam it album Path Of A Decent Groove út en yn 1995 Lake Placid Blues. De lêste cd krige twa nominaasjes foar "Best R & B Album" by de Nashville Music Awards.
1999 gie White werom nei syn woartels en makke yn Louisiana One Hot July. De cd waard wer goed ferkocht. In toernee troch Austraalje en Jeropa folge. Yn 2008 spile White, hy wie doe 65 jier, yn wer in Europeeske toernee, yn Paradiso yn Amsterdam en die ek mei oan in cd fan Susan Tedeschi.
Tony Joe White stoar yn de âldens fan 75 jier oan in hertoanfal yn Leiper's Fork krekt bûten Franklin, Tennessee.