Tiny Terpstra-Sluyter (Snits, 4 septimber 1945 – Wommels, 3 novimber 2015)[1] wie in Frysk keunstskilderesse út Wommels. Se folge opliedingen skilderjen oan 'e Folksuniversiteit yn Utert en oan 'e Rietveld Akademy.
Bûten lânskippen en stillibbens fan deistige foarwerpen makke Terpstra-Sluyter ek in rige skilderijen fan Fryske hynders. Fierders skildere hja portretten fan sjongers as Elvis Presley en James Dean.