Tamyls

Tamyl famkes yn Kalmunay, Sry Lanka
Tamyl yn it heechlân op Sry Lanka by it teeplukken

De Tamyls binne in befolkingskloft yn Súd-Indiaaske steat Tamyl Nadu, Sry Lanka, Singapore en Maleizje, alsmede inkele westerske lannen. Hja sprekke it Tamyl, in Dravidyske taal. Yn de hiele wrâld wenje om-ende-by 77 miljoen Tamyls[1].

Religy

It meastepart fan de Tamyls is hindoeïstisch. Minderheden foarmje moslims en kristenen, en in relatyf lytse mannichheid jaïnisten.

De Tamyl-fariant fan it Hindoeïsme hat, lykas oare lokale farianten inkele ferskillen. De populêrste god is Murugan, dy't wierskynlik deselde is as Karthikeya, de soan fan Shiva, mar dy't likegoed oarspronklik in oare god hat wêze kind en in lokale figuer ferfongen hat. It oanbeane fan Amman of Mariamman, dêr't fan tocht wurdt dat dy ôflaat is fan in memmegodin út de âldheid, is ekk wiidfersprat. Kannagy, de held út it epos Silappatikaram wurdt ûnder de namme Paṭṭiny oanbean, fral op Sry Lanka. Dêrneist wurde ek de gewoane hindoe-goaden troch in protte minske oanbean.

Wichtichste Tamyl-feesten binne Pongal, in eachstfeest dat yn het midden fan jannewaris hâlden wurdt, en Puthandu, it Tamyl Nijjier midden yn april. Fierder is ek it festival Diwali wichtich en binne der in protte oare, benammen pleatslike religieuze feesten.

Sry Lanka

De Tamyls op Sry Lanka wurde yn twa kloften ferdield. Der binne Sry Lankaanske Tamyls, de oarspronklike Tamyls fan Sry Lanka dy't ôfstamje fan de Tamyls fan it âlde keninkryk Jaffna, en der binne Indiaaske Tamyls, dy't letter troch de Britten fan India út oerbrocht binne nei Sry Lanke om op de teeplantaazjes te wurken. Dy lêste kloft wennet haadsaaklik yn de Sintrale Provinsje. De Sry Lankaanske Tamyls wenje meast yn de Noardlike- en Eastlike Provinsje. It meastepart fan de Tamyls binne hindoeïstysk en in minderheid kristlik. Hoewol't de Tamyls mar 18% fan de hiele befolking op Sry Lanka útmeitsje, is it in groep mei in sterke eigen identiteit.

De Tamyls op Sry Lanka stribje nei in eigen steat, dat Tamyl Eelam neamd wurdt. De wichtichste organisaasje dy't al trije desennia foar in eigen steat fjochtsje binne de Tamyltigers.

Maleizje

In grut part fan de Indiaaske Maleizjers is fan Tamyl komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Vistawide - World Languages & Cultures: "Top 30 languages of the world"

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!