Mei in oerflak fan 490 km² is it de grutste berchmar fan Noard-Amearika, en mei in wetterfolume fan 150 km³ befetsje yn 'e Feriene Steaten inkeld de Grutte Marren mear wetter. It djiptegemiddelde bedraacht 300 m, mei in djipste punt op 501 m ûnder it wetteroerflak. Dêrmei is de Tahoemar de op ien nei djipste mar yn 'e Feriene Steaten, nei de Kratermar yn Oregon (mei in djipte fan 594 m). It is ek de op sechstjin nei djipste mar yn 'e wrâld en de op fiif nei djipste wat djiptegemiddelde oangiet.
De Tahoemar wurdt fet troch 63 rivierkes en beken, dy't in ôfwetteringsgebiet hawwe fan 1.310 km². Dat bestiet foar it meastepart út nasjonale wâlden ûnder it behear fan 'e United States Forest Service. It wetter ferbliuwt trochinoar 650 jier yn 'e Tahoemar ear't it der ta'n út streamt. Dat kin inkeld fia de rivier de Truckee, dy't nei it noardeasten giet en troch de stêd Reno (Nevada) streamt. Uteinlik bedarret it wetter dan yn 'e Pyramidemar (Pyramid Lake), yn Nevada, dy't gjin útstream hat. Dy mar leit yn 'e midden fan 'e woastyn dêr't it wetter ferdampt. De Truckee fiert mar likernôch in trêdepart fan it wetter út 'e Tahoemar ôf; in folle grutter diel, nei gedachten sa'n 40–60%, ferdampt ienfâldichwei foar't it ea ta de mar útstreame kin. De ôffier fia de Truckee, en dêrmei it wetternivo fan 'e Tahoemar, wurdt regele troch it iepen- of tichtdwaan fan 'e Tahoemardaam yn 'e bopperin fan 'e Truckee.
De Tahoemar waard likernôch twa miljoen jier lyn foarme as ûnderdiel fan 'e Tahoemardobbe. De hjoeddeistige grutte waard letter bepaald troch de wurking fan gletsjers yn ferskate iistiden. Tsjin 'e tiid dat de earste blankeûntdekkingsreizgers de omkriten fan 'e Tahoemar berikten, waarden dy kontreien bewenne troch de Wasjo (Washoe), in Yndiaanskfolk dat in Hokaanske taal sprekt. Harren toponym foar de mar, Dáʔaw waard yn it Ingelskferbastere ta Tahoe.
De namme Lake Tahoe waard net daliks troch eltsenien akseptearre. Sa kwalifisearre de ferneamde skriuwerMark Twain it as "in ûnmuzikale beneaming". Hy skreau yn 1864 yn in stik yn 'e krante de Territorial Enterprise út Virginia City (Nevada) dat Lake Bigler de legitime namme fan 'e mar wie en dat bliuwe soe oant der "de iene of oare namme útfûn wurdt dy't minder toandôf, smakeleas en sullich is as 'Tahoe'." De Mountain Democrat, in krante út Placerville yn Kalifornje, fersprate mei opsetsin in ûnwier geroft dat 'Tahoe' eins de namme wie fan in Yndiaanske opstanneling dy't it foarsjoen hie op goed kristlike kolonisten. It Steatskongres fan Kalifornje naam yn 1870 in resolúsje oan dat de mar Lake Bigler hiet. De Amerikaanske federale oerheid hold lykwols hoek en tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw neamde hast eltsenien de mar Lake Tahoe. Pas yn 1945 feroare it Steatskongres fan Kalifornje de namme fan 'e mar formeel yn Lake Tahoe.
Sels yn 'e heechtijdagen fan 'e sulverminen waard de Tahoemar al brûkt foar ferdivedaasje. Sa waard Tahoe City yn 1864 stifte as in soarte fan fakânsjeoard foar de ynwenners fan Virginia City. Doe't letter de wurdearring foar de natoerskientme fan 'e mar en omkriten groeide, waard yn 1912, 1913 en 1918 om 'e nocht troch party leden fan it Amerikaanske Kongres besocht om it gebiet út te roppen ta in nasjonaal park. Yn dyselde snuorje waard yn 1913 de Tahoemardaam yn 'e rivier de Truckee oanlein, sadat de mar brûkt wurde koe foar wetteropslach.
De toeristyske sektor is tsjintwurdich fierwei it wichtichst foar it ûnderstypjen fan 'e ekonomy yn 'e omkriten fan 'e Tahoemar. Simmerdeis wurdt der in protte dien oan wettersport op 'e mar: silen, wynsurfen, swimmen en it beriden fan jetskys. Ek binne der in protte paden troch it lân fan 'e Tahoemardobbe, dêr't men kuierje, berchfytse en motorride kin. By 't winter stiet it gebiet bekend om syn mooglikheden foar wintersport. Sa binne der in grut tal resorts mei skypystes dêr't men skye en snowboarde kin. Deselde paden dêr't by 't simmer kuiere en fytst wurde kin, wurde by 't winter brûkt foar skyrinnen. Ek kin men derop útgean op sniescooters. Reedriden is lykwols net mooglik, mei't de Tahoemar nea tichtfriest. It hiele jier rûn binne oan 'e eastkant fan 'e mar, yn Nevada, de kasino's iepen, dêr't men net inkeld gokke kin, mar dêr't ek oare ferdivedaasje bean wurdt, lykas optredens fan artysten.
Tahoe Tessie
Krekt as yn Loch Ness yn Skotlân soe der him yn 'e Tahoemar in meunster beskûlhâlde, dat de flaainammeTahoe Tessie krigen hat (rymt op Nessie, de flaainamme foar it meunster fan Loch Ness). De sichtberens wurdt op it wetter fan 'e mar bytiden wat behindere troch atmosfearyskerefraksje. As de temperatuer fan 'e lucht folle heger is as de wettertemperatuer, kin it foarkomme dat it wetteroerflak of de foaroerlizzende igge boppe de hoarizon úttild wurdt. Der wurdt sein dat sokke fata morgana's skoan ris ferantwurdlik wêze kinne soene foar waarnimmings fan Tahoe Tessie. Nei de miening fan guon lju is Tahoe Tessie lykwols inkeld in optinksel fan 'e toeristyske yndustry om 'e mar hinne, in gimmick om mear toeristen te lûken.